West London Film Studios
West London Film Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 2014 | |
eigner | Frank Khalid | |
offisjele webside | ||
www.westlondonfilmstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Londen.
|
De West London Film Studios (WLFS), binne in studiokompleks yn 'e wyk Hayes fan 'e Britske haadstêd Londen, dêr't de opnamen foar in protte films en tillefyzjeprogramma's plakfine. Ek wurde der in soad reklamespotsjes filme en is it kompleks beskikber foar it meitsjen fan fotoreportaazjes. De West London Film Studios waarden yn 2014 iepene.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It perseel waard yn 2005 oankocht troch de Britske sakeman Frank Khalid. It waard pas op 18 maaie 2014 formeel iepene as studiokompleks. By de iepeningsseremoanje waard it lint trochknipt troch Khalid en akteur Aaron Paul, dy't bekend wurden wie út 'e Amerikaanske misdiesearje Breaking Bad.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De West London Film Studios omfetsje krapoan 10.000 m² oan studioromte, ferdield oer seis ûnderskate soundstages. Dêrnjonken binne der ek klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring, opslachromten foar kostúms en rekwisiten, wurkplakken foar de produksje fan dekôrstikken, fasiliteiten foar postproduksjewurk en kantoarromte. De West London Film Studios hawwe de iennichste medyske soundstages yn it Feriene Keninkryk, dêr't sênes filme wurde kinne dy't bgl. spylje yn it sikehûs of yn in mortuarium. It studiokompleks is sadwaande tige yn trek foar sikehûssearjes en plysjesearjes.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e West London Film Studios opnommen binne:
- The Imitation Game (2014)
- Bridget Jones's Baby (2016)
- Stan & Ollie (2019)
- Last Christmas (2019)
- The Duke (2020)
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e West London Film Studios opnommen binne:
- New Tricks (2015)
- Not Going Out (krystspecial 2015)
- The Nightmare Worlds of H.G. Wells (2016)
- Siblings (2016)
- Strike (2017–2020)
- There She Goes (2018)
- Killing Eve (2018–2020)
- Ted Lasso (2020–2021)
- Finding Alice (2021)
- Dead Pixels (2021)
- Silent Witness (fan 2014 ôf)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan 'e West London Film Studios
- (in) In oare webside fan 'e West London Film Studios, taspitst op it medyske elemint fan it studiokompleks
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |