Meidogger oerlis:Kneppelfreed: ferskil tusken ferzjes

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Symfony: nije seksje
Rigel 99: Rigel 99:
:Ik haw no oan myn [[Berjocht:Ynfoboks plak|kaartsjes probearsel]], wêr at ik wat yn hingje blean ek in foarbyld taheakke tusken dy noinclude tags. [[Meidogger:Theun|Theun]] ([[Meidogger oerlis:Theun|oerlis]]) 20 jun 2021, 11.08 (CEST)
:Ik haw no oan myn [[Berjocht:Ynfoboks plak|kaartsjes probearsel]], wêr at ik wat yn hingje blean ek in foarbyld taheakke tusken dy noinclude tags. [[Meidogger:Theun|Theun]] ([[Meidogger oerlis:Theun|oerlis]]) 20 jun 2021, 11.08 (CEST)
::{{Ping|Theun}}, ja it is slagge. Tige tank foar jo help :-) --[[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 20 jun 2021, 16.37 (CEST)
::{{Ping|Theun}}, ja it is slagge. Tige tank foar jo help :-) --[[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 20 jun 2021, 16.37 (CEST)

== Symfony ==

Tank foar jo ferbetterings. Ik hie sels it woardsje 'wa' ferjitten (?), kinne je neigean hoe roastich myn Frysk wurden is... No ja, it sil ek it stuit fan 'e "dei" wol wêze... [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 3 jul 2021, 09.31 (CEST)

De ferzje fan 3 jul 2021 om 09.31

Wolkom op de Fryske Wikipedy, soe ik sizze. Help yn it koart:

  • Ynformaasje oer hoe de wikipedy funksjonearret fine jo op Wikipedy:Mienskip.
  • At jo wat freegje wolle, wat útstelle wolle as gewoan in praatsje meitsje wolle dan kin dat op de Wikipedy:Oerlisside.
  • At jo earne oerlis skriuwe, set dêrûnder dan ~~~~, dat wurdt dan omset in jo meidochnamme en de tiid.

Fansels is jo bydrage oer Koarnwert sûnt al in pear kear oanpast; dat is no krekt hoe't de wiki funksjonearret. Mar kinne jo sels nochris sjen nei it part oer it "strategysk" stee? Ik wit net krekt wat ik dêrút lêze moat. Aliter 16 des 2008, 00.07 (CET)[beäntwurdzje]

Tige tanke foar jo ynformaasje. It is moai om in bydrage te leverjen oan de Fryske wikipedy. It stee "strategysk" fan Koarnwert kin ek wol "geunstich" bedoeld wurde. Koarnwert lei oan'e iennige farrûte (dy't by de sédyk lâns rûn) nei Makkum, wêr't de slûzen nei de Sudersee wiene. Makkum yn dy dagen stelde sels noch net folle foar. It bestie doe allinne út de St.Martensterp mei de tsjerke en in tal pleatsen. Letter is rûnom de slûzen it doarp Statum ûntstien, wat dan letter in ûnderdiel fan Makkum waard. Groetnis --Kneppelfreed 20 des 2008, 06.26 (CET)[beäntwurdzje]

Yakuma County

Bêste Kn. Ik bin tige bliid mei jo stikjes oer plakken yn Yakuma County, Washington. Fannijs wolkom! Ien ding: soene jo de boarnen neame wolle/kinne dy't de Fryske emigranten/mienskippen yn dy plakken oanbelangje? Groetnis, Drewes (talk) 15 nov 2013, 18.21 (CET)[beäntwurdzje]

Siden oer Washington

Goeie, Kneppelfreed. Prachtich wat jo dogge mei al dy nije siden oer plakken en countys yn Washington. Gean sa troch!

Eefkes in pear oanwizings om it noch better te meitsjen.

  • As jo in plaatsje foaroan yn in artikel sette, en it is in artikel mei sa'n ynfoboks rjochtsboppe-oan, dan moat it plaatsje eins oan 'e linkerkant, want oars komt it ûnder de ynfoboks te stean, en dan bliuwt de tekst derefter hingjen, sadat je dan boppe-oan yn it artikel, fuort njonken de ynfoboks, in hiel grut blanko flak krije (sjoch bgl. wat ik feroare haw oan Prosser (Washington)).
  • As jo in kategory oanmeitsje, lykas jo dien hawwe mei Kategory:Plak yn Benton County, dan hoege jo dêr net yn te setten hoefolle siden deryn sitte; dat docht it systeem automatysk wol. Folle better kinne jo dêr in kategory yn sette; de Kategory:Plak yn Benton County heart bgl. thús yn 'e Kategory:Plak yn Washington, dy't sels wer ûnderbrocht is yn 'e kategoryen Washington en Plak yn de Feriene Steaten. Sa bouwe je in moai systeem fan kategoryen op.
  • Ik haw jo Kategory:Plak yn Benton County feroare yn Kategory:Plak yn Benton County (Washington), want der blike 9 ferskillende Benton Countys yn 'e Feriene Steaten te wêzen. It is miskien wol sa handich as jo gewoan standert de steat der even tusken heakjes efter sette, want better mei ferlegen as om ferlegen.
  • En as jo sokke kategorysiden ek eefkes oan Wikidata fêstheakje kinne (sa't jo ek mei de artikelsiden dien hawwe) dan soe it hielendal moai wêze. In kategory as Plak yn Benton County (Washington) heart bgl. by Category:Populated places in Benton County, Washington. Mar faak is it makliker om 'e link te finen fia de korrespondearjende kategoryside op 'e Ingelske Wikipedia.

En no mar hoopje dat ik jo net fuortjage haw mei myn geseur. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 21 nov 2013, 16.12 (CET)[beäntwurdzje]

Dat is moai om te hearren, Kneppelfreed. En it wiene net sasear foutsjes, mar mear handichheidsjes. Hjir is noch ien: as jo in opmerking op in oerlisside ûndertekenje, dan kinne jo dat ienfâldichwei dwaan troch fjouwer tildes efterinoar te typen (in tilde is de ~, it weachje, sis mar, dat op it toetseboerd op 'e knop links fan 'e 1 sit). Troch dat te dwaan wurdt net inkeld jo meidochnamme automatysk tafoege, mar ek in link nei jo eigen oerlisside en de datum en tiid dat jo de opmerking makke hawwe. Lykas hjirre dus: Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 nov 2013, 15.44 (CET)[beäntwurdzje]

Ynfoboks County

Goeie K. Ik soe jo wol helpe wolle, mar haw soks en noch nea by de ein hân. Jo soene Ieneach freegje kinne. Drewes (talk) 23 des 2013, 16.13 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, mei dy ynfoboksen haw ik earst ek in hiel hoart ompield, en soms krij ik it noch net hielendal nei 't sin. Ik tink dat it it fluchste giet as ik der even ien foar jo oanmeitsje, want om it sa fia skreaune tekst út te lizzen, dat wurdt in hiele toer. Ik kom der letter (hjoed of uterlik moarn) even op werom. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 des 2013, 12.33 (CET)[beäntwurdzje]
No, ik haw in ynfoboks foar Amerikaanske countys (en oare gebieten) makke. De ynfoboks stiet hjir: Berjocht:Universele ynfoboks gebiet. Mar ik moast him fansels ek even prebearje om te sjen oft er goed wurke, dat it is foar jo it maklikst om 'e ynfoboks fan 'e side Yakima County (Washington) oer te nimmen en oan te passen foar oare siden. Ik haw der mei sin noch twa ekstra mooglike bestjoerslagen yn oanbrocht; miskien ha wy dy nea nedich, mar ús mem sei altyd: "Better dermei ferlegen as derom ferlegen." Foar Amerikaanske countys kinne jo dat spul (bestjoerlike ienheid 2, namme bestjoerlike ienheid 2, bestjoerlike ienheid 3, namme bestjoerlike ienheid 3) gewoan iepenlitte, en om't it in universele ynfoboks is, lit it systeem se dan "op 'e foarkant" (sil ik it mar neame) net sjen.
Sa. Ik hoopje dat jo hjir earst wer mei fierder kinne. Dizze ynfoboks kinne jo trouwens in flagge en/of wapen fan in county net yn kwyt, mar de meast Amerikaanske countys lykje gjin flaggen/wapens te hawwen, of alteast, se steane net op 'e siden yn 'e Ingelske Wikipedy fermeld. As jo ien tsjinkomme wêrby't al in flagge en/of wapen beskikber is, lykas en:Los Angeles County, California, dan sjogge wy dan wol wer. Noflike krystdagen en goed útein! Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 des 2013, 22.31 (CET)[beäntwurdzje]

Olympyske en Paralympyske Winterspullen 2014

Goeiemiddei Kneppelfreed,

De Siden foar de Olympyske Winterspullen 2014 en Paralympyske Winterspullen 2014 steane klear (hjir en dêr moat de stavering noch hifke wurde), no mar hoopje op moaie prestaasjes fan de Fryske en Nederlânske sporters. As jo tidens de spullen in útslach tsjikomme dy't noch net ynfolle is fyl jo frij om it yn te foljen.

Wikiice (talk) 5 feb 2014, 16.41 (CET)[beäntwurdzje]

De mar

Hoi Kneppelfreed, ik wol net fan de taalplysje wêze, mar se hawwe my bybrocht dat it is "de mar" en net "it mar". Fierders gjin opmerkings, de leverst goeie bydragen. Gr. --Geoffrey (talk) 23 feb 2014, 21.53 (CET)[beäntwurdzje]

omstavere 2015

Bêste Kneppelfreed,

Troch de staveringsoanpassing fan de Steatestavering feroarje in tal wurden - sjoch list omstavere wurden - fan skriuwwize. Soene jo jo dêr ek efkes yn ferdjipje - kategory:stavering 2015 - en wêr't jo sokke wurden tsjinkomme dy omstaverje wolle?Yn 'e Wâlden (talk) 12 jan 2015, 10.47 (CET)[beäntwurdzje]

Dei Kneppelfreed, Yn desimber hawwe de Steaten it beslút naam, mar om't wy hjir wol de helte fan de siden bydel moatte, sille wy dêr wêr't each derop falt de saken "ferbetterje" moatte. As wy dan om 2017 hinne de saken nochris neiswylje, dan tink ik dat wy de Wikipedy wer by de tiid hawwe. Oan de ferskate dialektfoarmen feroaret der neat. Trije begripen dy't derút springe, binne de ieu -> iuw, droech -> drûch (mar net it ûnregelmjittige tiidwurd drage, dy tiidwurden bliuwe gelyk), de tusken 'v' fan televyzje -> telefyzje krekt as dy by ynvalide -> ynfalide (om't fyzje en falide ek selsstannich foarkomme kinne). Under de side Oanpaste Steatestavering stiet in keppeling nei de beskiuwing op de Akademy-side. Ik wurkje sels oan de jiersiden fan 2015 ôf en dan tebek (op dit stuit bin ik by 1771). It is gjin ramp dat der eat sitten bliuwt, mar alles wat by de tiid is, is meinaam.Yn 'e Wâlden (talk) 13 jan 2015, 10.04 (CET)[beäntwurdzje]

Keppelings oare talen

Jawis, wit ik hoe't dat moat, Kneppelfreed. Jo geane nei Wikidata (hjirre) (ik ried jo oan om dizze side op te slaan by jo favoriten, want hjir moatte jo hieltyd hinne), dan type jo krekt as by Wikipedia rjochtsboppe de side yn dy't jo hawwe moatte (yn it Ingelsk, dat wol), en dan krije jo (by in breed skerm) oan 'e rjochterkant de Wikipedia-keppelings yn oare talen te sjen. As jo in smel skerm brûke, dan steane se in ein nei ûnderen ta. Pas op, want op dizze siden steane ek keppelings fan oare Wikiprojekten, lykas Wikinews en Wikivoyage. Jo moatte de Wikipedia-keppelings hawwe, dat binne altyd de boppesten. Ik haw Mariûpol sels al even dien om te sjen oft der wat oan 'e hân wie, mar dat wie net sa. Ik sil no as foarbyld de Wikidata-side fan Mariûpol der even by nimme. Dy hjit fansels "Mariupol". Dan stiet der: "Wikipedia 98 entries", mei dêrnjonken in edit-knop. Dêr klikke jo op, en dan foegje jo ûnderoan de rige jo keppeling ta, dat wol sizze yn it earste fakje "fy" (foar de Fryske Wikipedy) en yn it twadde fakje de namme fan jo side. Dêrnei klikke jo op "save", rjochts fan de "edit"-knop. Rjochts fan de "save"-knop stiet de "cancel"-knop, foar as jo jo betinke. "Save" en "cancel" ferskine pas as jo op "edit" klikt hawwe. Tusken de earste fakjes (mei de taalkoade -- fy, nl, en, ensfh.) en de fakjes mei de sidenamme yn stiet in ikoantsje dat in jiskefet foarsteld. As jo in foute keppeling makke hawwe, kinne jo op "edit" klikke en dan op it jiskefetsje fan dy keppeling, en dan wurdt dy keppeling fuortsmiten.

Soms is it sa dat der op Wikidata wat omslachtige nammen brûkt wurde, dy't foar ien dy't fan hûs út net Ingelsktalich is, dreech te finen binne. In oplossing is dan om nei in korrespondearjende side te gean yn in oare Wikipedy (de Ingelske of de Nederlânske), dy't jo wol fine kinne. Dan stiet der yn 'e loftermarzje ûnder "helpmiddels" (Ing. tools, Ned. hulpmiddelen) in link dy't "Wikidata item" hjit. As jo dêrop klikke, komme jo by de Wikidata-side dy't jo hawwe moatte. De lêste tiid hat Wikidata in hiel yrritant probleem ûntwikkele, dat as je al in hoartsje op dy site sitte en je wolle in keppeling tafoegje, dat it spul dan fêstrint en jo de melding "invalid token" krije. Dan moatte jo in nije brows-sesje begjinne (klik yn jo browser op Bestand, dan op Nieuwe Sessie), dan wer nei Wikidata ta, op 'e nij ynlogge (as jo teminsten ûnder jo meidoggersnamme wurkje wolle), wer nei de side ta dy't jo hawwe moatte, en dan docht alles it wer. No, dat wie it wol, leau ik. Sa't ik sei, ik haw Mariûpol al dien, dat ik soe sizze, besykje it sels nochris mei de oare siden. Krije jo it net foarelkoar, dan hear ik it wol. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 30 jan 2015, 12.48 (CET)[beäntwurdzje]

Alfabetisearring

Goeie, Kneppelfreed. Kreaze side oer Richard von Weizsäcker, en ik sjoch dat jo no gjin problemen mear hawwe mei it artikel oan Wikidata te keppeljen. Ien ding noch: as jo persoanen dogge, moatte jo dy eins even alfabetisearje op 'e efternamme. Dat dogge jo troch foarôfgeande oan de kategoryen: { {DEFAULTSORT:Weizsacker, Richard von} } te setten, mar dan fansels sûnder de spaasje tusken de akkolades (as ik dy spaasjes der hjir net tusken set, dan alfabetisearje ik jo oerlisside). By dizze sortearring moatte jo gjin diakrityske tekens skriuwe (â, ä, á, à, ê, ô, ö, û, ú, ü ensfh.), want it systeem alfabetisearret sokke letters oan 'e ein fan it alfabet, nei de z. Dan krije je nuvere dingen dat bygelyks Wâldsein nei Wurdum yn 'e kategoryen komt te stean. Dus ek by siden dy't net oer persoanen geane, mar dy't foaroan yn it wurdt sa'n diakritysk teken hawwe, is it de baas om even in "defaultsort" ta te foegjen. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 4 feb 2015, 11.32 (CET)[beäntwurdzje]

Dit jildt foar eltse side dy't jo alfabetisearje wolle op in oare letter as de earste letter fan 'e namme. Yn 'e praktyk fral persoanen, ja, mar sa't ik sei is it mei diakrityske tekens (dêr't it Frysk der nochal wat fan hat) ek de baas om dit te dwaan, fral as dy fuort oan it begjin fan it wurd foarkomme. Dus bygelyks Wûns alfabetisearje op "Wuns" en Wâldsein op "Waldsein". As jo bygelyks Earnewâld hawwe, is it minder wichtich, om't it net foar de hân leit dat der yn 'e kategoryen dêr't jo dat yn yndiele noch in artikel is dat mei "Earnew-" begjint. Wat jo berskriuwe mei dy koades, dat komt my net bekend foar, of it moat wêze... Jo moatte ris nei Wikidata ta gean en nei in willekeurich item (Mariupol, bygelyks). Dan mei de rjochtermûsknop op de edit-knop klikke, en dan "Openen in nieuw venster" dwaan. Dan krije je der in soartemint formulier foar, dêr't je ek Wikipedialinks mei tafoegje kinne. Dit ding wol der oars ek noch wolris út himsels foar komme as se op Wikidata mei it systeem oan it ompielen binne. By "site id" "fywiki" ynfolje, by "site link" de namme fan 'e side op 'e Fryske Wikipedy dy't jo oan it Wikidata item keppelje wolle. "Badges" kinne jo oerslaan, en dan gewoan op "Set the site link" klikke om it spul definityf te meitsjen. Is dit dy side dêr't jo it oer hinenen dêr't jo koades ynfolje moasten? It is nammers it iennige dat ik dêrby betinke kin. Ieneach fan 'e Esk (talk) 5 feb 2015, 11.39 (CET)[beäntwurdzje]
Graach dien. Ieneach fan 'e Esk (talk) 10 feb 2015, 15.46 (CET)[beäntwurdzje]

Sjoerdco

Goeie Kn. Tank foar jo reäksje. At jo gelyk hawwe dat syn boarne dy fan ûnderwizer Steenstra, as oare 19e iuwske boarnen, is soe my dat gjin dwaan fanwege it romantysk halte. Ik hie ek al sjoen dat er wiere stikken yn syn ferhalen sitte, mar helje dy der mar is út mei ferwizing nei boarnen. Ik haw dêr gjin nocht oan en mei Sjoerd is it dreech kommunisearjen. It stik sa't er der no leit kin yn elts gefal net. Gr. Drewes (oerlis) 6 mrt 2015, 17.23 (CET)[beäntwurdzje]

Foarstel 'oe'/'û'-kwestje

Goeie, Kneppelfreed. Ik haw op 'e Oerlisside in foarstel dien om foar iens en foar altyd de strideraasje oer de 'oe'/'û'-stavering yn lannenammen út 'e wei te romjen. Ik soe graach wolle dat jo hjirre ris nei seagen en in stim útbrochten sadat de mearderheid fan 'e Wikipedy-mienskip oer dizze saak beslisse kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2016, 21.58 (CEST)[beäntwurdzje]

Staveringsgedoente

Goeie Kneppelfreed. Ik kin my wol in bytsje yntinke dat jo juster efkes it mier hiene oan myn aksje. Mar it wie net persoanlik bedoeld, it is net sa dat ik jo op de hûd sitte wol wat stavering oanbelanget. At ik flaters yn in stikje sjoch en der net fuortendaliks nocht oan om dy te ferbetterjen, set ik dêr it berjocht 'stavering' boppe, as in soarte fan reminder. Mear is't net. Groetnis. Drewes (oerlis) 14 sep 2020, 20.11 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie @Drewes: tige tank foar jo útlis en it is fierders allegear goed. Ja ik hie it mier al even juster en utere myn frustraasje op de oerlisside fan de oanmakke side mar dy hie ik njonkelytsen der al wer ôf helle. Ik begryp fierders jo punt wol want we wolle fansels sa min mooglik flaters yn de wiki hawwe. It falt somtiden net altyd ta om de júste wurden te finen om't de sprektaal ek wol wat ôfwykt fan de skriuwtaal en yn myn deistich wurk brûk in soad Ingelsk fandêr myn Fringelsk der hjir en dêr. Mar de Fryske taal giet my tige oan it hert en troch oan de wikipedy by te dragen, dêr't ik fierders in soad wille oan ha, besykje ik it te stypjen en bliuw ik ek mei it heitelân ferbûn. Kneppelfreed (oerlis) 15 sep 2020, 19.43 (CEST)[beäntwurdzje]

No Kneppelsma, de swierrichheden dy't jo ha mei it skriuwen fan geef Frysk binne mines ek. It sprutsen Frysk is hjir by in soad minsken ferjûn fan it Hollânsk. Ik fernim it oan mysels ek. As ik geef Frysk prate soe (en koe), begripe de minsken it mar heal, hawwe der argewaasje fan en tinke (faak)s: wat is dat foar in healwize fanatike figuer? Goed Frysk ûnderrjocht op de basisskoalle soe moatte, mar dan noch tink ik dat it proses fan taalfersleaukjen net te kearen is yn in maatskippij dy't oerhearske wurdt fan it Ingelsk en Nederlânsk. It kin de measte minsken gewoan gjin sprút skille. Wat jo Fringelsk oanbelanget: net oer yn sitte, wy meitsje de Wikipedy meielkoar. Gr. Drewes (oerlis) 16 sep 2020, 17.52 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: tige tank foar jo oanmoedigjende wurden. Gr.Kneppelfreed (oerlis) 18 sep 2020, 05.44 (CEST)[beäntwurdzje]

We sent you an e-mail

Hello Kneppelfreed,

Really sorry for the inconvenience. This is a gentle note to request that you check your email. We sent you a message titled "The Community Insights survey is coming!". If you have questions, email surveys@wikimedia.org.

You can see my explanation here.

MediaWiki message delivery (oerlis) 25 sep 2020, 20.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Oeps...

Goeie, Kneppelfreed. Sorry foar myn nuvere flater fan juster. It wie let en ik hie it stik net goed lêzen om't ik al miende te witten wat it wie. Us âlde mem soe wol sizze: "Miene is broekskite." Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 apr 2021, 18.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie, @Ieneach fan 'e Esk:, neat te rêden, hear. It kin barre. Doch ik sels ek faak genôch.:-) --Kneppelfreed (oerlis) 27 apr 2021, 04.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Wynroas

Hoi Kneppelfreed, ik sjoch dat jo it berjocht wynroas hjir ek brûke wolle. Ik tink dat jo de ferzje fan nl as foarbyld brûkt hawwe. It probleem sit him yn dat jo dy extra ynformaasje mei foarbyld ensa net tusken dy \<noinclude\> tags setten haw (wit net hoe at ik "tags" yn it frysk sizze moat). Dat lêste part wurdt dan weilitten at it berjocht brûkt wurdt. Derom wurd by jo foarbyld it berjocht sjen litten, mar ek wer dy ekstra ynformaasje oan it ein, mei it foarbyld.. Fandear dat it nei 2 kear ek ôfkapt wurdt mei in foutmelding. Oars soe it in ûneindig trochgean. Theun (oerlis) 20 jun 2021, 10.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw no oan myn kaartsjes probearsel, wêr at ik wat yn hingje blean ek in foarbyld taheakke tusken dy noinclude tags. Theun (oerlis) 20 jun 2021, 11.08 (CEST)[beäntwurdzje]
@Theun:, ja it is slagge. Tige tank foar jo help :-) --Kneppelfreed (oerlis) 20 jun 2021, 16.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Symfony

Tank foar jo ferbetterings. Ik hie sels it woardsje 'wa' ferjitten (?), kinne je neigean hoe roastich myn Frysk wurden is... No ja, it sil ek it stuit fan 'e "dei" wol wêze... Steinbach (oerlis) 3 jul 2021, 09.31 (CEST)[beäntwurdzje]