Springe nei ynhâld

Wettersneed fan 1825

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerstreaming fan 1825)
Heechwetter op De Lemmer
Steven Tjittes Reitsma (1793-1868)

By de Wettersneed fan 1825 waarden de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte. Oerisel, Hollân en de Noardseekust fan Dútslân (Große Halligflut), tusken 3 en 5 febrewaris 1825 troffen troch slimme dyktrochbrekken en oerstreamings. Mear as 800 minsken binne ferdronken.

Yn Fryslân wiene ferskate dyktrochbeaken yn Lemsterlân en by Skoattersyl, wêrnei't hast de hiele súdlike helte fan de provinsje en de feangebieten ûnderstrûpte. [1]

Op 17 febrewaris 1825 waard in Commissie tot besteding van 's rijksonderstand voor den watersnood ynsteld troch it regear. Ynkommen stikken en minuten fan útgeande stikken wurde yn it Nasjonaal Argyf yn Den Haach bewarre.

Ta neitins oan dizze wettersneed waard letter in "Gedenkboek van Neerlands watersnood in februari 1825" útjûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: