Ferskil tusken ferzjes fan "Walcheren"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(nije side)
 
[[File:LocatieWalcheren.png|right|thumb|250px|De lizzing fan Walcheren yn [[Seelân]].]]
'''Walcheren''' ([[Nederlânsk]]: ''Walcheren''; [[SieuskSiuwsk]]: ''Walchren'') is in [[lânstreek]] en earder [[eilân]] yn it sintrale part fan 'e [[Nederlân]]ske provinsje [[Seelân]]. It gebiet leit ynklamme tusken de [[Noardsee]], de [[Fearske Mar]] en de [[Westerskelde]]. Tsjinstwurdich foarmet it ien lânmassa mei in oar earder eilân, [[Súd-Bevelân]]. Op Walcheren lizze de SieuskeSiuwske haadstêd [[Middelburch (stêd)|Middelburch]] en de grutte [[yndustry]]haven [[Flissingen (stêd)|Flissingen]].
 
==Skiednis==
Yn 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske Tiid]] wie Walcheren al bewenne. [[Domburch (Nederlân)|Domburch]] wie doedestiden it grutste plak en droech nei alle gedachten de namme fan ''Walichrum'', dat letter ferbastere wêze soe ta Walcheren. Oan 'e ein fan 'e [[trêde ieuiuw]] rekke it gebiet ûntfolke fanwegen oanhâldende oerstreamings, wêrnei't it oan 'e [[achtste ieuiuw]] ta sa goed as ûnbewenne bleau. Mar ek doe't har der wer minsken nei wenjen set hiene, foarmen oerstreamings allegeduerigen in gefaar; sa waard it eilân oan it begjin fan 'e [[alfde ieuiuw]] swier troffen troch de [[Stoarmfloed fan 1014]]. Fan gefolgen waarden fan likernôch de midden fan dy ieuiuw ôf troch [[mûnts]]en [[dyk|diken]] oanlein om 'e Walcherske kearngebieten, wêrnei't der in stadich proses fan [[ynpoldering]] fan [[kwelder]]s op gong kaam.
[[File:2013-Top33-Walcheren.jpg|left|thumb|250px|In lânkaart fan Walcheren.]]
 
Troch de [[lânbou]] en oerseeske hannel ûntjoech Walcheren him ta in woltierich eilân, al bleau de see altyd gefaarlik, sa't wer ris bliken die by de [[Alderheljenfloed (1570)|Alderheljenfloed fan 1570]]. Yn 'e [[achttjinde ieuiuw|achttjinde]] en [[njoggentjinde ieuiuw]] brieken der mindere tiden oan. De [[ekonomy]] stagnearre en de wolfeart rûn tebek. Under de [[Napoleontyske Oarloggen]] feroare Walcheren boppedat yn 'e twadde helte fan [[1809]] yn in slachfjild doe't de [[Grut-Brittanje|Britten]] en [[Ruslân|Russen]] der by de saneamde [[Ekspedysje nei Walcheren]] in lâning útfierden mei as úteinlike doel om 'e wichtige haven fan [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] op 'e [[Frankryk|Frânsen]] te feroverjen. It offinsyf, dat ein [[july]] begûn, rûn lykwols al op it eilân fêst, mei jammerdearlike gefolgen foar de boargerbefolking. Uteinlik evakuëarren de Britten en Russen har desyllúzjonearre troepen op [[10 desimber]], dêrby in ferwuostge Walcheren efterlittend.
 
Yn [[1871]] ferlear Walcheren formeel syn status fan eilân, doe't de [[Sloedaam]] nei [[Súd-Bevelân]] oanlein waard. It jiers dêrop waard dêroerhinne in [[spoarwegen|spoarferbining]] makke nei [[Flissingen (stêd)|Flissingen]] ta. Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] wiene de [[Dútslân|Dútsers]] bang dat de Britten har keunstke út 1809 werhelje soene, en dêrom feroaren se Walcheren yn ien grut legerkamp, dat se de ''Festung Walcheren'' neamden. Der waarden û.m. sa'n 200 [[bunker]]s boud en 16 swiere kustbatterijen stasjonearre. Doe't de [[Alliëarden]] nei harren [[Lâning yn Normandje]] en de flugge opmars dy't dêrop folge de haven fan Antwerpen nedich wiene foar befoarrieding, stie de ''Festung Walcheren'' harren yn 'e wei. De [[Kanada|Kanadezen]], dy't Súd-Bevelân befrijd hiene, besochten fia de Sloedaam troch te stjitten nei Walcheren, mar waarden mei swiere ferliezen weromslein.
 
==Geografy==
Walcheren wurdt yn it noardwesten, westen en súdwesten begrinzge troch de [[Noardsee]]. Yn it suden skiedt de [[Westerskelde]] it fan [[SieuskSiuwsk-Flaanderen]] en yn noarden wurdt it troch de [[Fearske Mar]] skaat fan [[Noard-Bevelân]]. Yn it easten is it [[Sloe]], it wetter dat eartiids de skieding mei [[Súd-Bevelân]] foarme, frijwol hielendal tichtgroeid. Behalven mei Súd-Bevelân hat Walcheren ek in lânferbining mei Noard-Bevelân, oer [[Fearske-Gatdaam]]. Midden troch Walcheren rint fan 'e Fearske Mar fia [[Feare (stêd)|Feare]], [[Middelburch (stêd)|Middelburch]] en [[Flissingen (stêd)|Flissingen]] it [[Kanaal troch Walcheren]].
 
Ofsjoen fan 'e gruttere stêden Middelburch en Flissingen bestiet Walcheren noch út frij tinbefolke, [[lânbou|agrarysk]] gebiet. It eardere eilân omfiemet tsjintwurdich noch mar 3 gemeenten:
 
==Demografy==
Walcheren hie yn [[2012]] in befolking fan krapoan 114.000 minsken, wat mei in oerflak fan 215,7 km² delkomt op in [[befolkingstichtens]] fan 528,5 minsken de km². Op Walcheren wurdt fan âlds it [[Walchersk]] sprutsen, in [[SieuskSiuwsk]] [[dialekt]]. Mei it [[Noardbevelânsk]] en it [[Súdbevelânsk]] wurdt dat ta de [[MiddensieuskMiddensiuwsk]]e dialektgroep rekkene.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu