Springe nei ynhâld

Wikipedy:Oerlisside/Argyf8

Ut Wikipedy

Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf8, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 8 jannewaris 2007 oant en mei 6 oktober 2007 .


Nij oansjen foar de haadportalen

Theun en oaren wurkje ideeën út foar in nije haadside en oan in Nij meidoggerportaal. Mysha

Ik haw de side werneamd nei Wikipedy:Haadside_Nij, om't wy it mei syn allen oanpakke. Ik haw it oerlis oan't no ta dêr ek mar besocht byinoar te krijen. Ik tink dat it it bêste is it oerlis oer de Haadside dêr te hâlden. Theun 8 jan 2007, 19.22 (CET)[beäntwurdzje]

Ik wit net hoe't it sa kaam is, mar ik sjoch hielendal gjin side op Wikipedy:Haadside_Nij. Hm, faaks wit ik it al: Moat dy oerlisside Oerlis:Wikipedy/Haadside Nij net Wikipedy oerlis:Haadside Nij wêze, om't it oars yn de ensyklopedy stiet? Soks koe ek mei de side sels bard wêze. Mysha

Sa better, in typysk gefal fan copy/paste en net fierder sjen at myn noas lang is. Theun 9 jan 2007, 12.47 (CET)[beäntwurdzje]

Bot flag request for User:TXiKiBoT

Hello, I'm eu:TXiKi, from the basque wikipedia, and I would like to ask you for a bot flag here to add and correcting interwiki links from and to West Frisian Wikipedia. I'm an admin user in the basque wikipedia (eu) and I have the bot flag in other 35 wikipedias. I work with the pywikipedia framework correcting the most linked pages as years, domains, municipalities, etc. This is the full list of the wikipedias where I have a flagged bot: am, an, ast, az, bat-smg, bpy, br, ca, co, csb, cv, es, et, eu, frp, ga, gd, gl, hy, it, ksh, lij, ln, nap, nds-nl, oc, ru-sib, scn, sk, sl, sq, ta, ur, vec and vls. I can speak in basque, spanish, catalan and english. Thank you. TXiKiBoT 21 jan 2007, 16.47 (CET)[beäntwurdzje]

Al as net oanmelde?

Ik wit net wat der is, mar wylst ik my yn in iene finster krekt wer oanmelde haw (ûnder it bewurkjen wurdt ik altiten ôfmelde), bliuwt it oare finster der oan fêst hâlde dat ik ôfmelde bin. Dat anonyme wurk oan Berlyn, dat wie ik dus. Mysha

Fandalisme

Rju achte allegear,

Wy ha no sûnt in pear dagen oerlêst fan fandalisten op 'e Fryske Wikipedy. As behearder haw ik de kar 'útslute of sa litte'. Theun hat yn it ferline eat sein oer skoallen, dat in fandalist ús wikipedy fersmoarget, fanôf in kompjûter dy't troch meardere persoanen brûkt wurd. As wy san brûker útslute, kin in oaren ien net mear fanôf dy kompjûter fan wikipedy gebrûk meitsje.

Myn útstel is; eltse meidogger dy ús wikipedy struktureel fersmoarget útslute.

Kening Aldgilles 25 jan 07 10:35 UTC

Der sitte fansels twa kanten oan de saak,
  • ynearsten wolle wy gjin beheinings fan it wurkjen oan de wikipedy, dat is wêrtroch minsken begjinne mei te helpen, mei beheinings krije wy gjin nije meidoggers.
  • wy wolle net dat siden fernielt wurde, en dat moatte wy yn de gaten hâlden en wêr wêromsette.
It blokkearen fan IP-addressen moat al sin hawwe. At in anonym foar it earst is in side fernield hat en hy is nei in 5 minuten wêr fuort, dan hat it net folle sin en slút him in pear oeren letter foar in wike út. Hy fernimt dêr neat fan.
In anonym dy't dwaande is in protte te fernielen, fansels fuortendalik blokkearre, mei in dei of soksawat.
Is in anonym yn tiid fan in pear dagen wêrom, dan is it fansels al saak om him út te slúten. Perioade wike, moanne ? Ik begjin meast mei in wike.
By dit lêste moatte wy fansels al skoallen yn de gaten hâlde. Mei RIPE kinne je dit somtiden wol útfine.
In útslúten IP-adres fan in skoalle soarget derfoar dat oaren op sa'n skoalle net meidwaan kinne.
Allinnich anonymen útslute soarget der wol foar dat minsken wol ynlogge kinne en sa meiwurkje kinne, dat moat altiten kinne.
Miskien is it ek in idee en set in berjocht op sokke siden fan dit is it IP-Address fan dy-en-dy skoalle, fandalisme wurd trochjoen oan de systeembehearder lykas op nl, sjoch bygelyks de side fan ús fandalist op John Lee Hooker hjoed [1]. Ik kin my yntinke dat dit leerlingen miskien tsjinhâld wat te dwaan.
IP-adressen altiten útslute giet my fiersten te fier en is tink ik net nedich. Theun 25 jan 2007, 17.57 (CET)[beäntwurdzje]
In probleem mei wat der op nl: dien wurdt is dat, troch dat byhâlden fan de probleemgefallen, eltsenien dy't fan dat adres in Wikipedy-side opropt hieltiid "Jo hawwe nije berjochten" yn byld krijt, en at er dat folget dy list fan feroarings sjocht. (Ik wurkje op sa'n skoalle; sadwaande.) Mysha
It byhâlden fan fandalisme op dy oerlisside moat dus net, dêr hawwe jo my fuortendalik fan oertsjûge, wy wolle de goeien dêr net mei lêstich falle. Ik hie my dit effekt noch nea realisearre ik hie altiten it idee dit allinnich sichtber wêze soe at je op de wikipedy saken oanpasse wolle. Wurdt hjir wol troch de moderatoren op :nl oan tocht? Mar in tekst dat dat IP-nûmer fan dy-en-dy skoalle is, en dat it net de bedoeling is om de saak te fernielen. Soe dat it fandalisme wat opkeare at men yn de gaten hat dat je dochs net sa anonym binne op it ynternet? Wat tinke jo dêrfan. Theun 1 feb 2007, 19.48 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden

Om't ik it idee haw dat de lêste tiid wat te folle ôfbylden oanbean wurde wêrfan nêt dúdlik is wat de boarne dêrfan is en at dy ôfbylden wol brûkt wurde meie op de wikipedy haw ik besocht dit earst mar wat dúdliker oan te jaan, mei de side Wikipedy:Ofbylden oanbiede.
Fierders wol ik eltsenien freegje dy't de lêste tiid ofbylden oanbean hat en dêr fierder neat by oanjûn hat, dit dêr dochs noch by te setten.
Ik bin ek fan doel om alle ôfbylden lâns te rinnen en dêrfoar te soargjen dat dit yn de oarder komt, want dit is wol belangryk om problemen yn de takomst foar te kommen. Of at der oaren binne dy't hjir ek oan mei helpe wolle, graach. Theun 12 feb 2007, 20.44 (CET)[beäntwurdzje]

Ik ha even in fraach oer ôfbylden. Hoe sit it mei bronfermelding op dit mêd? Is it mooglik om de namme fan in webside op te jaan by de beskriuwing fan in printsje? J'88 13 feb 2007, 18.04 (CET)[beäntwurdzje]
Elk printsje hat in eigen side dy't krekt as de oare siden te bewurkjen is (troch gewoan wyzigjen te selektearjen). Dêr kinne je dan ek oanjaan wêr at it printsje weikomt ensafuorthinne. Sjoch bygelyks Ofbyld:Fearboat Oerd.jpg. Theun 13 feb 2007, 19.01 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin wat stikken oer it Fierljeppen oan it skriuwen. No ha ik kontakt socht my de webstee fan de Hollânske Ljebbersboun, en dêr mocht ik wol wat printsjes fuort helje. Mar ken ik dan gewoan de webside by de beskriuwing delsette? J'88 13 feb 2007, 19.08 (CET)[beäntwurdzje]
Hawwe jo it stikje Wikipedy:Ofbylden oanbiede trochlêzen? It is belangryk dat jo tastimming hawwe fan de rjochthawwende, en dat is faaks de fotograaf. Dy moat it frijjaan ûnder beheinings op it fersprieden en oanpassen fan it materiaal.
Ik haw it koarte stik fan :nl oerset miskien is it ek handich en lês it hiele ferhaal dêr efkes troch. Ik bin ek net echt in ekspert op dit mêd, mar ik haw wol it doel om derfoar te soargjen dat de fryske wikipedy ek wat mear yn de pas rint mei de wikipedia regels. Theun 13 feb 2007, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]

Wikipedia in streektalen

Wikipedia is in onnoemelijk veel talen beschikbaar. Dat is mooi, natuurlijk, en ook erg leuk. Toch verbaast het me dat er zo veel streektalen bij zijn, zoals Catalaans, Iers, Luxemburgs en ook Fries. Nu zal ik de laatste zijn om dat te verbieden, maar het verbaast me wel een beetje.

