Arnold Aletrino

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arnold Aletrino

Arnold Aletrino (Amsterdam, 1 april 1858 - Chernex sur Montreux, 17 jannewaris 1916), ek wol bekend as Aäron Aletrino, wie in Nederlânsk skriuwer fan Sefardysk komôf, soan fan Salomon Aletrino en Selima Pineda. Aletrino publisearre oer homoseksualiteit yn't Nederlânsk en Frânsk. Hy hearde by de Tachtigers, dy't neat hawwe moasten fan de fromme 19e ieuske poëzy en proaza.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

As student medisinen in Amsterdam kaam Aletrino yn'e kunde mei de Tachtigers Willem Kloos, Lodewijk van Deyssel, Frederik van Eeden en oaren. Hy waard lid fan it literêr genoatskip Flanor, by wa't er 1885 syn earste ferhaal "In 't donker" foarlies. Dat soe in jier letter yn De Nieuwe Gids publisearre wurde. Fan 1910 oant 1912 wie er redakteur fan dat tydskrift.

Hy studearre ôf yn 1886 en promovearre yn 1889; hy waard dêrnei gemeentedokter en dokter fan de brânwar yn Amsterdam, en kaam sadwaande yn de kunde mei de earmste lagen fan de befolking. Yn 1891 troude er mei Rachel Mendes da Costa, dy't harsels tekoart die yn 1897. In jier letter boaske er oan Emilie Julia van Stockum.

It lêste part fan syn libben wie Aletrino syklik en rekke er dêrtroch ferslaafd oan morfine. Hy ferhuze mei syn wiif nei Switserlân, dêr't er yn 1916 ferstoar.

Homoseksualiteit[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1899 krige er in universitêre oanstelling as lektor yn de kriminele antropology. Mei sy praktyske ûnderfining, stúdzjes en foardrachten wie er in paadsljochter op medysk-sosjaal mêd. Hy wie ien fan de pleiters fan de homoseksualiteit op in kongres yn 1902. Aletrino waard eare as in betûft en humanitêr wittenskipper. Yn 1903 besocht er mei Magnus Hirschfeld yn Berlyn in tal plakken dêr't homoseksuelen byinoar kamen; dat barren die er ferslach fan yn de brosjuere Hermaphrodisie en uranisme (1908).

Naturalisme[bewurkje seksje | edit source]

Aletrino wie in skriuwer fan by útstek trystige literatuer. Hy waard ynspirearre troch it Frânske Naturalisme en fûn genôch stof yn syn deprimearjende artsepraktyk. Oan 'e oare kant skreau er ûnder pseudonym fan P.A. Saaije Az. de foarrede fan Frederik van Eedens ironyske gedicht Grassprietjes.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Uit den dood, en andere schetsen (1889)
  • Eenige beschouwingen over den beroepseed der artsen (proefskrift, 1889)
  • Zuster Bertha (1891)
  • Zenuwlijden. Oerset út it Frânsk nei Ernest Mornin: Misères nerveuses (1892)
  • Martha (1895)
  • Novellen (1895)
  • Twee opstellen over crimineele anthropologie (1898)
  • Naar aanleiding van De Ryckères boek "La femme en prison et devant la mort" en van Dr. Cox' biologische studie "Over de aequivalentie van man en vrouw" (1898)
  • Over ontoerekenbaarheid. Iepenbiere les (1899)
  • Het leven der verpleegster (1900)
  • Over eenige oorzaken der prostitutie (Frysk: prostitúsje) (1901)
  • Uit 't leven (1901)
  • Handleiding bij de studie der crimineele anthropologie (1902)
  • Opleiding en examen van verpleegsters (1904)
  • Over uranisme ['leafde foar itselde slachte']. Een gerechtelijk-geneeskundige studzje (1905; ûnder it pseudonym Karl Ihlfeldt)
  • Is celstraf nog langer geoorloofd en gewenscht? (1906)
  • Line (1906)
  • Stille uren (1906)
  • Hermaphrodisie en uranisme (1908)
  • Gedenkboek 'De Nieuwe Gids' 1885 - 1 Oktober - 1910
  • Napoleons laatste levensjaren (1916)

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Joosse, Kees - Arnold Aletrino: pessimist met perspectief. Amsterdam, Thomas Rap, 1986. ISBN 90-10-05865-
  • Gert Hekma: Aletrino, Arnold. Yn: Who's Who in Gay & Lesbian History. From Antiquity to World War II. Robert Aldrich en Garry Wotherspoon, Routledge, 2001, side 15
  • Warren Johansson: Aletrino, Arnold. [1] Wayne R. Dynes, Garland Publishing, 1990, side 39
  • Maurice van Lieshout: Stiefkind der Natuur: Het Homobeeld bij Aletrino en Von Römer. Yn: Homojaarboek. Bân 1, 1981, s. 75-106
  • Maurice van Lieshout: Pendelen tussen wetenschap en moraal. Arnold Aletrino (1858-1916). Yn: Maurice van Lieshout en Hans Hafkamp: Pijlen van naamloze liefde. Pioniers van de homo-emancipatie. SUA, 1988, s. 83-88
  • Artikel yn it Biografisch Woordenboek van Nederland

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopedia of Homosexuality
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Arnold Aletrino en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.