Noardmunstertsjerke
Noardmunstertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
koördinaten | 51° 30'N 3° 36'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | ± 1390 | |
sloopjier | 1834 | |
boustyl | Gotyk | |
Kaart | ||
De Noardmunstertsjerke (Noordmonsterkerk) of Sint-Pitertsjerke (Sint-Pieterskerk) wie in tsjerkegebou oan 'e noardlike kant fan it Hofplein yn 'e binnenstêd fan Middelburch yn de provinsje Seelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oan 'e apostel Petrus tsjerke waard boud doe't in twadde parochy yn Middelburch needsaaklik waard en der in ôfsplitsing plak fûn fan 'e Westmunstertsjerke. Yn 'e 14e iuw waard de grutte goatyske tsjerke boud, dy't oant yn 'e 19e iuw bleau stean soe.
Flak foar de reformaasje waard it bisdom Middelburch stifte dat fan 1559 oant 1575 bestie. De Noardmunstertsjerke tsjinne yn dat koarte skoftke tiid as katedraal fan it bisdom. De earste en lêste biskop fan it bisdom, Nikolaas de Castro (echte namme nei alle gedachten Nicolaas van der Burg(t) of Verborgh) ferstoar yn 'e tiid doe't Middelburch belegere waard troch de Wettergeuzen. Nei de alteraasje waard de Noardmunster de wichtichste protestantske tsjerke fan 'e stêd.
Op 30 july 1809 lâne in grut Ingelsk leger op Walcheren en al gau brieken gefjochten út mei de Frânske besetters. In pear dagen letter stiene de Ingelsen foar de poarten fan Middelburch. Nei't de Ingelsen de stêd ynlutsen, waard de Noardmunstertsjerke troch de soldaten yn gebrûk nommen as kazerne.
De tsjerke rekke yn 'e Frânske tiid sa útsloerd, dat it brekfallige gebou yn 1834 sloopt wurde moast. Op it plak fan 'e tsjerke steane hjoeddedei hûzen en de op 2 juny 2019 foar de earetsjinst sletten Hofpleintsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|