Je hoopt immers in Wikipedia veel informatie te vinden en met anderen uit te wisselen. Dat gaat het beste als je allemaal dezelfde taal spreekt. De Friestalige Wikipedia bevat onvermijdelijk minder informatie dan de Nederlandstalige, en aangezien alle Friezen ook Hollands kennen, verwacht ik dat de Friezen de Hollandse Wikipedia veel interessanter vinden dan de Friese. Het gevolg is dat een Friese Wikipedia nauwelijks bestaansrecht heeft.

Hoe denken de Friese Wikipediagebruikers hierover?

(En inderdaad, ik ben zelf geen Fries. Niemand is volmaakt, zullen we maar zeggen. Maar ik vind het best leuk als mensen een eigen taal hebben.) 82.75.17.140 21 feb 2007, 10.52 (CET)[beäntwurdzje]

Fries is natuurlijk geen streektaal maar in minderheidstaal, maar je schrijft het zelf al: informatie vinden en uitwisselen. Zelfs al zou iedere Fries het Nederlands perfect beheersen en kunnen gebruiken voor dat vinden van informatie, dan nog zouden sommigen voor dat uitwisselen van informatie liever hun eigen taal gebruiken. Mysha

It is fansels ek in hollânsk idee om te tinken dat elts lân ien eigen taal hat. Hast yn elts lân is it hawwen fan in tal ferskillende talen hiel normaal.
De fryske wikipedy hat fansels besteansrjocht salang at der minsken binne dy't graach yn it frysk lêze en skriuwe meie. It ynternet jout der ek wer ekstra mooglikheden foar, dit is dêr ien fan. Boppedat is it ek sa dat de lytsere wikipedyen ek faak aardige siden opleverje dy nei oersetten wer op in grutter wikipedy telâne komme. Theun 1 mar 2007, 21.14 (CET)
(Het is natuurlijk een hollands idee om te denken dat elk land zijn eigen taal heeft. Bijna in elk land is het hebben van meerdere verschillende talen heel normaal. De friese wikipedie heeft natuurlijk bestaansrecht zolang er mensen zijn die graag fries willen lezen en schrijven. Het internet geeft daar ook weer extra mogelijkheden voor, dit is er een van. Bovendien is het zo dat de kleinere wikipedias toch ook vaak leuke artikelen opleveren die vertaald weer op de grotere wikipedias terechtkomen.)

Misschien ligt het aan mij, maar ik als Nederlander vind het wel interessant om ook eens wat in het Fries, Limburgs, Anglo-Saxisch of welke taal dan ook te lezen. Als je je best doet dan zijn deze (aan het Nederlands verwante) talen best te begrijpen. En zoals hierboven al werd gezegd is Fries natuurlijk geen streektaal. Streektaal betekent dialect, en Fries heeft een duidelijke gezamenlijke geschiedenis met het Engels. M.a.w. áls Fries al een dialect zou zijn, dan was het een Engels dialect en dat lijkt me zelfs voor de leek overduidelijk flauwekul. Hetzelfde geldt voor Iers, wat is een Keltische taal is en dus minder verwant met het Engels dan Zweeds met Nederlands. (Ik begreep in elk geval dat de starter van dit onderwerp Iers als Engelse streektaal bestempelde.)
Ik denk dat wanneer de topicstarter in zijn post de woorden "Nederlands"/"Hollands" vervangt door "Engels", en "Fries" door "Nederlands", hij/zij zelf het antwoord op de vraag wel kan invullen. 82.74.199.159 8 mar 2007, 13.59 (CET)

Haadside

Ik haw no foar trije moannen de nije rubriken Side fan de moanne en Wisten jo dat oanmakke. At der oaren binne dy't hjir ek ris wat oanmeitsje wolle, fiel jo frij. Ik wol eins net dat minsken tinke dat ik hjir allinnich útmeitsje wat op de haadside komt. Dat wol ik perfoarst net hawwe, ast efkes gjin ynspiraasje hast om in nije side te begjinnen of oer te setten of wat ek mar, sjoch ris rûn wat of wy hjir al hawwe en meitsje dizze rubriken foar de kommende moannen. Theun 1 mar 2007, 21.14 (CET)


It taalbestân fan dizze wikipedy

Hallo minsken,

As earste: goed wurk hear!

En no myn echte fraach:

Wy binne op 'e afûk dwaande mei in interne wiki. Fansels wolle wy dit ek yn it Frysk hawwe. No sitte der in protte fouten yn de Fryske mediawiki. Jim hawwe dizze fouten al ferwiderd foar dizze wikipedy. No soe it hiel moai wêze as wy dizze bestânen ek brûke meie, skeelt ús in soad wurk. Dus myn fraach is: Wêr kin ik dit krije?

As it net kin is fansels ek gjin probleem, dan doche wy it sels, mar it soe ús wol skele! --VincentBons 8 mar 2007, 13.34 (CET)

Neffens my kinne jo dy teksten gewoan brûke. Alle teksten binne lykwols in part fan de wikiynhâld. Jo kinne se fine by Wiki:Allmessages. As jo kieze foar PHP dan hawwe jo in list fan alle teksten. Hoe dy dan wer yn jo wiki-fersje te krijen, ik soe it net witte. It kin fansels wol tekst foar tekst, mar der sille fêst makliker manieren wêze.
Miskien dat it kin troch Import and Wiki:Export, mar ik bin eins net sa op de hichte mei de technyske details fan dit soarte saken. Theun 8 mar 2007, 21.49 (CET)
Ik haw it ris neifreegje, mar it ienichste liket te wezen dat immen de taaltriem bywurket. Mar der is gjin systeem makke om ús berjochten dêr yn te krijen, dat dat bart allinnich as immen tiid te folle hat, tink. Mysha
Danke wol. It komt sa wol goed, ik doch it wol my de hân, sa'n protte fouten binne it ek wer net.--VincentBons 21 mar 2007, 15.24 (CET)

Ropta

Hallo, Wy hawwe no in probleem by Mitselwier en Ropta. Beide skriuwe fan de famylje Ropta, oer de state en oer de mûne. Hoe kin dit gearbrocht wurde sûnder dat der gatten yn ien fan beide siden falle? Mysha

Ik sil der ris nei sjen. Theun 18 mar 2007, 10.20 (CET)

Wikizine / Lisinsjes foar ôfbylden

wikizine Lêste edysje (Ingelsktalig) / Ynskriuwe - Hawwe jo sels nijs? E-mail Wikizine of post it op de wiki

Ik wit net wa't ek de oare wiki's in bytsje folget om in bytsje op de hichte te bliuwen fan it nijs bûten de fryske wikipedy, Wikizine is wol geskikt om op de hichte te bliuwen. Dizze wiki stiet dêr neamt dat de foundation in pear útstellen dien hat foar it omgean fan ôfbylden op de wikipedia's.

Wol wichtich om efkes nei te lêzen. Ik hie hjir al in bytsje op rekkene en haw hjir de lêste tiid al wat mei oan de gong west mar der is noch wol wat te dwaan.
Wikizine is op himsels in nijsgjirrich bledsje om op de hichte te bliuwen. Theun 28 mar 2007, 19.07 (CEST)

Oef. Is der ek in oersetting yn gewoan Ingelsk? Mysha

borrel in Utrecht op 21 april a.s.

Zie deze aankondiging. Ellywa 3 apr 2007, 14.42 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht foar in dielside.

Wy hawwe no:

De Wikipedy hat ek in side [[{{{1}}}]].
De Wikipedy hat ek in side [[{{{namme}}}]].

Dit liket my ien tefolle. (Ik wit net of "Sjochek" sa'n handige oantsjutting is at wy foar gâns de siden ek seksjes "Sjoch ek" hawwe.) Mysha

Ik tink dat Kening Aldgilles dit oanmakke hat om't hy net wist dat Berjocht:Apart der ek al wie. Kin better ynmekoar skood wurde. Apart liket my it maklikste te brûken, de foarm makket my net safolle út. Miskien dat Kening Aldgilles hjir in foarkar hat? Theun 22 apr 2007, 20.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw Sjochek no nei Apart trochstjoerd. Mysha

Bot flag request for VolkovBot

Hello! I'd like to request a flag for this bot --VolkovBot 4 mai 2007, 22.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot docht it goed. Bot wie net al te drok sûnder status. Meidogger reagearret fluch. Botstatus jûn. Aliter 9 mai 2007, 03.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Fêste spaasjes op de foarside

Hallo, ik haw besocht om de problemen mei losrinde tekens oan de ein fan de regel te ferbetteren. mar it wol net. As ik de HTML-boarne fan de siden opfreegje, dan is it op de siden sels al goed. Mar at se ienkear opnaam binne yn de haadside dan binne it dêr yn de HTML-boarne wer gewoane spaasjes. Of is dat allinnich by my sa? Ik haw de siden bywurkje litten, mar ik wit net of IE dat dan ek wier docht. It is perslot IE. Mysha

It is wol oanpast (miskien noch in cache-probleem). At ik noch net ynlogd bin krij ik noch in net oanpaste haadside. Bin ik ynlogd dan binne de fêste spaasjes derfoar yn it plak kaam. En fansels brûk ik net IE mar de FFF (Fryske Fjoer Foks). Theun 8 mai 2007, 13.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Flagjes yn listen

Lêsten hat Kening Aldgilles al ris by in list fan lannen flagjes derby set. Dit wurdt op de oare wiki's ek wol gauris dien foar bygelyks listen mei sportútslaggen. Hjir hawwe se foar elk lân in apart berjocht makke dy't standert in flagje fan 20px sjen lit. De namme fan it berjocht is faak in trijeletter koade fan it lân in haadletters as mei derby flag.
No fyn ik it sels wol aardich, it jout wat mear fleur en yn listen faak ek wol wat mear oersicht yn hoe faak in bepaald lân (as persoan/ploech út dat lân) bepaalde wedstriden ensf. wûn hat.
Ik woe foarstelle om foar elk lân dan ek in lyksoartich berjocht oan te meitsjen as op :nl, allinnich de nammejouwing is der net hielendal konsekwint, dat kin by ús fansels better om't wy hjir (at it oan my leit) no pas mei begjinne. Mooglikheden :

  1. Berjocht: XXX
  2. Berjocht: XXX_flagge
  3. Berjocht: flagge_XXX
  4. Berjocht: flagge/XXX

(werby XXX de trijeletter koade fan it lân is yn haadletters)
Ik soe sels foar 3 kieze. Ik wie fan doel om ynkoarten dizze berjochten oan te meitsjen. Theun 13 mai 2007, 17.08 (CEST)[beäntwurdzje]

Oare Wikipedyen hawwe dit dien mei dat gegevens-berjochten, dy't it talitte Berjocht:Flagge te dwaan. Aliter 15 mai 2007, 01.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw it sjoen, mar dy hawwe dan wêr berjochten per lân wêr't gegevens fan dat lân byhâlden wurde, bygelyks de namme, offisjele namme en namme fan de flagge. Ik woe it ek net te yngewikkeld meitsje. At jo ideeën hawwe hoe at it better kin dan hear ik dat fansels graach. Theun 15 mai 2007, 21.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Fansels, mar dy oare gegevens hoege der no noch net by te stean. (Of dy kinne frij simpel oernaam wurde.)
Tink der al ris oer wat der moat mei de no histoaryske lannen as de Sowjet Uny en Joegoslaavje. En noch wat: At de flach feroaret, moatte gefallen dêr't de âlde flagge histoarysk sjoen goed wie dan ek meiferoarje? Aliter 16 mai 2007, 01.56 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik tink jo wolle it leaver oars hawwe, in apart berjocht flagge yn kombinaasje mei in gegevensberjocht. Ik woe it eins net yngewikkelder meitsje as it hoecht.
Foar histoaryske lannen is dêr fansels noch de list 3166-3 (teminsten foar Joegoslaavje / Sowjet Uny). At in flagge feroaret, mar it lân fierder net dan gewoan de nije flagge brûke, tenminste mei dizze berjochten, at dêr in âldere fersje fan de flagge brûkt wurde moat kin dat fansels altiten noch troch gewoan dy flagge dan yn te foegjen (at dy tenminste op commons as fy beskikber is fansels). Theun 16 mai 2007, 22.39 (CEST)[beäntwurdzje]

Redirekts

Ik soe eins wolris oandacht freegje wolle foar Redirekts. Wat soe hjir ferstannich wêze.

  • Safolle mooglik, yn sa folle mooglik talen en ferkearde spellings as mar kin om minsken mar by de goeie side te krijen?
  • Allinnich Redirekts fan Fryske synonymen en mei de echte namme yn de taal dêr't it út komt. Dus bygelyks net Engels, mar wol English. En dan ek net China, want Ingelsk of Nederlânsk is gjin offisjele taal fan Sina.

Ik haw sels in foarkar foar it lêste. Theun 22 mai 2007, 22.07 (CEST)[beäntwurdzje]

Net yn safolle mûglik talen fansels. It Poalske wurd foar Argentynje hat net folle te krijen mei in Fryske ensyklopedy. Wat dat China oanbelanget: Guon lannen hawwe in ynternasjonale namme definiearre foar harren lân. It soe kinne dat dit ek sa'n namme is. Mar goed, it kritearium is fansels at wy tinke dat minsken, dy't de tekst ek lêze kinne, dy namme sa yntikke sille. Aliter 24 mai 2007, 05.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynterwiki

Hawwe we ek in better manier foar de interwiki op dizze side, om't minsken wen't binne om in nij ûnderwerp underoan ta te heakjen, komme se altiten wêr tusken de ûnderwerpen yn te stean.

Ja, dy hawwe wy, mar guon bots dogge it oars. Aliter 24 mai 2007, 05.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Botvlagaanvraag voor SieBot

Hallo. Ik wil graag een botvlag vragen voor SieBot. Siebrand 24 mai 2007, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje]

  • Botbeheerder: nl:User:SieBot
  • Botnaam: User:SieBot (bewerkingen)
  • Ook actief op: ~45 andere Wikipedia's
  • Doel: interwiki
  • Technische details: gebruikt pywikipedia framework interwiki.py en warnfile.py
Meidogger:Siebrand freget botstatus oan foar SieBot. De bot is op it stuit gewoan aktyf, en ik haw noch gjin flaters sjoen. Om my is dit yn oarder. Oaren? Aliter 27 mai 2007, 04.04 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik kan helaas echt geen Fries lezen, dus vertaal het alsjeblieft voor me. Op mijn overlegpagina op nl.wp schreef je: Waarom voegt je bot een lege regel voor de Interwiki in als die er oorspronkelijk niet staat? Het is wel de bedoeling dat de interwiki alleen wordt aangepast, of anders benaderd "gewoon teruggezet wordt waar die gevonden wordt".

Daar is denk ik wat extra toelichting nodig. Ik maak, net als alle andere interwiki botbeheerders, gebruik van interwiki.py uit het pywikipediaframework. Daarin wordt per wiki ingesteld hoe interwiki's worden gesorteerd. Dat kan op verschillende wijzen. Soms is dat alfabetisch naar interwikicode, soms alfabetisch naar Latijns schrijft getranslitereerde taalnaam (vandaar dat Fins bij de S staat en Japans bij de N). De opbouw van een artikel staat ook vast voor het framework (in het kort): eerst tekst, dan de categorie, dan de interwiki. Als de bot een artikel tegenkomt waarin die volgorde andere is, of waarin bijvoorbeeld de interwiki's dwars door de tekst heen staan, dan wordt dat automatisch aangepast. Het framework kent geen instellingen om de wikitekst op (volg)orde te laten zoals je volgens mij vraagt.

Als je het idee hebt dat ik je vraag verkeerd heb begrepen, verwijs me dan alsjeblieft naar een of meerdere voorbeelden.

Groet, Siebrand 27 mai 2007, 11.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Gjin beswier, mei om my ek wol botstatus hawwe. Theun 27 mai 2007, 13.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Meidogger:Siebrand skriuwt dat er der gjin behearsking oer hat dat syn Meidogger:SieBot altiten de Ynterwiki yn in fêst stramyn past. Ik hoopje dat er de bot dan al fan de pear siden weihâlde kin dy nei ûnder ta waakse en dêr dus gjin ynterwiki hawwe moatte. Mar SieBot hat yn alle gefallen no botstatus.
Meidogger:Siebrand schrijft dat hij niet kan beheersen dat zijn Meidogger:SieBot altijd de interwiki in een vaste vorm giet. Ik hoop dat hij de bot dan wel van de paar pagina's weg kan houden die naar onderen groeien en daar dus geen interwiki moeten krijgen. Maar in ieder geval heeft SieBot nu botstatus. Aliter 29 mai 2007, 03.44 (CEST)[beäntwurdzje]
Dank voor de bit. Ik heb over het aantal interwikilinks en de invloed daarvan op de lengte van een pagina elders vaker opmerkingen over gehoord. Ik zal kijken of ik kan uitzoeken wat hieraan te doen is. Voor zover mijn kennis reikt op dit moment, is mij niets bekend over de mogelijkheid een pagina uit te sluiten van interwiki-activiteiten: hij doet mee als hij interwikireferenties heeft (hier of in een andere Wikipedia), of niet mee als er in het geheel geen interwikireferenties zijn. Ik meld me later terug met een antwoord waar ik zekerder van ben. Groet, Siebrand 29 mai 2007, 10.04 (CEST)[beäntwurdzje]
Het zit op het moment inderdaad zoals ik hierboven beschreven heb. Zie nl:Overleg_gebruiker:Andre_Engels#Interwiki.27s_beperken.3F. Groet, Siebrand 30 mai 2007, 00.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot vlag BotMultichill

Hoi, ik ben van plan om mijn bot, BotMultichill, ook los te laten op de Friese wikipedia. Mag ik een botbitje zodat ik de recente wijzigingen niet overspoel? De bot maakt interwiki's, gebruikt pywikipedia en begint op de Nederlandse wikipedia. Als er nog vragen zijn hoor ik het wel, Multichill 1 jun 2007, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Botbit takend nei kontrole wizigings. Theun 17 jun 2007, 13.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Permission to run interwiki bot Byrialbot

Hi, I ask for permission to use my interwiki bot Byrialbot here.

  • Operator: Meidogger:Byrial (Home project: da:User:Byrial)
  • Programming language: Python (Pywikipedia)
  • Function: interwiki
  • Already has bot flag on: ar:, cs:, da:, de:, en:, eo:, fo:, he:, hu:, id:, io:, is:, it:, ka:, lb:, lt:, nds:, nn:, no:, pt:, simple:, sv:, uk:, vo:
  • Description: Interwiki using Pywikipediabot starting from da:, sv:, nn: or no:. I do not expect very many edits as I normallly run it manually and use time to try to solve found interwiki conflicts.

The bot is not running yet. Please tell if you want to see some test edits from it. Thank you and best regards, Byrial 8 jun 2007, 12.23 (CEST)[beäntwurdzje]

As I see no objections I will start the bot on this wiki so you can see it in action. Regards, Byrial 18 jun 2007, 00.44 (CEST)[beäntwurdzje]
Meidogger:Byrial wol graach in bot rinne litte op dizze wikipedy. Hoewol ik fyn dat it interwiki systeem sa as it no wurket eins net mear foldocht mei hie om my ek wol botstatus hawwe at hy hjir goed mei wurkje kin. Wy sille de bewurkings ris besjen. Theun 18 jun 2007, 17.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Om my mei Byrialbot wol in botbitsje, at ien hjir wat op tsjin hat hjir dan oanjaan oars pas ik dat yn in pear dagen oan. Theun 23 jun 2007, 19.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Botstatus jûn. Theun 26 jun 2007, 17.28 (CEST)[beäntwurdzje]
Thank you. Byrial 26 jun 2007, 17.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Wikimedia Election Notice

If you are able, please translate this notice to as many possible languages and post it anywhere applicable.

The Wikimedia Election Committee is accepting candidates for the 2007 Wikimedia Foundation Board of Trustees election. Please see [2] for more information.

There is still time for a new candidate to be considered for election, and you may now endorse the candidate of your choice (up to 3 candidates) on the endorsements page, [3]. Please read the instructions carefully prior to endorsing. If you can translate the instructions, please do.

If you have any questions, please contact any member of the election committee, who are listed here [4].

Posted on behalf of the Election Committee,
Philippe

Phillip kundiget bestjoersferkiezings oan. Hy hat it der net by setten, mar it wie 10 juny oant en mei 7 july, dat dy binne al foarby. Aliter 5 okt 2007, 01.38 (CEST)[beäntwurdzje]

It kontrolearjen fan anonymen

Ik seach hjoed in bydrage fan in anonym dy't fandalisme fan 27 april werom set hat. Dit fyn ik dochs wol wat in flaterke fan ús kant. Meastentiids rin ik de wizigings fan de dei wol efkes nei mar ek net altiten. Moatte wy hjir miskien wat mear struktuer yn oanbringe. Bygelyks in systeem mei in deiskema en dat eltsenien dan sjen kin hokker dei noch net kontrolearre is, en dat dan dwaan kin at der dêr nocht oan hat? Theun 27 jun 2007, 17.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Goed idee Jelle 27 jun 2007, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]
Prima--Geoffrey 27 jun 2007, 22.35 (CEST)[beäntwurdzje]
Is dit wat? Mysha
Is wol in goede namme, mar we moatte tink al in list hawwe mei in link nei de list fan anonyme bydragen fan dy dei. Ik sil ris rûn sjen at ik dy earne op de oare wiki's fine kin. Theun 2 jul 2007, 22.07 (CEST)[beäntwurdzje]
(Ik bin oer in pear dagen wol mei fakansje en oan't dy tiid haw ik ek genôch te dwaan dus ik wit net of't ik hjir ynkoarten al wat foar betocht haw. As oaren dêr wat oer witte is dat fansels ek goed).
Op nl hawwe se ek noch in apart fjild Kontrolearre foar eltse side, sa kinne je maklik sjen hokfoar siden op in dei noch net kontrolearre binne. Dan kin de list derfoar tsjinje om nei te gean at der noch siden net kontrolearre binne, dan hoech je net altiten mear in hiele dei nei te rinnen wylst guon siden oerdei al troch in oar besjoen binne. Ik sil sjen of't ik útfine kin hoe at dat wurket. Theun 2 jul 2007, 22.20 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw de teksten yn elts gefal al oanpast. Ik hie Meidogger:Andre Engels frege hoe dit oanset wurde moast, mar it moat troch ien fan de programmeurs oanset wurde (tinke wy). Andre hat it foar ús oanfrege op http://bugzilla.wikimedia.org/show_bug.cgi?id=10584 en no moatte we earst mar ôfwachtsje at dit aanst in kear oppakt wurdt. Theun 17 jul 2007, 14.13 (CEST)[beäntwurdzje]
It aparte fjild kontrolearre wurket no ek op :fy. At jo in side neisjoen hawwe dan kinne jo (as jo oanmeld binne) en de oanpassings op in side neisjogge mei it ferskil de side markeare as kontrolearre. Dan falt it út de list mei anonymen dy't te kontrolearjen binne by de Fjildwacht, Sa hoege dêr ek gjin ferskillen twa kear neisjoen te wurden. De Fjildwacht bliuwt fansels wol nêdich om derfoar te soargjen dat anonyme wizigings altiten neisjoen wurde. Theun 10 sep 2007, 19.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Flaggen en nammen.

