Springe nei ynhâld

Keunstkrityk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keunstkritikus)

Keunstkrityk is de diskusje en evaluaasje fan alle keunstfoarmen. Der wurdt faak krityk jûn yn in estetyske kontekst. It ferskaat oan úteringen yn de keunst laat ta in ûnderferdieling fan de krityk. Der wurdt ûnderskied makke tusken skiedkundige krityk en evaluaasje fan keunstners fan no.

Keunstkrityk feroaret bot mei de tiid. Kritisy út it ferline wurde faak net earnstich mear naam, omdat sy keunstners ferheften, bygelyks de let-19e-iuwske akademyske keunststreaming, of artysten de grûn yn boare lykas de iere ympresjonisten dy't not bot wurdearre wurde.

Keunstners steane faak fijannich foar de kritisy oer, omdat sy harren ferneamdens meast oan dy lju te tankjen hawwe. Foarbylden yn de skiednis fan keunstners en harren wurk dy't net begrepen waarden en earst generaasjes letter erkenning krigen binne net seldsum.

Hjoeddeiske keunstkrityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keunstkritisy en keunstteoretisy publisearje tsjintwurdich harren kritiken en ferslaggen yn sawol blêden en kranten as online, benammen op spesjalisearre blogs. Sy wurkje faak as kurator en jouwe les oan akademys as universiteiten. Keunstkritisy hawwe in eigen UNESCO-organisaasje, de Ynternasjonale Feriening fan Keunstkritisy.

Ynternasjonaal ferneamde keunstkritisy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]