Arabysk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Wat útwreide, mar fan it Frysk bin ik net sa wisse.
Rigel 19: Rigel 19:
| ôfbyldingsbreedte = 250px
| ôfbyldingsbreedte = 250px
}}
}}
It '''Arabyske''' is in [[taal]] út de [[Afro-Aziatyske]] taalfamylje, dus relatearre oan it [[Hebrieusk]] en oan it [[Arameesk]], nei alle gedachten de taal fan [[Jezus Kristus]]. It wurdt praat yn in grut diel fan it [[Heine Easten]] en oan de noardkust fan [[Afrika]], yn likernôch 22 lannen.
It '''Arabyske''' is in [[taal]] út de [[Afro-Aziatyske talen|Afro-Aziatyske]] taalfamylje. Krekt as it [[Hebrieusk]] en it [[Arameesk]] heart it dearbinnen by de [[Semityske talen]]. It wurdt praat yn in grut diel fan it [[Heine Easten]] en oan de noardkust fan [[Afrika]], yn likernôch 22 lannen.


== Islam ==
== Islam ==
It Arabysk is de religieuze taal fan [[mohammedaan|mohammedanen]], en de taal dêr't it hillige boek fan de [[Islam]], de [[Koaran]] yn skreaun is. It is net sa dat alle mohammedanen de taal sprekke, mar Arabysk wurdt al leard en brûkt troch mohammedanen de hiele wrâld oer.
It Arabysk is de religieuze taal fan [[mohammedaan|mohammedanen]], en de taal dêr't it hillige boek fan de [[Islam]], de [[Koaran]] yn skreaun is. It is net sa dat alle mohammedanen de taal sprekke, mar Arabysk wurdt al leard en brûkt troch mohammedanen de hiele wrâld oer. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprutse, kinne de Koaran faak al lêze of út it holle opsizze.


== Standerttaal en dialektferskaat ==
== Standerttaal en dialektferskaat ==
Rigel 28: Rigel 28:
De standertfoarm fan de taal hjit ''Klassyk Arabysk''. Dy foarm wurdt yn boeken, yn 'e media en yn de religieuze lear brûkt; it is in offisjele taal yn alle Arabyske lannen. Der is lykwols, lykas mei oare skrifttalen, in dúdlik ferskil tusken de skreaune foarm fan it Klassyk Arabysk en de sprutsen foarm. Of de foarmen as twa aparte talen beskôge wurde moatte is net eltsenien it oer iens.
De standertfoarm fan de taal hjit ''Klassyk Arabysk''. Dy foarm wurdt yn boeken, yn 'e media en yn de religieuze lear brûkt; it is in offisjele taal yn alle Arabyske lannen. Der is lykwols, lykas mei oare skrifttalen, in dúdlik ferskil tusken de skreaune foarm fan it Klassyk Arabysk en de sprutsen foarm. Of de foarmen as twa aparte talen beskôge wurde moatte is net eltsenien it oer iens.


Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat yn it dialekt fan [[Kairo]]. Dat is it meast prestisjeuze dialekt fan de Arabyske wrâld. Yn Arabyske films en televyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it [[Amerikaansk Ingelsk]] yn de westerske wrâld.
Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat faak yn it dialekt fan [[Kairo]]. Dat is it meast prestisjeuze dialekt fan de Arabyske wrâld. Yn Arabyske films en televyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it [[Amerikaansk Ingelsk]] yn de westerske wrâld.

De wichtichste ferskillen tusken de dialekten binne net geografysk mar sosjologysk. De Arabyske dialekten falle earst útinoar yn bedoeïnedialekten en sedentêre dialekten, de sendentêre dialekten wêr yn stêds- en plattelânstaal. It dúdlikste kriterium tusken dy trije is de útspraak fan de letter qaf (q). Dizze ferskillen gean werôm oant foar de islam en de Arabyske ekspansje. Pas nei't it Arabysk him oer grutte dielen fan Afrika en Azië ferbreide hie, binne fierdere dialektferskillen ûntstien. Dan noch moat me mei dizze tiperingen útsjen: Yn ferskate stedden (lykas [[Bagdad]] en [[Tripoli]]) sprekket de befolking in bedoeïnedialekt (ôm't de ynwenners fan in bedoeïnestam ôfstamme), wylst foaral yn Egipte it stêdsk ek op it lân te hearjen is.


== Skrift ==
== Skrift ==

De ferzje fan 13 jul 2014 om 14.31

Arabysk
(اللغة العربية, al-luġatu ʾl-ʿarabīya)
Tal sprekkers: 280 miljoen
Alfabet: Arabysk
Taalkoades
ISO 639-1: ar
ISO 639-2: ara
ISO 639-3: ara
Side út de Koaran yn it Arabysk
Side út de Koaran yn it Arabysk

It Arabyske is in taal út de Afro-Aziatyske taalfamylje. Krekt as it Hebrieusk en it Arameesk heart it dearbinnen by de Semityske talen. It wurdt praat yn in grut diel fan it Heine Easten en oan de noardkust fan Afrika, yn likernôch 22 lannen.

Islam

It Arabysk is de religieuze taal fan mohammedanen, en de taal dêr't it hillige boek fan de Islam, de Koaran yn skreaun is. It is net sa dat alle mohammedanen de taal sprekke, mar Arabysk wurdt al leard en brûkt troch mohammedanen de hiele wrâld oer. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprutse, kinne de Koaran faak al lêze of út it holle opsizze.

Standerttaal en dialektferskaat

Taalgebiet en dialektferskaat.

De standertfoarm fan de taal hjit Klassyk Arabysk. Dy foarm wurdt yn boeken, yn 'e media en yn de religieuze lear brûkt; it is in offisjele taal yn alle Arabyske lannen. Der is lykwols, lykas mei oare skrifttalen, in dúdlik ferskil tusken de skreaune foarm fan it Klassyk Arabysk en de sprutsen foarm. Of de foarmen as twa aparte talen beskôge wurde moatte is net eltsenien it oer iens.

Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat faak yn it dialekt fan Kairo. Dat is it meast prestisjeuze dialekt fan de Arabyske wrâld. Yn Arabyske films en televyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it Amerikaansk Ingelsk yn de westerske wrâld.

De wichtichste ferskillen tusken de dialekten binne net geografysk mar sosjologysk. De Arabyske dialekten falle earst útinoar yn bedoeïnedialekten en sedentêre dialekten, de sendentêre dialekten wêr yn stêds- en plattelânstaal. It dúdlikste kriterium tusken dy trije is de útspraak fan de letter qaf (q). Dizze ferskillen gean werôm oant foar de islam en de Arabyske ekspansje. Pas nei't it Arabysk him oer grutte dielen fan Afrika en Azië ferbreide hie, binne fierdere dialektferskillen ûntstien. Dan noch moat me mei dizze tiperingen útsjen: Yn ferskate stedden (lykas Bagdad en Tripoli) sprekket de befolking in bedoeïnedialekt (ôm't de ynwenners fan in bedoeïnestam ôfstamme), wylst foaral yn Egipte it stêdsk ek op it lân te hearjen is.

Skrift

Arabysk wurdt yn it Arabyske skrift skreaun, in skrift dat fan rjochts nei lofts rint. Dat Arabyske skrift wurdt ek brûkt foar in soad oare talen, bygelyks Persysk en Urdû. Krekt as it Latynske skrift giet it Arabyske skrift werom op it Fenisyske skrift. Ut it orizjinele Fenisyske skrift is it Nabeaanske skrift ûntstean, wat de direkte âldfaar fan it Arabyske skrift west hat.

Berjocht:Link FA Berjocht:Link FA