Springe nei ynhâld

Jan Veth

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Veth, J.)
Selsportret fan Jan Pieter Veth

Jan Pieter Veth (Doardt, 18 maaie 1864 - Amsterdam, 1 july 1925) wie in Nederlânsk keunstskilder, dichter, keunstkritikus en heechlearaar keunstskiednis en estetika.

Jan Veth wie in soan fan de Doardtske izerkeapman en liberale politikus Gerrardus Huibert Veth en Anna Cornelia Giltay. Fan memmekant stamme er ôf fan it Doardtske keunstskilderslaach Van Strij; mem wie in bernsbern fan Jacob van Strij. Hy troude 10 augustus 1888 mei Anna Dorothea Dirks; sy krigen fiif bern.

Veth folge de skildersoplieding oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Mei guon fan syn meistudinten wie r oprjochter fan de keunstnersferiening Sint Lucas. Fan 1885 ôf oan wurke er mei de skilder Anton Mauve yn Laren. Nei syn houlik festige er him yn Bussum.

Jan Veth is fral bekend wurden fanwege syn portretten. Hy skildere û.o. portretten fan Max Liebermann, Lambertus Zijl, Frank van der Goes, Antoon Derkinderen en in protte oare tiidgenoaten.

Njonken dat wie er dichter en behearde ta de beweging van Tachtich. Syn publikaasjes ferskynden ûnder mear yn de De Nieuwe Gids. Foar de De Kleine Johannes fan syn freon Frederik van Eeden makke er de boekbân.

As bûtengewoan heechlearaar keunstskiednis en estetika wie er ferbûn oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: