Wikipedy:Biografyen fan libbene persoanen
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Alle ynformaasje by biografyen fan libbene persoanen moat mei ekstra soarchfâldigens en omsichtichheid behannele wurde. In artikel kin fan ynfloed wêze op it libben fan de beskreaune persoan en dat fan syn of har neisten of tredden. It belang dêrfan kin net oerskat wurde en hat gefolgen foar biografyske gegevens, yn hokker artikel oft dy ek stean.
(Sjoch foar in paadwizer by it skriuwen fan biografyen De opbou fan in wikipedy biografy)
Algemien
[boarne bewurkje]Meidoggers moatte bysûndere soarch betrachtsje by it opnimmen en bewurkjen fan ynformaasje oer libbene persoanen. It op wearde skatten en neutraal werjaan fan sokke ynformaasje fereasket in grutte mjitte fan takt, ynlibbingsfermogen en ôfstân. De fan tapassing binne wetjouwing moat strikt neilibbe wurde, en noch strikter as by oare artikels jilde de trije rjochtlinen:
It artikel moat simpelwei krekt wêze. Unferbidlike strangens is bean oangeande de kwaliteit en betrouberens fan boarnen. Unfundearre of min ûnderboude ynformaasje oer libbene persoanen (negatyf of posityf) heart fuortdaliks en sûnder diskusje ferwidere te wurden út de artikels yn de haadnammeromte fan Wikipedy, mar ek út oerlissiden, meidoggerssiden en oare projektromten.[1] Filosofyske en oare oerwagingen lykas reklikens en eventualisme dy't al tolerearre wurde kinne by oare ûnderwerpen, binne net fan tapassing op ynformaasje oer libjende persoanen.
It is altyd wichtich om mei soarch om te gean mei minsken dy’t har melde op de Wikipedy en dy’t persoanlik belutsen binne by eat dat yn ‘e ensyklopedy behannele wurdt, oft dit no harrensels beskriuwt, of immen yn har direkte omjouwing. Sa mei it dúdlik wêze dat altyd mei respekt omgien wurde moat mei persoanen dy't komme om te sizzen dat harren neiste ferstoarn is, ek as sy dit troch in anonime bydrage dogge! Salang't dy ynformaasje net ferifiearber is, moatte sy op soarchfâldige wize ynformearre wurde oer de betingsten dêr 't oan foldien wêze moat foardat dizze ynformaasje werklik yn in artikel opnommen wurde kin.
Fûstregel
[boarne bewurkje]In wichtige fûstregel by it werjaan en redigearjen fan ynformaasje oer besteande persoanen is: doch gjin kwea, oftewol: doch gjinien wat oan. Wikipedy is in ensyklopedy, gjin roddelblêd, argyf of wat oars; it is net de bedoeling fan in ensyklopedy om sensaasje te sykjen of om it foarnaamste medium te wêzen foar de fersprieding fan prikkeljende opmerkingen oer it libben fan oaren. Alle ynformaasje oer libjende persoanen moat mei weromhâldendheid en ôfstanlikens skreaun wurde, en mei de heechste achting foar de privacy fan it ûnderwerp (Sjoch ek: Wat is Wikipedia NET). Der moat koartsein altyd besjoen wurde yn hoefier't it feit relevant is foar in ensyklopedyske beskriuwing.
Dizze beliedsline is net allinnich fan tapassing op biografyske artikels oer persoanen dy 't op it stuit fan skriuwen yn libben binne, mar likegoed op alle ynformaasje oer libbene persoanen yn hokker artikel dan ek. Foar hiel Wikipedy jildt dat de bewiislêst oangeande krektens leit by dyjinge dy't de bydrage leveret, en by elk dy 't it materiaal weromset nei in ferwidering. As dat net ûnderboud wurdt, moat it fuorthelle wurde. Dit moat tige strikt neilibbe wurde foar libbene persoanen. Persoanen fan wa't it ferstjerren net fêststiet, moatte beskôge wurde as libbene persoanen. Mocht it bertejier bekend wêze, dan jildt dy regel fan it jier 1901 (2024 − 123 )[2]
Gjin orizjineel ûndersyk
[boarne bewurkje]Yn Wikipedy is oarspronklik ûndersyk net tastien. Dat hâldt ûnder oaren yn dat men gjin ynformaasje yn in artikel ynfiere kin út de eigen ûnderfining wei, of dy't men fia fia fernommen hat, of it moast wêze dat dy ynformaasje ek yn in normale boarne publisearre is, of algemien bekend is. Ynterviews mei de persoan yn it ûnderwerp kinne ek net brûkt wurde. Ek it neamen fan eigen konklúzjes út publisearre ynformaasje is net tastien. Der binne beswieren tsjin it brûken fan ferwizingen nei publikaasjes dy't yn eigen behear útjûn binne, mar dy binne wol tastien as de publikaasje foldwaande akseptearre is, bygelyks as dy peer-review ûndergien hat.
Maatwurk
[boarne bewurkje]De relevânsje fan persoanen hat grutte fariaasjes yn aard en gradaasje. Guon kinne algemien bekend steld wurde fanwegen har funksje of troch berte (de paus, in kroanprinsesse), oaren hawwe bekendheid yn lytse rûnte (in heechlearaar, in stuntman, in fioeliste). Ynformaasje oer de lêste groepen leit gefoeliger en moat mei mear fertroulikheid behannele wurde. In protte hawwe foar in bysûndere karriêre keazen en net foar de rom. Hja ûnderfine alle publisiteit as in lêst.
