Amerikaansk-Ingelsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amerikaansk Ingelsk)
Amerikaansk-Ingelsk
algemien
eigen namme American English
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers 231.000.000 (2011)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Amerikaansk-Ingelsk
dialekten Nij-ingelânsk, Midwestlik, Súdlik,
Appalachysk, Kalifornysk, Teksaansk
en oaren
taalkoades
ISO 639-3 eng

It Amerikaansk-Ingelsk (Amerikaansk-Ingelsk: American English) is de Ingelske taal sa't dy sprutsen wurdt yn 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in dreech te omskriuwen taalfoarm, mei't it eins in sammelnamme is foar in groep sterk útinoar rinnende dialekten, fan Standertamerikaansk-Ingelsk, dat mear Standertingelsk mei in aksint is, oant Appalachysk (of Highland Southern), dat foar in sprekker fan Britsk-Ingelsk eins net iens nei te kommen is. Dêrby moat trouwens wol oantekene wurde dat it Amerikaansk-Ingelsk oer it algemien in folle homogener taalfoarm is as it Britsk-Ingelsk, wat fansels ek logysk is, mei't yn Grut-Brittanje de dialekten folle langer de tiid hân hawwe om har te ûntwikkeljen. It Standertamerikaansk-Ingelsk (General American) is basearre op it dialekt sa't dat yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw yn 'e krite besuden de Grutte Marren sprutsen waard (hoewol't de útspraak dêr no feroare is troch de Klankferskowing fan de Noardlike Stêden).

Ingelsk yn 'e Feriene Steaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ingelsk is de meast sprutsen taal yn 'e Feriene Steaten. Hoewol't it lân feitlik gjin wetlik as sadanich fêstleine offisjele taal hat, wurdt troch de Amerikaanske oerheid it Ingelsk brûkt (sij it net eksklusyf) om mei de befolking te kommunisearjen, en kin it sadwaande dus beskôge wurde as de feitlike nasjonale taal. Op it nivo fan 'e ôfsûnderlike steaten is it Ingelsk wetlik ta offisjele taal makke troch 30 fan 'e 50 steatsregearings. It gebrûk fan it Ingelsk yn 'e Feriene Steaten komt fuort út 'e Ingelske kolonisaasje fan Noard-Amearika. De earste weach fan Ingelsktalige kolonisten arrivearre yn 'e santjinde iuw, folge troch fierdere ymmigraasje yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw.

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnderskie tusken de ferskillende dialekten fan Amerikaansk-Ingelsk giet fierhinne werom op trije dingen: oarsprong, ynfloeden fan oare talen en isolaasje. Sa fynt it Nij-ingelânsk, dat sprutsen wurdt yn it uterste noardeasten fan 'e Feriene Steaten, yn in gebiet dat yn it westen en suden begrinzge wurdt troch de rivier de Konnetikut en de Long Island Sound, syn oarsprong yn it spraakgebrûk fan 'e puriteinen út East-Anglia dy't de koloanje Massachusetts stiften. En it Kustsúdlike dialekt fan eastlik Firginia giet werom op 'e Westingelske dialekten dy't sprutsen waarden troch de kolonisten út it Westlân (de greefskippen Dorset, Somerset, Wiltshire en Devon en de stêd Bristol), dy't har yn de twadde helte fan 'e santjinde iuw, nei de Ingelske Boargeroarloch, yn 'e koloanje Firginia nei wenjen setten.

Op guon plakken hiene de Ingelske kolonisten te krijen mei eardere kolonisten fan oar komôf, lykas yn 'e stêd New York, op Long Island en yn eastlik Nij-Jersey, dêr't it Ingelsk him ûntjoech op it Nederlânske substraat fan 'e befolking fan 'e koloanje Nij-Nederlân. Yn 'e Mississippydelta fan Louisiana hie it Frânsk him al fêstige ear't it Ingelsk der trochkrong, wat hjoed de dei noch dúdlik te merken is oan it Ingelsk fan New Orleans, dat ôfmakke is mei Frânske wurden. Itselde is it gefal mei it Spaansk yn Arizona en Nij-Meksiko, súdlik Kalifornje en súdwestlik Teksas. Fierders hawwe ek de lânseigen talen fan 'e ferskillende Yndiaanske folken in beskate ynfloed hân. In grut tal fan 'e dialekten is boppedat mei foarme troch de memmetalen fan lettere kolonisten, dy't as superstraten fungearren, lykas it Iersk en fral it Iersk-Ingelsk yn en om Boston hinne, it Dútsk op in ferskaat oan plakken, en de Skandinavyske talen, benammen it Sweedsk, yn Minnesota, Wiskonsin, Opper-Michigan en de beide Dakota's.

