Earymar: ferskil tusken ferzjes
kt |
kt |
||
Rigel 27: | Rigel 27: | ||
}} |
}} |
||
[[Kategory: |
[[Kategory:Mar yn de Feriene Steaten]] |
||
[[Kategory: |
[[Kategory:Mar yn Kanada]] |
||
[[Kategory:Geografy fan Michigan]] |
[[Kategory:Geografy fan Michigan]] |
||
[[Kategory:Geografy fan New York]] |
[[Kategory:Geografy fan New York]] |
||
Rigel 35: | Rigel 35: | ||
[[Kategory:Geografy fan Ontario]] |
[[Kategory:Geografy fan Ontario]] |
||
[[Kategory:Grutte Marren]] |
[[Kategory:Grutte Marren]] |
||
[[Kategory:Mar]] |
De ferzje fan 16 jan 2016 om 21.36
Earymar | ||
De Earymar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau. | ||
geografy | ||
lokaasje | easten fan Noard-Amearika | |
koördinaten | 42°2′N 81°2′W | |
ûnderdiel fan | Grutte Marren | |
sifers | ||
maks. lingte | 388 km | |
maks. breedte | 92 km | |
oerflak | 25.667 km² | |
djiptegemiddelde | 19 m | |
djipste punt | 64 m | |
wetterfolume | 480 km³ |
De Earymar (Ingelsk: Lake Erie; Frânsk: Lac Érié), is ien fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 25.667 km². It djiptegemiddelde is 19 m, mei in djipste punt op 64 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 92 km, en op it langste punt 388 km. De Earymar is op 'e Ontariomar nei de lytste fan 'e fiif Grutte Marren.
De Earymar wurdt oan 'e westkant begrinzge troch de Amerikaanske steat Michigan, oan 'e súdkant troch de steaten Ohio, Pennsylvania en New York, en oan 'e noardkant troch de Kanadeeske provinsje Ontario. Der lizze mear as fjouwerentweintich petiterich lytse eilantsjes yn 'e Earymar. Mei it wetter dat de mar útstreamt, wurdt sawol yn Kanada as yn 'e Feriene Steaten in protte elektrisiteit opwekke, mei't it by de Niagarawetterfallen ûnbidich grutte hydro-elektryske turbines oandriuwt.
De mar is neamd nei de Eary (Erie), in no sa goed as útstoarn Yndiaansk folk dat de krite besuden de mar bewenne yn 'e tiid dat de earste Frânske ûntdekkingsreizgers dit diel fan Noard-Amearika besochten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|