VEONN

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bus 9390 fan'e VEONN te Grins
VEONN bus yn eigen hûsstyl yn Swol

VEONN (Vervoersoderneming Noord-Nederland) wie in Noard-Nederlânsk iepenbier ferfierbedriuw dat op 1 jannewaris 1996 ûntstie troch in fúzje tusken de FRAM út Fryslân en de DVM/NWH út Drinte en de Noardeastpolder/Noardwest-Oerisel. De oarspronklike namme foar it fúzjebedriuw soe 'Noardnet' wurde (mei in -t oan 'e ein), mar troch in rjochtenprobleem ferdwûn dy namme en waard foar VEONN keazen.[1][2] It bedriuw hat noch gjin trije jier bestien, want it waard op 30 septimber 1998 oernomd troch Arriva. Dat joech Arriva direkt in sterke posysje yn it noarden fan Nederlân. De bussen rieden lykwols pas op 22 april 1999 mei it Arriva-logo.

Materieel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid fan de VEONN waarden in beheind tal bussen besteld by de bedriuwen fan Den Oudsten en Berkhof. Dizze bussen waarden levere yn in wite hûsstyl mei ljocht/donkerblauwe skuonplaten. Alle bussen binne yn 1999 mei oergien nei de nije ferfierder Arriva. De measte bussen hawwe no de Arrivakleuren.

De measte bussen bleaune lykwols riden mei it âlde kleureskema. Dit wie foaral ESO-streekgiel/griis, FRAM-blau en DVM/NWH-giel/blau.

Unifoarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sjauffeurs fan de VEONN krigen in unifoarm mei in blauwe jas en broek en in rôze bûsgroentsje.

Opsplitsing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 30 septimber 1998 waard de VEONN ferkocht oan it Britske Arriva. De konsesje fan de Noard- en Súdwest-Fryslân gie fierder ûnder de namme NoordNed, in dochterûndernimming fan Arriva en NS. Dat betsjutte dat fan dy tiid ôf de provinsje Fryslân ferdield waard oer twa busbedriuwen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vervoersbedrijven uit Friesland en Drenthe gaan op in Noordnet
  2. Bussen in Noordoost-Friesland Yn dit artikel wyn de flecht wei yngien op de namme Noordnet.