Wâldseinster Rakken
Appearance
De Wâldseinster Rakken is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De bochtige feart ferbynt Wâldsein mei de Hegemer Mar. By Wâldsein stiet de feart op it krúspunt fan wetters yn ferbining mei De Welle nei it easten, De Ie nei it suden en de Noarderie nei it noarden.
Oan de feart leit bungalowpark De Rakken by Yndyk.
De namme Wâldseinster Rakken jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Woudsender Rakken.