Hegemer Mar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Riss-iistiid wurdt fan sprutsen yn de Alpen en omkriten yn deselde tiid
Rigel 5: Rigel 5:
Njonken Heech leit oan de súdeastkant ek [[Yndyk (Súdwest Fryslân)|Yndyk]] oan de mar. Yn de mar, besúden Heech, leit it eilân de [[Rakkepôle]].
Njonken Heech leit oan de súdeastkant ek [[Yndyk (Súdwest Fryslân)|Yndyk]] oan de mar. Yn de mar, besúden Heech, leit it eilân de [[Rakkepôle]].


Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en [[De Moarre]] in [[gletsjer]]delling foarme yn de [[Ris-iistiid]]. Dat it is net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar [[wettersport]].
Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en [[De Moarre]] in [[gletsjer]]delling foarme yn de [[Saale-iistiid]]. Dat it is net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar [[wettersport]].


[[Kategory:Heech]]
[[Kategory:Heech]]

De ferzje fan 8 sep 2017 om 19.20

De Hegemer Mar is in mar dat yn de gemeente Wymbritseradiel leit, súdwest fan Heech. De oerflakte is 650 ha, de djipte 1-3 m.

It Johan Frisokanaal komt oan de noardeast ein troch de Jeltesleat yn de mar, en rint troch in soal nei it súdwesten, dêr't tusken Langeherne en Leiepôle de mar oergiet yn de Fluezen. Oan de eastkant jouwe de Wâldseinster Rakken ferbining mei Wâldsein, en fia de Ie mei de Sleattemer Mar.

Njonken Heech leit oan de súdeastkant ek Yndyk oan de mar. Yn de mar, besúden Heech, leit it eilân de Rakkepôle.

Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en De Moarre in gletsjerdelling foarme yn de Saale-iistiid. Dat it is net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar wettersport.