Springe nei ynhâld

Joost van den Vondel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vondel)
Joost van den Vondel
skriuwer
Portret fan Vondel troch Philips Koninck (1665).
Portret fan Vondel troch Philips Koninck (1665).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joost van den Vondel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 novimber 1587
berteplak Keulen (Dútslân)
stoarn 5 febrewaris 1679
stjerplak Amsterdam (Nederlân)
etnisiteit Flaamsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzij, toaniel, non-fiksje
perioade Gouden Iuw
bekendste
  wurk(en)
Palamedes
Gysbreght van Aemstel
Lucifer
Het Stockske van Joan van
   Oldenbarnevelt
jierren aktyf 16131679
offisjele webside
n.f.t.

Joost van den Vondel (Keulen, 17 novimber 1587Amsterdam, 5 febrewaris 1679) wie in Nederlânsk dichter, toanielskriuwer en oersetter. Hy wurdt beskôge as de meast foaroansteande literêre persoanlikheid út 'e santjinde iuw foar wat it Nederlânsk taalgebiet oanbelanget, in soarte fan Nederlânske Shakespeare. Krekt as dat by syn Ingelske wjergader it gefal is, binne sines de toanielstikken út dy tiid dy't noch altiten op 'e planken brocht wurde, mei as bekendste foarbylden de Gysbreght van Aemstel, Lucifer en Palamedes. Syn gedicht Joannes de Boetgezant, oer it libben fan 'e kristlike profeet Jehannes de Doper, wurdt wol it grutste Nederlânsktalige epos neamd.

Vondel waard berne yn Keulen, dêr't syn âldelju, dy't minnisten wiene, yn 1582 hinne flechte wiene, nei't harren stêd Antwerpen dat jiers as ûnderdiel fan 'e Tachtichjierrige Oarloch troch it Spaanske leger fan 'e hartoch fan Parma ynnommen wie. Doe't Vondel acht jier wie, yn 1595, ferfear it gesin nei de Republyk fan 'e Feriene Provinsjes, dêr't se har earst nei wenjen setten yn Utert, en twa jier letter yn Amsterdam. Dat wie wêr't Vondel fierder opgroeide. Yn 1610, op syn 23ste, troude er mei Mayke de Wolff (Keulen, 1586 – Amsterdam, 1635). Hja krigen fiif bern, wêrfan't trije de bernetiid net oerlibben. Foar de kost hie Vondel in hannel yn hoazzen yn 'e Warmoesstrjitte, dy't er fan syn heit oernommen hie. sidene hoazzen kosten doedestiden sechstjin gûne, dat der wie goed jild mei te fertsjinjen.

Karriêre as toanielskriuwer en dichter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vondel waard lid fan 'e Brabânske rederikerskeamer Het Wit Lavendel, dêr't er yn 'e kunde kaam mei oare literêre figueren, lykas de ferneamde dichter Roemer Visscher. Hoewol't er net folle ûnderwiis genoaten hie, wied er bepaald net dom. Yn 1613 learde er himsels Latyn om Seneka lêze te kinnen, en letter died er itselde mei Gryksk, dat er nedich wie foar syn toanielstik Palamedes oft Vermoorde Onnooselheit. It stik spile yn 'e Grykske Aldheid, mar wie eins in skerpe terjochtwizing fan steedhâlder Maurits (yn it stik Agamemnon) fanwegen dy syn ferantwurdlikens foar de eksekúsje, yn 1619, fan riedpinsjonaris Johan fan Oldenbarnevelt (Palamedes of "de fermoarde ûnskuld"). Maurits hold net fan krityk, en hoewol't er sels gjin kultureel ûnderlein persoan wie en op eigen manneboet wierskynlik nea fan it stik heard hawwe soe, wiene der perfoarst genôch lju yn syn om-en-by dy't him op soks wize koene en woene. Fan gefolgen moast Vondel Amsterdam ûntflechtsje en him in hoartsje katoen hâlde yn Beverwyk, oant de stoarm fierhinne oerwaaid wie. Uteinlik waard er dochs foar it gerjocht dage, en krige er in boete oplein fan ƒ300, wat yn dy tiid in hiel bedrach wie. It hie lykwols minder kind (sa't Oldenbarnvelt ta syn skea ûnderfûn hie), en de boete waard foar Vondel foldien troch de Amsterdamske skepen Albert Coenraads Burgh, dy't him ek it idee foar it stik oan 'e hân dien hie.

Nettsjinsteande alle trelit, of miskien wol dertroch, ûntjoech Palamedes him letter ta in populêr stik, dat foar 1800 yn teminsten fyftjin printingen ferskynd is. Yn 1663, doe't Maurits al lang dea wie, waard it foar it earst opfierd, yn Rotterdam, en yn 1665 kaam it yn Amsterdam foar it earst op 'e planken, doe't de skouboarch dêre sletten wie fanwegen in ferbouwing, en de pleatslike reginten der dus net op oansjoen wurde koene. Vondel beheinde syn krityk op 'e steat en de gomaristyske kalvinisten trouwens net ta syn toanielstikken, mar utere dy fral ek yn syn stikeldichten. Soms waard er dêrby sels lulk en haatlik: in foarbyld is Het Stockske van Joan van Oldenbarnevelt, wêryn't er nochris weromkomt op 'e ûnterjochte dea fan dy steatsman. Sterke lulkens klinkt ek troch yn it ynliedend sonnet (Vondel neamt it Klinkert) fan Palamedes.

In oar stik fan Vondel dat nochal wat opsjoch joech, wie de Gijsbrecht van Aemstel, dat yn 't earstoan troch de predikanten ferbean waard mei't it roomske sympatyen befetsje soe. Oer Lucifer, en it lettere Adam in Ballingschap, dat Vondel yn 1664 skreau, doe't er al 77 jier wie, wurdt wol sein dat se de Ingelske skriuwer en dichter John Milton ynspirearren ta syn magnum opus Paradise Lost (1667), al miene oaren dat de oerienkomsten simpelwei te ferklearjen binne trochdat alletrije wurken op deselde boarne, ntl. it bibelboek Genesis, basearre binne.

Vondel syn stânbyld yn it Amsterdamske Vondelpark.

Vondel skreau lykwols ek suver religieuze gedichten, lykas twaris in Krystliet:

O wat zon is komen dalen
in den Maagdelijken schoot!
Ziet hoe schijnt ze met heur stralen
Alle glanzen doof en dood.

Lichtfuottich is it gedicht Op het Toonneel des Aerdrycks, ofte Nieuwe Atlas; uytgegeven door I. en C. Blaeu dat yn 'e atlas fan Blaeu opnommen waard,[1] en dat sa begjint:

De wereld is wel schoon, en waerdigh om t'aenschouwen,
Maer 't reizen heeft wat in. de kosten vallen swaer.
Men magh den Oceaen niet al te veel betrouwen.
De Bergen rijzen steil. de bosschen zien te naer.

Nei dat treurdicht, dat sa noch in tal kûpletten trochgiet, kin men net om Vondel syn konklúzje hinne: de lêzer kin him de muoite besparje en him beheine ta in reis troch atlas:

O reisgezinde geest, ghy kunt die moeite sparen,
En zien op dit Toonneel de Wereld groot en ruim,
Beschreven en gemaelt in kleen begrip van blaren.
Zoo draeit de schrandre kunst den Aerdkloot op haer duim.

Vondel wie in Renêssânsedichter, yn waans wurk oft de ynfloed fan 'e rederikers dúdlik werom te finen is, lykas yn it boartsjen mei wurden, yn it Nederlânsk èn yn oare talen:

De raven kraaien "cras, cras"

— dat lêste wurd betsjut yn it Latyn: "moarn". Ek yn opsommings:

Die zorght, en waeckt, en slaeft, en ploegt, en zwoegt, en zweet

en withoefolle oare stylfigueren komt de rederikerstradysje foar 't ljocht. De folsleine yntegraasje fan kristlike teology mei de kultuer fan 'e Aldheid, syn grutte kennis fan literatuer en wittenskip, en syn niget oan dichtfoarmen en fernijings op leksikaal mêd meitsje Fondel dochs yn it foarste plak ta in humanistysk en renêssansistysk dichter. Vondel syn dichttalint en syn iroanyske persoanlikheid makken dat syn tiidgenoaten him betitelen as de Prins der Dichters.

Yn 1641 stapte Vondel oer fan 'e Remonstrantske Bruorskip nei de Roomsk-Katolike Tsjerke, wat him net yn tank ôfnommen waard yn Amsterdam, dêr't kalvinistyske predikanten doedestiden in soad ynfloed hiene. De Amsterdamske skouboarch wie lykwols yn roomske hannen, en de strange kalvinisten wiene dochs al op toaniel en teäter tsjin, dat foar syn wurk sil it net folle skeeld hawwe. Wat de reden fan syn bekearing wie is net wis, mar men wol wol hawwe dat syn leafde foar in roomske frou (syn oarehelte wie seis jier earder stoarn) der in rol by spile.

Lêste jierren en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't Vondel syn soan, dy't ek fan Joost hiet, yn 'e finansjele swierrichheden kommen wie om't er der mar wat hinne libbe, gie Vondel syn hoazzesaak yn 1658 fajyt. Dêrnei waard er suppoast by de Stedsbank fan Liening, in saneamde sinekuere (in goed betelle baantsje sûnder folle wurk). Hy bleau dêr wurksum oant syn pinsjonearring, yn 1668. Doe wie syn soan ûnderwilens yn 1660 al omkommen op in reis nei Ynje, yn 'e neite fan Kaap de Goede Hoop. Yn syn âlderdom waard Vondel fersoarge troch syn iennichst oerlibjend bern, syn dochter Anna, en troch syn nicht Agnes Block. Hy oerlibbe ek Anna noch, dy't yn 1675 stoar. Sels libbe er as in bitter man troch oant er 91 jier wie. Koart foar syn ferstjerren, yn 1679, dichte er noch syn eigen spottende grêfskrift:

Hier leit Vondel zonder rouw,
Hy is gestorven van de kouw.

Vondel waard begroeven yn 'e Nije Tsjerke te Amsterdam. Letter waard it grutste park fan Amsterdam, it Vondelpark, nei him neamd, en syn stânbyld stiet yn it noardlike part dêrfan. Tusken 1950 en 1990 stied er ek op it Nêderlânske fiifgûnebryfke, krekt as op in Nederlânske postsegel út 1937. Teffens is der in literatuerpriis nei him neamd, de Joost van den Vondelpriis.

Het Stockske.
  • Den Gulden Winckel der Konstlievende Nederlanders (1613)
  • Hymnus ofte Lofgesangh over de Wijdberoemde Scheepvaert der Vereenigde Nederlanden (1613)
  • Vorstelijcke Warande der Dieren (1617)
  • Op de Jongste Hollantsche Transformatie (1618)
  • De Helden Godes (1620)
  • Het Lof der Zeevaert (1623)
  • Geboortklock van Willem fan Nassau (1626)
  • Bruyloftbed van P.C. Hooft en Helionora Hellemans (1627)
  • Rommelpot van 't Hane-kot (1627)
  • Verovering van Grol door Frederick Henrick, Prince van Oranje (1627)
  • De Rynstroom (1630)
  • Roskam (1630)
  • Harpoen (1630)
  • Een Otter in 't Bolwerck (1630)
  • Geuse-vesper (1631)
  • Decretum Horribile (1631)
  • Op Huygh de Groots Verlossing (1632)
  • Inwying der Doorluchtige Schoole t'Amsterdam (1632)
  • Kinderlijck (1632)
  • Uitvaert van Mijn Dochterken (1633)
  • Op het Overlyden van Isabella Klara Eugenia (1633)
  • Lyckklaght aan het Vrouwekoor, over het Verlies van Mijn Ega (1635)
  • Brieven der Heilige Maeghden, Martelaressen (1642)
  • Aen de Beurs van Amsterdam (1643)
  • J.J. Vondels Verscheide Gedichten (1644)
  • Altaergeheimenissen (1645)
  • Poezy (1650; samle fersen)
  • Inwijdinge van 't Stadhuis t'Amsterdam (1655)
  • Het Stockske van Joan van Oldenbarnevelt (1657)
  • Zeemagazyn (1658)
  • Wildzang (1660)
  • Toneelschilt oft Pleitrede voor het Toneelrecht (1661)
  • Bespiegelingen van Godt en Godtsdienst (1662)
  • Joannes de Boetgezant (1663)
  • De Heerlijckheid der Kercke (1663)
  • Lykzang ter Ere van Zacharias du Mez, Bisschop van Thrallen (omtrint 1665)
  • Uitvaert van Maria van den Vondel (1668)
  • Ter Zelver Bruiloft (1674)
  • Het Pascha ofte de Verlossinge Israels wt Egypten[2] (1612)
  • Hiërusalem verwoest[3] (1620)
  • Palamedes oft Vermoorde Onnooselheijd[4] (1625)
  • De Amsteldamsche Hecuba[5] (1626)
  • Gysbreght van Aemstel (1637)
  • Maeghden (1639)
  • Gebroeders (1640)
  • Joseph in Dothan (1640)
  • Joseph in Egypten (1640)
  • Peter en Pauwels (1641)
  • Maria Stuart of Gemartelde Majesteit (1646)
  • Leeuwendalers, Lantspel (1647)
  • Salomon (1648)
  • Lucifer[6] (1654)
  • Salmoneus (1657)
  • Jeptha of Offerbelofte (1659)
  • David in Ballingschap (1660)
  • David hersteld (1660)
  • Samson of Heilige Wraeck (1660)
  • Adonias of Rampsalighe Kroonzucht (1661)
  • Johannes de Boetgezant (1662)
  • Batavische Gebroeders of Onderdruckte Vryheit (1663)
  • Faëton of Reuckeloze Stoutheit (1663)
  • Adam in Ballingschap of Aller Treurspelen Treurspel (1664)
  • Zungchin of Ondergang der Sineesche Heerschappije (1667)
  • Noah of Ondergang der Eerste Wereld (1667)

Gelegenheidsgedichten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Bruyloftbed van Pieter Cornelisz. Hooft en Helionora Hellemans (1627)
  • Kinder-lyck (by it ferstjerren fan syn soan Constantijn; 1633)
  • Op d'Afbeeldinge van den edelen gestrengen Heere Cornelis de Graeff[7] (1660)
  • Ter bruiloft van den weledelen heer Peter de Graef, Jongkheer van Zuitpolsbroek en de weledele mejoffer Jakoba Bikker[8] (1662)
  • Uitvaert van Maria van den Vondel (1668)

Literêre ferhanneling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Aenleidinge ter Nederduitsche Dichtkunste (1650)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Regionaal Archief Leiden - Bladeren door Blaeu, fuort nei it foarwurd fan it earste diel fan 'e atlas
  2. http://www.dbnl.org/tekst/vond001dewe01/vond001dewe01_0014.htm
  3. http://www.dbnl.org/tekst/vond001dewe02/vond001dewe02_0007.htm
  4. http://www.dbnl.org/tekst/vond001dewe02/vond001dewe02_0102.htm
  5. http://www.dbnl.org/tekst/vond001dewe02/vond001dewe02_0096.htm
  6. http://www.dbnl.org/tekst/vond001dewe05_01/vond001dewe05_01_0166.htm
  7. Op d'Afbeeldinge van den edelen gestrengen Heere Cornelis de Graeff
  8. Ter bruiloft van den weledelen heer Peter de Graef, Jongkheer van Zuitpolsbroek en de weledele mejoffer Jakoba Bikker.

Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Voetnoten en Bronnen, op dizze side.