Wesselius Balster Kool van Heerens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wesselius Balster Kool van Heerens (1785 - 1827) wie notaris en grutgrûnbesiter op It Hearrenfean.

Syn efternamme wie earst Kool; letter wizige hy dizze yn 'Kool van Heerens'. Soksoarte wiziging gie yn dy tiid blykber maklik. Kool van Herens wie al jong notaris op It Hearrenfean. Earst wenne hy oan de Fok. Nei alle gedachten folge hy yn 1805 notaris J.G. Semler op. Hy boaske yn 1807 mei Jacoba van Schuylenburch út Delft. Yn 1808 kocht hy foar f. 18000,-- it grutte pân op de hoeke Nijbuorren/Van Kleffensleane fan de erven P. Eekma, dy't der oant dan as abbekaat sitten hie. Sjoen it hege bedrach foar dy tiid sil der in soad lân by west hawwe.

Kool van Heerens wie yn de Frânske tiid ek sekretaris fan de fjouwer mairieën wêrút Skoatterlân bestie (It Hearrenfean, De Knipe, Mildaam en Sint Jansgea) tsjin in jierliks salaris fan f. 800,--. Fierders wie hy ûntfanger foar de ferpûning ( in soarte grûnrinte). Hy wie yn 1813 lid fan de Nasjonale Garde en yn 1814 (ûnder Kening Willem I) offisier fan de lânstoarm (in soarte boargerwacht om de oarder te bewarjen).

Hy hie in soad eigendommen fan Gersleat oant Sint Jansgea en fan Ketlik oant Aldskoat. Faak joech er foarskotten oan earme ferfeanters ûnder de kondysje, dat de ûndergrûn syn eigendom waard. Yn 1827 ferstoar hy oan moeraskoarts, dat nei de oerstreaming fan 1825 in soad slachtoffers makke. Syn widdo en bern bleaunen oant 1841 yn it hûs wenjen. It hûs waard dêrnei ferkocht en brocht mar f. 9700,-- op. Der wie in fraaie tún by, grut 21 are mei 100 "exquise" fruchtbeammen en in stalling foar twa hynders; mei frije opslach oan de Lynbaan-singel. Op it Hearrenfean is de Koolsingel nei him neamd.