Eelkje Poppes

Ut Wikipedy
Eelkje Poppes
troch Willem Bartel van der Kooi

Eelkje Poppes (De Lemmer, 9 febrewaris 1791 - Ljouwert, 20 septimber 1828) wie in gelegenheidsdichteresse.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy wie in dochter fan Poppe Jans Poppes (1747-1810) en Antje Annes Visser (1758-1832). In 1814 ferskynde in bondeltsje mei trije gedichten fan har: Eerstelingen aan mijn vaderland, foarôfgien troch in lofdicht fan har oansteande man. Dizze patriottysk-orangistyske ferzen skreau hja nei oanlieding fan de delfal fan Napoleon en it fuortgean fan de Frânsken út Nederlân ein 1813. Op 22 juny 1815 troude Eelkje Poppes yn De Lemmer mei Christianus Petrus Eliza Robidé van der Aa (1791-1851), advokaat, letterkundige, dichter, dy't doe gemeentesekretaris fan Lemsterlân wie. Sy krigen acht bern; dêrfan waarden trije dochters folwoeksen.

It pear gong yn 1818 nei Ljouwert en festige har yn it hûs dat no it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum is. Eelkje wie dêr fan 1822-1826 fâd fan it Nieuwe Stads Weeshuis [1] . Eelkje Poppes hat nei har Eerstelingen neat mear publisearre. It skynt dat sy noch wol in stikmannich bernegedichtsjes skreaun hat. Eelkje Poppes stoar mei 37 jier. De tinkstien dy't har man oanbringe liet yn de muorre fan de tsjerke yn Huzum neamt net allinne har dea, mar ek dy fan ‘vijf onzer kinderen’. En yn fers fan fjouwer rigels betinkt er it ‘aards geluk’ dat sy ‘meer dan dertien jaar’ dielden.

Publikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eerstelingen aan mijn vaderland (Snits, 1814).

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. List fan fâden Nieuwe Stads Weeshuis