Ferskil tusken ferzjes fan "Nearo Klaudius Drusus"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kr.
(f.Kr./n.Kr.)
(Kr.)
 
==Drusus yn Fryslân==
Yn [[Fryslân]] is Drusus fral bekend wurden troch syn oerweldiging fan [[Germaanje]] yn [[12 f.Kr.]]. Troch him waarden de [[Friezen]] skatplichtich makke oan it [[Romeinske ryk]] en levere sy helptroepen oan it ynvaazjeleger fan de Romeinen. Fryske seelju hawwe de Romeinske float oer de [[waadsee]] loadse en yn it gebiet fan de [[Sjauken]] ticht by de kust yn it noarden wie de Fryske stipe ûnmisber.
 
Omdat er it nij oermastere gebiet goed yn de knipe hâlde woe, hat er in keatling fan wachtposten en legerplakken oanlizze litten. Lâns de Ryn hawwe dat mear as 50 west. Oaren hat er bouwen litten lâns de [[Iems]], [[Weser]] en [[Elbe]]. Ek liet er de [[Drususgrêft]] oanlizze en om de tafier fan wetter goed regelje te kinnen, liet er by de splitsing fan de [[Ryn]] en de [[Waal]] de '''Drususdaam''' bouwe. <ref>H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 33''.</ref> De [[Germanen]] hawwe dy daam letter ferwoaste.
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu