Springe nei ynhâld

Wikipedy:Boarnemelding

Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

In boarnemelding is de wize om rieplachte boarnen yn in artikel te neamen, ta ûnderbouwing fan de oandroegen ynformaasje. In boarnemelding bestiet út ferwizingen nei relevante en rieplachte betroubere boarnen. Lêzers kinne dêrmei de ynhâld fan it artikel ferifiearje op krektens en bepale oft der gjin sprake is fan "orizjineel ûndersyk". In goede wize fan boarnemeldingen ferheget de betrouberens fan in side op de Wikipedy.

boarnemelding spilet in wichtige rol. By it brûken fan sitaten is in boarnemelding sels wetlik ferplichte. As der by de lêzer twivel wêze kin oer de krektens fan de gegevens, dan is it waarm oan te rekommandearjen om in boarne ta te foegjen. By it neigean fan beskuldigingen fan plagiaat, smaad of laster op Wikipedy kinne boarnen útkomst biede oer it komôf fan de ynformaasje. Ek yn in bewurkingskriich op Wikipedy kin it rieplachtsjen fan de boarnen helpe by it finen fan in oplossing foar it konflikt.

Hast in protte muoite dwaan moatten om in boarne te finen, foech dy dan hoe dan ek oan it lemma ta om ferifikaasje troch tredden makliker te meitsjen.

De ynhâld fan in lemma op de Wikipedy moat ûntliend wêze oan boarnen dy't net allinnich betrouber binne en dêr't autoriteit oan takend wurdt, mar dy't ek op it ûnderwerp betrekking hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL