Springe nei ynhâld

Westmunstertsjerke

Ut Wikipedy
Westmunstertsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Markt
koördinaten 51° 29'N 3° 36'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier ± 1000
sloopjier 1575
boustyl Gotyk
Kaart
Westmunstertsjerke (Middelburch-Sintrum)
Westmunstertsjerke

De Westmunstertsjerke (Westmonsterkerk) of Sint-Martenstsjerke (Sint Maartenskerk) wie de âldste parochytsjerke fan Middelburch yn provinsje Seelân.

De tsjerke waard om 1000 hinne boud as earste tsjerke op Walcheren. Healwei de 11e iuw waard it parochygebiet fan 'e tsjerke opdield en ûnstiene der op Walcheren mear parochy's. Tsjin it ein fan 'e 11e iuw waard de stifting fan in twadde tsjerke yn Middelburch needsaaklik. Sa ûntstie út de Westmunsterparochy in twadde parochy fan Middelburch, mei de Noardmunstertsjerke of de Sint-Piter as parochytsjerke. De lêste parochy dy't yn it midsiuwske Middelburch fan 'e Westmunster ôfsplitst waard wie flak foar 1270 de Kleasterparochy. De parochianen dêrfan tsjerkten yn de Nije Tsjerke, de tsjerke fan 'e yn 1123 stifte abdij, dy't ek de Eastmunster- of Sint-Nikolaastsjerke neamd waard.

Goatyske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romaanske Westmunstertsjerke waard nei alle gedachten yn 1390 ferfongen troch in foarse goatyske tsjerke mei in toer op de krusing. It tsjerkegebou rekke yn 1557 by min waar slim skeind, doe't de toer op it skip foel. Dat wie ek de reden dat net de Westmunstertsjerke, mar de Noardmunstertsjerke de katedraal waard fan it yn 1559 stifte bisdom Middelburch.

De Westmunstertsjerke foarme it sintrum fan de stêd, dêr't de merke holden waard, mar yn de jierren 1566-1567 krige de reformaasje yn Middelburch foet oan 'e grûn. Op 22 augustus 1566 fûn de byldestoarm plak. Mei't de stêd de grifformearde lear oannaam waarden de premonstratinzerske abdijtsjerke en de Westmunstertsjerke oerstallich. Yn 1575 naam de ried fan Middelburch it beslút om de Westmunstsjerke ôf te brekken. Op it lege plak waard dêrnei de Grote Markt oanlein.

Yn 1943 en 1998 fûn op it eardere plak fan 'e tsjerke argeologysk ûndersyk plak. De opgravings leine in trijeskippige goatyske tsjerke mei in transept bleat, in lang koer, in omgong mei in kapellekrâns en in grut tal alters. By de opgravings fan 1998 waarden de gegevens fan 1943 befêstige en oanfolle. Njonken fûneminten fan it noardlike transept waarden no ek de fûneminten fan 'e noardlike sakristy oantroffen. Fan it sudlike transept waard allinne in pear resten werom fûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.