Fryske Autobusmaatskippij: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Autobedriuw ZWH
No edit summary
Rigel 7: Rigel 7:


[[Kategory:Ferfier yn Fryslân]]
[[Kategory:Ferfier yn Fryslân]]

[[nl:Friese Autobus Maatschappij]]

De ferzje fan 25 mrt 2010 om 17.48

Leyland-Den Oudsten bus 5509 fan de FRAM, in eartiiske stêdsbus út Hilversum (eks-NBM, eks-Centraal Nederland, eks-Haachsk Bus Museum), yn It Hearrenfean.

De Friese Autobus Maatschappij (FRAM), fêstige op It Hearrenfean, wie in iepenbier ferfierbedriuw dat op 1 april 1971 ûntstien wie út in fúzje fan de NOF yn Dokkum - wêr't koart dêrfoar de LABO en de LAB, beide út Ljouwert, yn opnommen wiene - mei de NTM op It Hearrenfean. Op 1 jannewaris 1974 kaam dêr it ZWH yn Balk by en op 1 jannewaris 1979 ek noch de linetsjinsten fan de ESA út Mearum.

It ferfiersgebiet bestie út de hiele provinsje Fryslân (mei de Waadeilannen Flylân, It Amelân, Skylge en Skiermûntseach), súdwest-Grinslân, linen nei Assen en Meppel en in part fan de Noardeastpolder. Teffens waard er yn kombinaasje mei de NZH riden fan Ljouwert fia de Ofslútdyk nei Alkmaar yn Noard-Hollân.

Op 1 jannewaris 1996 fusearre de FRAM mei de DVM/NWH ta de VEONN. Mei yngong fan 30 septimber 1998 waard de Hanze Groep, wêr't VEONN diel fan útmakke, oernommen troch Arriva en mei 22 april 1999 krigen de bussen ek it Arriva-logo.