Warkumermar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Warkumermarpolder)
Warkumermar
Kaart fan Warkum út 1865, mei yn it noarden de Warkumermar Gemeente-atlas van Friesland
Kaart fan Warkum út 1865, mei yn it noarden de Warkumermar Gemeente-atlas van Friesland
bysûnderheden
oerflak 200 ha
drûchlein 1876


De Warkemurmar is in drûchmakkerij, en earder mar, yn Fryslân benoardeasten Warkum. Yn 1877 waard de 187 hektare grutte mar drûchlein. De polder dy’t ûntstie nei de drûchmakking krige offisjeel de namme Polder de Beveiling, en leit op it djipste punt 3,2 meter ûnder seenivo. Ek is der in earder eilân dat heech boppe de polder útstekt. Der hawwe plannen west om de polder wer ûnder wetter te setten foar it toerisme, mar dy plannen waarden net útfierd.

De polder wurdt trochsnien troch de N359.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drûchlizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije marren, de Parregeastermar, de Makkumermar en de Warkumermar hawwe in ynkommen jûn oan de fiskers yn de omkriten fan de marren. Se wienen ferneamd om harren bêste kwaliteit fan de iel en blei. Dochs waard besletten om de marren drûch te meitsjen om mear romte te krijen foar de lânbou. Op 15 augustus 1876 waard mei it drûchmeitsjen in begjin makke en gie de earste skeppe de grûn yn foar de oanlis fan de diken. Op 25 juny 1878 wie der feest, de trije marren wienen drûchlein.

Yn 1854 waard troch de Minister fan Binnenlânske Saken de earste stap set om ta it drûchmeitsjen fan de trije marren te kommen. Der waard in foarriedige konsesje útjûn.

De stêd Warkum fersette him tsjin it drûchmeitsjen. Warkum wie fan miening dat de mar net mist wurde koe, benammen om de ielhannel dy’t fan Warkum út mei Ingelân dien waard. De steat hie dêr wol begryp foar, wêrtroch't de plannen net útfierd waarden. Yn de jierren dernei is wol ûndersyk dien en waarden rapporten opsteld, mar der barde fierders neat. Oant yn 1872 J.A. van der Kloes, arsjitekt fan de gemeente Boalsert, C. Bouterse, oannimmer, en C.C. Ledeboer, notaris fan Makkum, de boel oppakten. Se namen yn 1874 de konsesje oer en lieten plannen meitsje foar de drûchlizzing.

De trije marren hiene yn totaal in oerflak fan 850 hektare. De wetterpuollen wiene troch oerstreamings ûntstien. It wetter yn de trije marren wie oeral frijwat ûndjip; de boaiem wie oer it algemien lyk. De boaiem fan de Warkumerpolder bestie út fean mei in klaailaach der oerhinne. Yn de oare marren bestie de boaiem út swarte fette klaailagen fan in heale meter oant in meter tsjok.

Op 15 augustus 1876 waard úteinset mei it wurk. De earste mar dy't oanpakt waard wie de Warkumermar. Der waard in kanaal groeven benoarden de mar mei in breedte fan 15 meter en in djipte fan 1,5 meter ûnder it simmerpeil. Dit foar de skipfeart fan de oare marren ôf nei de Warkumer Trekfeart.

De Warkumermar

Op 20 april waard mei it leechmeitsjen fan de 200 hektare, dêr’t trochstrings sa’n twa meter wetter stie, úteinset. Oer alles gie it om sa’n fjouwer miljoen kúb wetter. It wurk hie lêst fan stoarmen op 30 juny en 1 july 1877; damen en diken waarden skansearre, mar se kearden it wetter al. Yn sân wike hellen twa sintrifugaalpompen, oandreaun troch stoommasines, it wetter út de mar. Yn de simmer, tsjin de ein fan it drûchmeitsjen, stoarme it op‘e nij, mar no wie de stoarm in foardiel, want troch de stoarm waard de al reedlik flakke marboaiem hielendal flak.

Op 1 septimber waard mei de ferkaveling begûn en waard de polder siedde oplevere. De polder waard ynsiedde mei gers en koalsied. Mar trochdat der noch in protte sâlt yn de grûn siet wie der mar in minne rispinge. It koalsied kaam mar min op gong, it gers die it better. De minsken wienen net ûntefreden oer de opbringsten fan it earste jier. Foar de stêd Warkum waard op de krekt drûchfallen grûn noch in trije meter hege dyk oanlein fan 500 oant 600 meter lingte. De stêd krige ek 4.000 gûne skeafergoeding.

Lettere ferfeaning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut Undersyk docht bliken dat de earste rispingen út de Warkumermarpolder faak mislearren. De minne wetterhúshâlding waard as skuldige oanwiisd. It gefolch fan de minne rispingen wie dat de boeren yn de neikommende jierren grutte parten grûn braak lizze lieten. Dy grûn waard dêrom ferhierd oan feehâlders en omsetten nei lân.

Yn 1892 waard mei de ferfeanting begûn, de hiele polder, útsein inkelde persielen dêr't hout op stie, waard úteinlik ôfgroeven. Yn de perioade 1886 oant 1900 waarden seis pleatsen boud, mar twa binne der wis by de turfwinnerij wer ôfbrutsen. It steamgemaal fan Warkum dat soargje moast foar in goeie wetterhúshâlding yn de Warkumermarpolder koe de mannichte wetter net oan. Yn 1902 waard it gemaal ferfong troch ien mei in grutter fermogen.

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De lêste iel waard yn de Warkumermar fong yn juny 1877. It earste ljipaai waard yn juny 1878 yn de nije polder fûn.
  • De twa sintrifugaalpompen, dy’t wurken by it drûchmeallen fan de Warkumermar, waarden dêrnei ynset by it meallen fan de Makkumermar en de Parregeastermar.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]