It Súdlik Amerikaansk-Ingelsk, mei syn teamerige, kliemske útspraak en nasale kwaliteit, dy't it sterkst is yn Súd-Karolina, is ien fan 'e bekendste en maklikst wer te kennen foarmen fan it Amerikaansk-Ingelsk. De reden dat dit sa ôfwykt fan 'e oare dialekten is dat it Ingelsk yn it Amerikaanske Suden paradoksalernôch in sterke ynfloed ûndergien hat fan it taalgebrûk fan 'e ûnderste laach fan 'e Súdlike maatskippij. De rike plantaazjehâlders, dy't in protte slaven hiene, wiene de meast foaroansteande boargers yn it Suden fan foar de Amerikaanske Boargeroarloch. Sy lieten harren bern fierhinne grutbringe troch in mammy, in âldere slavinne dy't as bernefamke fungearre. De bern learden dus praten fan persoanen wa har spraakgebrûk oft syn woartels hie yn 'e oarspronklike Westafrikaanske talen fan 'e negerslaven. De minder rike blanken fan it Suden, dy't gjin slaven hiene, pasten har oan it spraakgebrûk fan 'e maatskiplike elite oan, en sa ûntstie it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk. Dizze ûntsteansskiednis is ek de reden dat Súdlik Amerikaansk-Ingelsk safolle gemien hat mei Afro-Amerikaansk-Ingelsk (of Ebonics, sa't dat tsjintwurdich ek wol neamd wurdt), de dialekten fan 'e swarte Amerikanen.

Isolaasje, it trêde aspekt dat yn 'e Feriene Steaten bydroech ta dialektfoarming, spile fral in grutte rol by it ta stân kommen fan it Appalachysk, it dialekt fan 'e Appalachen fan West-Firginia oant Georgia, en teffens fan 'e heechlannen fan Kentucky en Tennessee. De befolking yn dy gebieten bleau oant fier yn 'e tweintichste iuw fierhinne isolearre fan 'e rest fan 'e wrâld, en libbe yn djippe earmoede. Yn 'e Amerikaanske kultuer wurde lju dêrwei yn 'e regel foarsteld as it stereotipe redneck (in beneaming dy't fuortkomt út it feit dat sokken faak in read ferbaarnde nekke hiene fanwegen harren lange oeren fan wurk op it lân, yn 'e felle sinne). It Appalachyske dialekt hat dan ek fan alle foarmen fan Amerikaansk-Ingelsk de leechste sosjale status.

Yn it Westen fan 'e Feriene Steaten binne de dialekten folle minder sterk ûntwikkele, al besteane der wol útspraakferskillen. Sa is it Teksaansk noch dúdlik in westlike útrinder fan it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk, wylst ek Kalifornysk, popularisearre troch de withoefolle film en tillefyzjesearjes dy't produsearre wurde yn Hollywood, frij maklik wer te kennen is. In aparte fariant is datoangeande it saneamde Valley Speak ("Falleipraat", neamd nei de San Fernandofallei, dy't ûnderdiel foarmet fan Los Angeles), wêrby't alle sinnen allyk fragen mei opgeande toan einigje, wat fral by tinerfamkes (Valley girls) foarkomt. Yn it grutste part fan it eardere Wylde Westen hat de kolonisaasje troch Amerikanen út it easten wei laat ta in ferminging en nivelearring fan it taalgebrûk. De sterkst ûntwikkele dialekten fan it Amerikaansk-Ingelsk binne sadwaande allegear yn it easten fan it lân te finen. Op in selde manear hawwe de Afro-Amerikaanske dialekten harren regiospesifykheid ferlern sûnt de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing fan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw, wêrby't de swarte befolking fan it Amerikaanske Suden yn grutte oantallen nei de stêden yn it Noarden ferfearen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side.