Springe nei ynhâld

Waalske Fuery

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Waalske fury)
Plonderjende troepen en flechtsjende boeren yn de Waalske Fuery. Anonime Italjaanske tekener, 16e iuw

De Waalske Fuery wie in wraakgerjocht fan de Walen fan Caspar de Robles yn 1572 yn Dokkum.

Op 1 april 1572 ferôveren de wettergeuzen Den Briel yn Súd-Hollân. In protte Hollânske stêden sleaten harren doe by de opstannelingen oan. Yn augustus 1572 kamen de stêden Snits, Boalsert en Frjentsjer dêrby. Dit wienen nammentlik festingstêden dy't harren goed ferdigenje koenen at se belegere wurde soene.

Ein augustus 1572 slagge it de geuzen en hâldt Dokkum beset. Mar de Waalske troepen fan Caspar de Robles ferjoegen de geuzen al yn begjin septimber en namen wraak op de boargers fan Dokkum, nei ien waard ûntsjoen. Het moardzjen, plonderjen en brânskatten dat doe folge is de skiednis yngien as de 'Waalske Fuery yn Dokkum'.

De skiedskriuwer Pier Winsemius skriuwt dêroer:
Also is de Stadt Dockum, nadat de selve drie dagen te vooren van den Spaenschen verlaten was wederom aen haer ghecomen. Die terstont begost hebben na hare maniere alle wreetheyt te gebruycken. Waer over binnen de Stadt groot gecrijt ende getter gehoort is. Middeler-tijt zijn van Groningen gecomen tsestich Ruyters die den Stadts-plaetse (van waer men na Collum gaet) ingenomen ende alles doot gheslaghen hebben. Sonder ooghen te nemen op Mans, Vrouwen, Kinderen ofte andersins. De doode lichamen zijn over de Straten ghestroyt. En het bloet is in vele plaetsen over de selve gevloden. Also dat sij in dese furie noch Papijsten noch Reformeerden verschoont hebben.

De oanfal fan de Walen en de gefolgen dêrfan hawwe de oanlieding foarme ta it oanlizzen fan de bolwurken en stedsgreften yn 1582.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: