Parregeastermar

Ut Wikipedy
Parregeastermar
Parregeastermar noardwestlik fan Parregea yn 2011
Parregeastermar noardwestlik fan Parregea yn 2011
bysûnderheden
oerflak 1016 ha
drûchlein 1879

De Parregeastermar of Sudermar is in drûchmakkerij en hat eartiids in mar west fan Parregea. Yn 1879 waard de 1016 hektare grutte mar drûchlein.

De polder dy't ûntstie nei de drûchlizzing is in lânbougebiet mei net folle bebouwing en leit op it djipste punt 2,9 meter ûnder seenivo.

Der hawwe plannen west om de polder wer ûnder wetter te setten foar it toerisme, mar dy plannen binne net útfierd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]