Westkapelle (Nederlân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Westkapelle yn de gemeente Feare

Westkapelle (Siuwsk: Weskappel) is in plak mei histoaryske status as stêd yn 'e gemeente Feare op it westlike útein fan it eardere eilân Walcheren yn 'e provinsje Seelân. Westkapelle hie yn 2010 krekt mear as 2.700 ynwenners.

Bynammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid hat Westkapelle in tige besletten mienskip west. Dat wie (en is ek hjoeddedei noch) goed te sjen oan it lytse tal efternammen dat hja yn it doarp tsjinkomme. Om't trochstrings de bern nei harren pakes, beppes, omkes en tantes ferneamd waarden, hienen in protte minsken eins deselde namme. Sa binne Minderhoud, Gabriëlse en Roelse efternammen dy't yn Westkapelle in soad foarkomme.

Om fertribeling foar te kommen, waarden (en wurde) ornaris bynammen brûkt. Dizze nammen binne somtiden persoansbûn, mar wurde ek wol yn 'e famylje trochjûn; meastentiids is in kombinaasje fan beide it gefal. De bynamme kin bygelyks fan immens echte namme ôflaat wêze of ferwize nei ien fan syn of har (foar)âlden. Inkelde bynammen hawwe te krijen mei foarfallen dy't generaasjes werom plakfûn hawwe, wêrtroch't it ek sa wêze kin dat dy ferfongen wurde troch nijere bynammen. Minsken fan bûten it doarp dy't net op 'e hichte binne, kinne sels swierrichheden ûnderfine, om't immens echte namme yn inkelde gefallen hast net bekend is.

Foar offisjelere saken waard meastentiids de earste letter fan 'e heit, folge troch de letter 'z' of 'd' (zoon of dochter), efter de famyljenamme set. Sa betsjut bygelyks de namme Johanna Minderhoud Hd dat hja de dochter fan H. Minderhoud wie. Sa gong dat ek yn rouadvertinsjes.

Westkapelle