Fanwegen ien barren yn it nijs
[boarne bewurkje]Wannear't in fierder net ensyklopedysk relevant persoan yn it nijs west hat, fertsjinnet it de foarkar om eventuele ynformaasje oer de persoan op te nimmen yn it artikel oer it barren ("beskriuw it barren, net de persoan"). Der is nammentlik in grutte kâns dat in apart artikel net yn balâns te bringen is en itsij benammen bestiet út in beskriuwing fan it barren, itsij disproporsjoneel in protte persoanlike ynformaasje befettet dy't eins net relevant is. As sokke siden dochs oanmakke binne, is it better om de ynformaasje dy 't fan tapassing is yn te foegjen yn it artikel oer it barren en dan in riuwke te meitsjen fan de namme fan de persoan ôf.
Privacy
[boarne bewurkje]De privacy fan libbene persoanen moat yn acht nommen wurde. Utgongspunt is dat as de persoan sels dizze ynformaasje (hieltyd) nei bûten bringt of as de ynformaasje yn hiel brede rûnte bekend is sokke privee-ynformaasje opnommen wurde mei. As it mar earne yn in tydskrift of database fûn wurde kin, dan net.
Privacy fan ynformaasje
[boarne bewurkje]In bertedatum is privee. Net elkenien fynt it noflik om mei syn jierdei te keap te rinnen. In artikel kin de bertedatum fan in ferneamd persoan fermelde wannear't dy ynformaasje yn brede rûnte mei wissichheid bekend is, mar meidoggers moatte tebekhâldend wêze dêr't it minder bekende persoanen oangiet. By twivel folstiet de fermelding fan it bertejier. Dat jildt ek foar bertenammen; in protte persoanen wolle inkeld en allinne bekend wêze ûnder de selskeazen foarnamme. Boppedat kinne bertedatum en bertenammen brûkt wurde by identiteitsstellerij.
Privacy fan kontaktgegevens
[boarne bewurkje]Wikipedy-siden fermelde gjin kontaktgegevens fan persoanen. Hjirûnder wurde ûnder mear ferstien húsadressen, postadressen, e-mailadressen, faks- en telefoannûmers. Adressen fan websiden falle hjir útdruklik bûten. Ta de saak dwaande keppelingen nei eksterne websiden oer of it webstee fan in besprutsen persoan kinne in grutte tafoege wearde betsjutte, as oerwage wurdt wannear't in Keppeling om utens passend is.
Privacy van tredden
[boarne bewurkje]Yn 'e regel is it better om nammen fan tredden net te neamen wannear 't dit net essinsjeel is foar it begryp fan de matearje. Dit jildt yn it bysûnder foar minderjierrige bern. Net allinnich is privacybeskerming foar harren ekstra winske; ek kin it ûnplezierich wêze foar in persoan as elkenien wit hoe't de bern krekt hjitte. It fertsjinnet dus de foarkar om te folstean mei in tafoeging dat de persoan boaske is/as wie en/of in relaasje hat, en in x tal bern hat (as it al nedich is om sels dat te neamen ).
It skeinen fan BLP foarkomme
[boarne bewurkje]Yn gefal fan it skeinen fan de privacy fan in libben persoan binne der ferskate mooglikheden. ("BLP stiet foar Biografy Libbene Persoanen")
Semy-befeiliging en befeiliging
[boarne bewurkje]By twivel fertsjinnet it oanbefelling om in artikel mei materiaal oer in libbene persoan werom te draaien nei de lêste neutrale ferzje en alle kontroversjele bewearingen sûnder betroubere boarne fuort te heljen. (ek as it artikel dêrtroch gâns koarter wurdt). As it nedich is, kin in behearder it oanbelangjende artikel tydlik (semy-)befeiligje, oant der (bygelyks op de oerlisside) konsensus berikt is.
Wiskje
[boarne bewurkje]As in artikel oer in libbene persoan hast folslein út net-tastien materiaal bestiet, kin it better hielendal fuorthelle wurde, sels sûnder troch de gebrûklike proseduere te gean. As in artikel fuorthelle is fanwegen BLP-problemen moat in oare behearder it artikel net werom sette sûnder neier oerlis mei de ferwiderjende behearder. Nei de ferwidering fan in biografy fan in libbene persoan kin in behearder lykwols beslute om de side te befeiligjen tsjin it op'e nij oanmeitsjen.
Blokkearje
[boarne bewurkje]It mear as ien kear tafoegjen fan kontroversjeel materiaal oer in libbene persoan sûnder ôfdwaande boarnen is in reden om de meidogger te blokkearjen. It ferwiderjen fan sok materiaal is fansels gjin reden ta blokkearjen, ek net as dêr in bewurkingskriich oan te pas komt.
Autobiografysk wurk
[boarne bewurkje]Guon persoanen oer wa't ynformaasje yn de ensyklopedy stiet, binne sels ek meidogger fan Wikipedy. Guon hawwe sels in brûkersnamme, soms sels ûnder harren folsleine namme. In ferneamd foarbyld is User:Jimbo Wales op de Ingelsktalige Wikipedy. Omdat de skyn fan selspromoasje en oare belangeferfrisseling dreech foar te kommen is, wurdt in substansjele bydrage oan in artikel troch de persoan dy 't sels it ûnderwerp fan dat artikel is meastal mei arguseagen besjoen. Korreksjes en ferwideringen fan ûnkrektheden moatte troch de oanbelangjende persoan oanfrege wurde fia de oerlisside. Oare Wikipedianen kinne dan de oanfraach evaluearje en kontrolearje (op boarnen) en de wiziging as soks winske wurdt oanbringe. It seit himsels dat "negative" fermeldingen in ferplichte referinsje mei fuotnoat fergje. Fierders moatte ek positive feiten mei referinsjes bewize wurde.
Kar
[boarne bewurkje]In artikel oer in libben persoan is of neutraal en respektearret de privacy, of bestiet net. Dat binne de mooglikheden om te kiezen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|