Ik haw krekt by de JU in rychje flaggen feroare ta flaggeberjochten. Mar is it net sa dat nei dy flagge (hast) altiten de namme komt? Dan koe it better tegearre yn ien berjocht. Mysha

Ik hie dy flaggeberjochten eins mear makke foar listjes mei sportútslaggen en soksawat, sjoch bygelyks de WK foar froulju en manlju. Op de oare wiki's hawwe se wol meardere fan soksoarte berjochten mei en sûnder de lânnamme. Moatte wy der hjir ek mear fan hawwe? Theun 14 jul 2007, 09.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Sjabloon foar siden mei in proatte flaters

Goeie, ik haw sjoen dat er sjabloon makke is om oan siden te plakken dy't kontroleare wurde moat op flaters en dat dermei der in kategory komt fan siden mei in proatte flaters. Ik fien net dat dit kin. Neffens my wurket dit stigmatisearend. Kinne wy net wat oars betinken.--Geoffrey 17 jul 2007, 16.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik begryp geoffrey wol. Somstiden sette minsken kommentaar by myn staveringsflaters en ik moat sizze dat ik dat net leuk fyn. Dochs moatte de flaters wol ferdwine. It kin miskien foar minsken dy’t fjirders gjin nocht haw om self wat te typen leuk wêze. Kin er net in loch komme wer alle nije siden op stean sadat eltsenien wit wat er nei sjoen wurde moat. Jelle 18 jul 2007, 08.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Sa at Jelle al seit kin it foar guon minsken wol aardich wêze om staveringsflaters derút te heljen, mar dy kinne neffens my op hast alle siden wol terjochte, je sjogge ek wol gauris dat anonimen op in side in pear flaters ferbetterje.
It is wol sa dat ik lang net alle nije siden neirinne kin, en at ik it neirûn haw dan bin ik bang dat ik miskien mar de helte fan de flaters derút helje, sa goed bin ik dêr no ek wêr net yn. Der is hjir gewoan ferlet fan meidoggers dy't goed mei de stavering op de hichte binne. Der is fansels ek wol in staveringhifker foar Word ([5]) dy't eltsenien mei wat kopiear aksjes hinne en wêr, brûke kin.
Ik wit net wat foar kommentaar Jelle bedoeld wat hy net leuk fynt. At jo sok kommentaar tsjinkomme soe ik de skriuwer dêrfan derop oansprekke, ik besykje myn kommentaar altiten sa te formulearjen dat it net ferkeard oerkomt en dat ien der miskien wat fan leare kin. At dat net sa oerkomt wol ik dat fansels graach witte want wy binne hjir net om mekoar te ergerjen of min te meitsjen. (It is eins net myn hobby om staveringsflaters derút te heljen mar sa no en dan sjoch ik wol wat siden nei, ek sadat de makkers fan dy siden harren meast foarkommende flaters yn de gaten hâlde kinne.)
Wat nije siden oanbelanget der binne hiel wat lochs te finen op dizze wiki, sjoch ris links ûnder Bysûndere siden, der fine jo de list Nije Siden wêr't jo bygelyks de nije siden fan Henk K besjen kinne dy't sa at er al oanjout net sa bêst is yn it Frysk.
No haw ik al wat opmerkings makke mar at we dit Berjocht/Kategory brûke moatte as net, sa as al sein is it wol handich foar minsken dy't graach staveringsflaters derút helje. It is allinnich dan wol sa wannear wurdt sa'n berjocht derôf helle. At ik sels in side neisjoen haw dan kin der noch wol in pear flaters ynsitte, dat wurdt dan lêstich te beoardielen.
Sa earst mar wêr, Theun 18 jul 2007, 11.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik snap it wol, mar ik fyn it gewoan net in leuk idee dat in oaren in berjocht op in side plakke kin dêr't ik mei begûn bin en dat it dan yn in kategory komt mei in protte flaters. Miskien haw ik moaite mei it wurdsje proatte. Ik kin it mei wol foarstellen dat wy by siden fan in meidogger lykas Henk K. dit derop plakke, want hy kin gjin frysk.
Myn fraach komt derop del: kinne wy net in berjocht betinke, dy't wy bygelyks der sels op plakke en oaren útnoegje om ús artikel te kontrolearjen, sadat it artikel yn in kategory terjochte komt fan siden dy't min of mear nij binne. Dan kin eltsenien it op syn gemak besjen en dan kin it nei in pear moannen it berjocht fuorthelle wurde.
Wat de loch Nije Siden oanbelanget, ik fyn dat dizze wol wat beperkt is, do kinst mar in 100 siden tebek en somtiden sitst der samar op en dan mist noch in soad artikels, benammen ast in skoftke net west bist.--Geoffrey 18 jul 2007, 12.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Miskien is it in idee om de kategory namme oan te passen, it berjocht neamt allinnich mar dat de stavering nochris nei sjoen wurde moat. Miskien moat de kategory dan ek sa'n soarte fan namme hawwe, bygelyks Artikels wêrfan stavering neisjoen wurde moat.
De Nije Siden jout sa't ik it sjen kin de nije siden fan de lêste moanne. Miskien is dêr wat oan te dwaan, ik sil der ris nei sjen. Theun 18 jul 2007, 13.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik hie net sa'n argewaasje ferwachte fanwege dit berjocht. It giet my derom dat we meiïnoar de kwaliteit fan de Fryske Wikipedy yn de gaten hâlde (kinne). As immen it Frysk suver net machtich en hjir dochs wat bydrage wol, dan kin dy der neffens my gjin beswier tsjin hawwe dat dit of in soartgelyk berjocht oan syn/har artikel taheakke wurdt. B. 18 jul 2007, 16.10 (CEST)[beäntwurdzje]

5.000 siden

Goeie,

Us wikipedy rint sa stadich oan nei de 5.000 siden. Dit likket my wol in mylpaal. Moate wy de Fryske deibleden en Omrop Fryslân hjir ek op attent meitsje of soenen sy dit wol yn'e smiezen hawwe. --Geoffrey 22 jul 2007, 11.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Op Wikipedy:Parseberjocht is in opset makke foar in parseberjocht foar it berikken fan 2.000 siden. Dit hawwe we nea ferstjoerd om't we doe yn in pear dagen fan 1800 nei 2200 siden gean binne (fryske doarpen). Dit kin wol oanpast wurde foar no. Theun 22 jul 2007, 12.54 (CEST)[beäntwurdzje]

Yn de rin fan de tiid binne op oare wiki's in hiel soad berjochten makke mei listen fan siden dy't ûnderoan eltse side yn dy list taheakke waarden. De measte minsken dy't hjir yn it begjin oan de fryske wikipedy wurke hawwe bin dêr net entûsjast oer west, sjoch ek FAQ. Oant no ta binne der dan ek net in protte fan dizze berjochten oanmakke, de pear dy't ea oanmakke binne hawwe we net fuortsmiten mar bin faak stean bleaun.
Ditselde berjocht hat alris de oanlieding west ta edit-wars, mei as djiptepunt [6]. Ik tink dat dizze affêre ien fan de grutste redenen is foar Aliter om hjir hast neat mear te dwaan.
No bin ik gjin foarstander fan dit soarte berjochten om meardere redenen:

  • Faak is net dúdlik of't in list kompleet is. Is hjir ek it gefal, hearre de sânbanken der wol by of net (blykber yn 't (nederlânske) part wol mar yn it dútske part net.
  • Somtiden slûpe der flaters yn en ek wol ferskillen mei de artikels/kategoryen, at flaters yn in artikel steane en se wurde oanpast kinne se yn it berjocht stean bliuwe. (Bygelyks neffens de artikels hearre Teksel en Rottum net by de Fryske waadeilannen)
  • At by in side in protte fan dizze berjochten taheakke wurde, wurdt in side der net oersichtliker op. Derom hawwe se no op in protte wiki's dizze berjochten yn-/útklapbaar makke.
  • De Kategoryen binne eins foar it sykjen nei lyksoartige artikels bedoeld, en dat wurket allegear automatysk.

At der no in protte meidoggers binne dy't fine dat we dit belied net mear folgje moatte dan hear ik dat graach. Theun 24 jul 2007, 17.49 (CEST)[beäntwurdzje]


Bêste Theun,
As it net te oerdreaun is fyn ik de oersjoch berjochten in ferriking. Ik soe it net jerne wolle dat de berjochten fan 'e wikipedy fuorthelle wurde. Ik wit net wêrom Aliter net mear skriuwe woe, mar as it allinnich om dy diskusje gong is dat wol wat spitich. Freonlike groetnis Kening Aldgilles 24 jul 2007, 20.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat meie jo bêst fine, allinnich soe ik graach arguminten hawwe wolle, wêrom wol en wêrom mien arguminten net belangryk binne of wêrom jo dit oars sjogge. Ik tink dat de ienichste redenen dat dizze berjochten sa populêr binne is dat it maklik wat ekstra edits opsmyt (fine sommige wikipedianen wichtich), en fierders is it neffens my allinnich each-snoep.
Mei it berjocht:waadeilannen fyn ik noch steeds de ynhâld net oerienkommen mei de ynhâld fan de artikels, sommige eilannen binne gjin eilannen, de ferdieling yn frysk, east-frysk en noard-frysk kin ek ferskil fan miening oer wêze en sa mear. Theun 24 jul 2007, 21.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Om earlik te wezen fyn ik in goeie kategory yndeling wichtiger dan sa'n berjocht. En as it dûbel brûke wurdt, dan hat de kategory by my de foarkeur. Mar somtiids kin in berjocht ek wol fan tafoege waarde wêze foar it artikel. Neffens my hinget it fan de situaasje ôf. Ik tink dus dat wy dit per gefal beoardeelje moatte. Yn it oanbelangjende gefal hat de kategory: Waadeilân myn foarkeur en kin om my it berjocht wol foart helle wurden.--Geoffrey 24 jul 2007, 22.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Sorrie voor mijn Hollands, maar ik vind het juist uitermate belangrijk dat er een goede en vooral logische kategory struktuur is, elk artikel zou er in moeten staan, en elk artikel zou logisch via een kategory-boom tegengekomen moeten worden, een sjabloon is natuurlijk een zeer handig hulpmiddel die wel degelijk een verijking van de informatie voorziening voor artikelen binnen een bepaalde onderwerp, Henk K 24 jul 2007, 22.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw noch hieltiten gjin oare arguminten heart dat minsken dit wol in ferriking fine. Ik soe graach ek ris wat kommentaar op myn arguminten hearre, as bin dy sa dúdlik dat dêr neat tsjinyn te bringen is :).
Wat ik sjoch op de lytsere wiki's is dat soksoarte berjochten meast brûkt wurde om hiele lytse stobben de helte grutter lykje te litten (en wat mear oanklaaid). Theun 27 jul 2007, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot flag request for PipepBot

Hello! I ask for permission to run my interwiki bot PipepBot here, and to get a bot flag for it.

  • Operator: it:User:Pipep
  • Purpose: Interwiki
  • Software: Pywikipedia
  • Have bot flag at: als, am, ar, bat-smg, be-x-old, bn, bs, ceb, cv, da, en, eo, et, fo, id, nap, nn, pms, simple, sl, uk
  • Details: Interwiki using Pywikipediabot. It mostly runs manually assisted. May run automatically in some cases.

It will soon begin to do test edits. Thank you! --it:User:Pipep 2 aug 2007, 00.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw de bydragen wat neisjoen en om my mei PipepBot wol in bitsje hawwe. Theun 3 aug 2007, 16.59 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw PipepBot botstatus jûn. Theun 4 aug 2007, 13.26 (CEST)[beäntwurdzje]
Thank you! it:User:Pipep 4 aug 2007, 14.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Haadside ynterwiki

Oer de ynterwiki's op de haadside hawwe we yn it ferline ris ôfsprutsen dat we hjir in beheind tal ynterwiki's delsette soene, nei talen dy't oan it frysk besibbe binne (foar minsken dy't frysk kinne te ontsiferjen binne) en om (westerlauwersk) Fryslân hinne sprutsen wurde.
No bin dêr in skoftsje ferlyn in pear ynterwiki's oan tafoege wêrfan in pear neanet mei it frysk te krijen hawwe (of it moat sa wêze dat it minderheidstalen binne). Ik doel dan op it Wealsk (?), Gaelysk en Oppersorbysk.
Ek it Norsk haw ik myn twifels by.
Om my mei it Platdútsk dêr wol by. Theun 5 aug 2007, 15.25 (CEST)[beäntwurdzje]

De bots fine it no aardich om alles dêr ta te heakjen. Ik fyn in lyts listje fan besibbe talen en talen út omlizzende gebieten mear nut hawwen dan in folsleine list. Of bin ik dêr allinne yn? Theun 24 sep 2007, 21.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Hello, I'd like to request a flag for my bot, named User:Loveless

  • Operator : fr:User:Darkoneko
  • Automatic or Manually Assisted : Automatic
  • Programming Language(s) : python (pywikipedia framework)
  • Function Summary : interwikis
  • Edit period(s) : continuous (~16H / day)
  • Edit rate : 1 or at most 2 edit/min in normal mode, a daily (few minutes long) wave of faster edits when using warnfile.py
  • Already has a bot flag : on 62 other wikipedias (see fr:User:Loveless#Statut for detail)
  • Function Details:
    • I uses interwiki.py in autonomous mode for interwiki adding, with the jawp article database as origin.
    • Once or twice a day, I'll also add http://tools.wikimedia.de/~flacus/IWLC/ 's useful results using warnfile.py .


thanks in advance

fr:User:Darkoneko 21 aug 2007, 16.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Om my mei Loveless wol in botbitsje hawwe. At der oare mienings binne dan graach oenjaan, oars jou ik botbit oer in pear dagen (at der gjin frjemde saken barre fansels). Theun 23 aug 2007, 18.36 (CEST)[beäntwurdzje]
Loveless hat now botstatus. Theun 27 aug 2007, 17.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Thank you very much =^^= Loveless 28 aug 2007, 14.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Oersette nei it Frysk

Zou iemand het volgende kunnen vertalen in 't Limburgs? Alvast bedankt. Servien 21 aug 2007, 17.11 (CEST)[beäntwurdzje]

  • Goedendag, kan ik u helpen
  • Is alles naar wens
  • Wil je een rietje?
  • Dan ga ik dat even voor je halen
  • Dat was 't?
  • Het komt er zo aan
  • Nog een fijne dag verder!
  • Slagroom
  • Wil je een grote of een kleine?
  • Bestek
  • Tot ziens
  • U werd al geholpen
Besykje it ris op de Limboarchske Wikipedy. Aliter 2 sep 2007, 02.23 (CEST)[beäntwurdzje]

wol of gjin taheaksel (kompjûter)

Bêste Bodders,

Yn de titel fan de Wiki's komt gauris it taheaksel "(kompjûter)" foar. As wy nei de oare Wiki's sjogge wurdt dêr allinne mei de kategory trochferwiisd. Sil ik soks by de kompjûter ek standert sa dwaan? Dan wurdt soks kategory:kompjûter. By need set ik yn de earste alinea's it begryp kompjûter. Jo hawwe yn de teksten dan net fan dy lange ferwizings/keppelings en it rint wer lykop mei de Wiki. Yn 'e Wâlden 21 aug 2007, 15.36 (CEST)[beäntwurdzje]

? Der is in side Bot (kompûter) om plak te meitsjen foar de side Bot (fisk). Hokfoar oare siden hawwe dat taheaksel? Aliter 2 sep 2007, 02.23 (CEST)[beäntwurdzje]


Wikimedia Conferentie 2007: Voorinschrijvingen open!

Beste allemaal,

op zaterdag 27 oktober organiseert Wikimedia Nederland de jaarlijkse Wikimedia Conferentie Nederland. Dit jaar met het thema "Wiki's en educatie". De conferentie gaat om 10 uur van start en duurt 17:30. Het programma bevat ondermeer lezingen door Eliane Metni, directeur van de International Education Association uit Libanon en voorzitter van iEARN-Libanon, Cormac Lawyer, promovendus gespecialiseerd in Wiki's en educatie, Hans de Zwart van Moodle en Florence Devouard, de voorzitter van de Wikimedia Foundation. Daarnaast bevat het programma een breed spectrum aan lezingen en discussies uit de gemeenschap en van daarbuiten. Het volledige programma is binnenkort te vinden op de website van de conferentie.

Leden van de Vereniging Wikimedia Nederland betalen 15 euro entree tijdens de voorinschrijvingen. Niet-leden betalen 35 euro, maar kunnen tijdens de voorinschrijving nog lid worden van de vereniging en betalen dan in totaal 30 euro. Dat is dus vijf euro goedkoper. Dit aanbood is alleen geldig tijdens de voorinschrijvingen, die sluiten op 12 oktober. Aan de deur zijn de kaartjes voor leden en niet-leden respectievelijk 25 en 45 euro. Lunch is inbegrepen. Schrijf je snel in op http://www.wikimediaconferentie.nl/registraties . Ik hoop van harte velen van jullie te mogen ontmoeten, en vooral dat we er een gezellige dag van maken.

Met vriendelijke groet, mede namens Siebrand en Husky,

Lodewijk Gelauff / Efkeswatoars 31 aug 2007, 17.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Op sneon 27 oktober is der wer in Wikimedia Konferinsje Nederlân, dit jier mei it tema "Wiki's en edukaasje". It stiet der net by, mar it is yn Amsterdam. Aliter 5 okt 2007, 01.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Maritime skiednis fan Nederlân‎

Ik haw Maritime skiednis fan Nederlân (156K) ferparte oer in stikmannich lytsere siden. ‎Fan Iere maritime skiednis fan Nederlân‎ haw ik dan wer in gearfetting weromset (10%). Dat soe ik foar it twadde part ek graag dwaan, maar ik sjoch net wêr't it twadde part oer giet. Dejingen dy't hjir al oan wurke hawwe meie dit graach fuortsette. Aliter 2 sep 2007, 02.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Preparation of Fundraiser 2007

Hi, this is just a first introduction message to tell you: there is more to come. I am dealing with the Project Management of the Fundraiser 2007 and therefore will search for contacts of wikimedians who can help us to do our tasks on all projects. I am actually also building the structure for the fundraiser on Meta. We will need people who help to design buttons, translate texts of buttons, documents, sitenotices etc. Should you feel you want to co-operate please let me know. You can reach me on my meta user page or by e-mail at scretella (at) wikimedia (dot) org. If you wish to notify us that you would like to co-operate on translations, it would be nice if you used e-mail and copied the e-mail to me and Aphaia (aphaia (at) gmail (dot) com). Thank you for your attention and I hope to meet you soon! Cheers :-) -- 4 September 2007 Sabine

Sabine docht in earste oankundiging fan Fandel 2007 oan, en freget help foar it meitsjen en oersetten fan side-eleminten en dokuminten. Aliter 5 okt 2007, 01.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Hûnerassen

Goeiedei,

Us wikipedy hat ferlet fan in nije oersjochside. Ik seach dat wy fan ferskate bisten oersjochsiden ha, mar net ien fan hûnen. Wa kin sa'n list oersette nei it Frysk. Ik doarje it net rjocht oan, ik ha nammentlik net in wurdboek dêr't de rassen/soarten yn beskreaun binne. Wa kin sa'n list oersette, dêrmei helpe jo mei oan in mânske pylder foar dizze wikipedy.

en:List of dog breeds

nl:Lijst van hondenrassen
de:Liste der Hunderassen

groetnis Kening Aldgilles 8 septimber 2007, 1004 CET

Wy hawwe fansels al in begjin, wêr't de hûnerassen dy't wy hjir hawwe al yn steane, ik twifelje dêr oan as der in wurdboek is dêr't de nammen fan de rassen yn steane. Theun 8 sep 2007, 20.47 (CEST)[beäntwurdzje]
Binne der wier oare listen mei bisterassen? In wurdboek dêr't alle hûnerassen ynsteane sil der grif net wêze. Mar jo kinne fansels de hûne-eigners om jo hinne freegje wat harren hûn foar in ras is. Mysha

Fallback voor fy gewijzigd

Hallo Friezen. Helaas kan ik jullie niet in je eigen taal aanspreken. Omdat het Fries meer aan het Nederlands dan aan het Engels is gerelateerd, heb ik de zogenaamde fallback language voor Fries gewijzigd. Dat betekent dat systeemberichten die niet vertaald zijn binnenkort in het Nederlands worden getoond in plaats van in het Engels.

Ook wil ik van de gelegenheid gebruik maken om jullie te wijzen op Betawiki. Dit is een speciale wiki waarin de standaardvertalingen van MediaWiki systeemteksten (link naar alle niet-vertaalde systeemberichten in het Fries) en extensions op een wikimanier gemaakt kunnen worden (geen technische kennis nodig, wel kennis van de taal in kwestie). Wij zouden in Betawiki graag een aantal gebruikers verwelkomen die het Fries goed machtig zijn, zodat Fries ook als taal volledig wordt ondersteund in iedere installatie van MediaWiki. Groet, Siebrand 8 sep 2007, 18.11 (CEST)[beäntwurdzje]

Dit liket my net sa'n goed idee. Dan moatte wy ommers oersettings fan oersettings meitsje. In oersetting is altiten wat in ôfwiking fan hoe't it wie, dat dan wurdt it mei twa oersettings wer minder. At immen al witte wol wat it Nederlânsk is, dan kin er dat dochs by nl: efkes neisjen. Is it net better en freegje it Ingelsk werom? Mysha
Dat fyn ik ek wol in goed argumint om dit op ingelsk te hâlden. Ik haw ek it idee dat we de measte teksten dochs wol aardich by de tiid hâlde. En boppedat bin de ingelske teksten miskien wol better te finen as dy noch net oerset binne. Theun 10 sep 2007, 12.41 (CEST)[beäntwurdzje]
Foar my hoegd it ek net yn it Nederlânsk. Ik slút my oan by Mysha en Theun--Geoffrey 10 sep 2007, 12.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw Siebrand frege it by Ingelsk te litten. Mysha
done Overweeg trouwens goed of het niet erg wenselijk is een generieke versie van de interface van MediaWiki bij te gaan houden op Betawiki. Dat wordt er ook voor zo'n 25 andere talen gedaan... Siebrand 10 sep 2007, 23.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Betawiky

Nommele stalkes,

Wa hat weet en aan fan Betawiky? Sjoch foarlêste tynge fan Siebrand. Groetnis Kening Aldgilles 11 sep 07, 10:30 CET

At ik it allegear goed haw dan is it in projekt fan Siebrand en noch ien om standerd-oersettings fan de MediaWiki-teksten te meitsjen. It ferskil mei wat wy hjir dwaan kinne is dat it dêr makliker wêze moat om de úteinlike ferzje te eksporteren. Der is in diskusje oer it opnimmen fan it projekt binnen WikiMedia. Mysha
Correctie: geen project van mij, maar gestart door een Fin, Niklas Larstrom, die de software heeft geschreven die het mogelijk maakt om je status goed bij te houden en het vertalen te faciliteren. Ik ben op dit moment bezig met een promotiecampagne en zou het leuk vinden om ook het Fries beter ondersteund te zien binnen MediaWiki. Hieronder de standaard plug. Groet, Siebrand 25 sep 2007, 10.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Betawiki: better support for your language in MediaWiki

Dear community. I am writing to you to promote a special wiki called Betawiki. This wiki facilitates the localisation (l10n) of the MediaWiki interface. You may have changed many messages here to use your language in the interface, but if you would log in to for example the English language Wiktionary, you would not be able to use the interface as well translated as here. Infact, of the 1797 messages in the core of MediaWiki, 467 messages have been translated. Betawiki also supports the translation of messages of about 80 extensions, with almost 1000 messages.

If you wish to contribute to better support of your language in MediaWiki, as well as for many MediaWiki extensions, please visit Betawiki, create an account and request translator priviledges. You can see the current status of localisation of your language on meta and do not forget to get in touch with others that may already be working on your language on Betawiki.

If you have any further questions, please let me know on my talk page on Betawiki. We will try and assist you as much as possible, for example by importing all messages from a local wiki for you to start with, if you so desire.

You can also find us on the Freenode IRC network in the channel #mediawiki-i18n where we would be happy to help you get started.

Thank you very much for your attention and I do hope to see some of you on Betawiki soon! Cheers! Siebrand@Betawiki 25 sep 2007, 10.47 (CEST)

Kategory Wittenskipper

  • Der is no in Kategory:Wittenskipper makke, wêrtroch yn Kategory:Persoan nei berop sels gjin beroppen mear te finen binne fan lju dy yn in wittenskip dwaande binne. Is dat al as net in goed ding?
    As dizze ûnderferdieling makke wurdt, dan moatte de beroppen net op twa nivo's yn de Kategory-beam stean bliuwe. Mei de oantallen wittenskippers dy't der no binne haw ik dêr gjin beswier tsjin de ûnderferdieling.Theun 20 sep 2007, 20.55 (CEST)[beäntwurdzje]
  • Yn dy kategory komt gâns in list fan Wittenskippers nei lân. At wy dy wier hawwe wolle, hoe moatte dy dan oardere wurde. Sa't it no is komme dy allegear oan it begjin, mar dat wurde hieltiid mear, fansels.

Mysha

Dit hoecht om my net fuortendalik. Dit nivo fan útsplitsing binne we hjir no noch net oan ta. Foaral sa'n kategory as Kategory:Dútsk filosoof is dan seker oerstallich. En allinne de fryske kategory hat mear as ien lea. In Kategory beam is neffens my bedoeld om in struktuer oan te meitsjen om de besteande siden better te finen, net om al in struktuer klear te hawwen wêr't letter dan siden oan ta heakke wurde. Ik tink dat in protte fan dizze kategoryen ûnder oan siden derby kaam binne troch it hielendal oersetten fan siden fan :nl nei :fy. Om't wy op :fy mar in fraksje fan de siden op :nl hawwe moatte wy ús Kategorybeam earst mar wat simpeler hâlde. Theun 20 sep 2007, 20.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Fjochtkeunst

De lêste moannen wurdt hjir sa no en dan in side oanmakke oer fjochtsporten en sa wat hinne wêr't ik noch nea fan heart haw (sjoch Low-kick, Boxe pieds-poings, Frankombat, Kajukenbo ). Faaks wurdt dit oanmakke troch in net-frysktalige en wurdt dan troch in oar oanpast (dy't dan tink ik net safolle oer dy fjochtkeust wit).
Ik freegje my ôf wat dit soarte fan siden hjir moatte, hawwe wy hjir wat oan. Ik twivelje sawiesa ek oan de krektens fan de ynhâld. Ik wol wol tajaan dat ik hjir hielendal gjin doel oer haw, en it hat myn ynteresse ek net. Theun 24 sep 2007, 21.12 (CEST)[beäntwurdzje]

Behearders

De lêste dagen is it wat drokker as oars mei fandalisten dy't ûnsin siden oanmeitsje. Ik haw dan ek de lêste dagen eltse dei wol in pear siden wiske. No hat Mysha de wol goeie gewoante fan ûnsin siden in sinnige side te meitsjen mar mei in protte fandalisme siden is it ûnderwerp ek ûnsin, dy kin dus altiten fuort.
No is Kening Aldgilles de lêste wiken ek net sa drok en op B. nei dy't sa no en dan lâns komt bin ik de ienige fan de Behearders dy't hjir op it stuit warber is. Ik tink dat ik de kommende tiid ek wolris wat dagen gjin tiid foar de wikipedy haw dus is it miskien in idee om wat mear minsken Behearders rjochten te jaan.
Ik tink dan benammen oan Meidogger:Mysha, Meidogger:Jelle, Meidogger:Swarte Kees en Meidogger:Geoffrey. Hoe tinke jimme dêroer?? Theun 4 okt 2007, 21.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Theun hat gelyk. Er moatte mear behearder komme. Myn stim giet nei Meidogger:Swarte Kees Meidogger:Geoffrey en Meidogger:Mysha. Sy kinne om my alle trije wol behearder wurde. Ik tink net dat ik it moat wurde, myn stavering is te min. Groet Jelle 4 okt 2007, 22.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Lytse Wikipedyen wurde grutter en krije mear mei fandalisme te krijen. It is mar krekt wa't tiid en nocht hat om dêr wat oan te dwaan; dat kinne no ien kear net altiten deselden wêze. Jelle: foar de taken fan de behearder hoecht net in soad Frysk skreaun te wurden. Der binne ek al wat berjochten dy't op in fandaal syn side skreaun wurde kinne en oars skriuwe wy der in pear by. Aliter 5 okt 2007, 01.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Der moat wat barre, mar ik bin krekt as Jelle fan betinken dat us stavering te min is foar behearder. Ik wol wol faker fjildwacht dwaan en siden by del rinne of fandalisme. Ik fogje sa wie sa de siden der't ik in protte oan tafoege haw. Ik liket my dat Swarte Kees en Mysha yn oanmerking komme foar behearder. En der bin miskien noch wol mear gademakkers, miskien wol Meidogger:Bouwe Brouwer wol of Meidogger:Yn 'e Wâlden --Geoffrey 5 okt 2007, 18.41 (CEST)[beäntwurdzje]
It kritearium is fansels net dat je hiel goed frysk skriuwe kinne, dat hat der by my ek wol oan. It is belangriker dat je witte hokfoar siden wy hjir brûke kinne, wat echt net kin ensf.
At minsken miene dat dêr in bepaald nivo of ferantwurdlikheden by hearre wêrom se leaver gjin behearder wêze wolle dan is dat fansels ek bêst. Miskien hiene we de namme behearder better net kieze kint teminsten ik fiel it net sa. Wy hawwe as meidoggers mei syn allen dizze fryske wikipedy yn behear en der binne in pear funksjes wêr't fan besluten is dat dy net foar eltse begjinner fuortendalik beskikber wêze moat. Mear is it net. Theun 5 okt 2007, 21.45 (CEST)[beäntwurdzje]
As jo it sa besjogge dan wol ik wol behearder wurde. Ik bin net eltse dei op de wiki te finen, mar dat jild foar meardere behearders. En Swarte Kees wolle jo it ek wurde? Groet Jelle 6 okt 2007, 11.33 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw it yn my omgean litten. De lêste wiken bin ik hast alle dagen op de Wikipedy. Mar sa't it no liket moat ik earstdeis wer langere tiid skoft nimme. Soks betsjut dat men in hiel skoft net op my rekkenje kin. En wa't him opjout moat der ek foar stean. Wa wit kin ik yn de takomst wol myn oandiel leverje. Groetnis,Swarte Kees 6 okt 2007, 13.03 (CEST)[beäntwurdzje]
Lit mei dan ek mar behearder wurde, ik bin der ommers toch faak en dan bin der yn eltsgefal twa mear. Groetnis--Geoffrey 6 okt 2007, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Dan stel ik foar om Jelle en Geoffrey ek Behearder te meitsje (oer in pear dagen), at der net ien beswier tsjin hat. Theun 6 okt 2007, 20.27 (CEST)[beäntwurdzje]