Springe nei ynhâld

Antoon Derkinderen

Ut Wikipedy
Portret fan Derkinderen troch Jan Veth
Akwarel makke foar de optocht dy't yn 1885 holden waard by gelegenheid fan it 700-jierrig bestean fan De Bosk

Antonius Johannes (Antoon) Derkinderen (De Bosk, 20 desimber 1859 - Amsterdam, 2 novimber 1925) wie in Nederlânsk keunstskilder, glêzenier, tekener en boekbânûntwerper.

Antonie Derkinderen wie tusken 1878 en 1880 learling fan de Keninklike Skoalle foar Byldzjende Keunsten yn De Bosk ûnder lieding fan J. Th. Stracké. Yn 1880 gong er nei Amsterdam dêr't er oant 1882 studearre oan de Ryksakademy. Hy wie by earste leden fan de Keunstnersferiening Sint Lucas. Yn 1882 gie er mei Jan Toorop nei Brussel en bleau dêr in jier om te oan de Tekenakademy laat fan J. Portaels te studearjen. Tusken 1888 en 1890 hâlde er opnij ta yn Brussel. Dêrnei festige er him yn Laren (Noard-Hollân).

Hy skildere (ek glês), tekene, etste en litografearre portretten, figueren en makke wandskilderingen foar ûnder oaren Stêdhûs yn De Bosk en de Koopmansbeurs (Beurs fan Berlage) te Amsterdam. Teffens makke er boekfersieringen foar ûnder mear de Vondel-útjeften en de Mis fan Diepenbrock.

Hy hie in soad kunde en syn ideaal wie om learlingen yn it skilderjen te oefenjen, krekt as de midsiuwske gildemasters dienen. De wurkplaats hie lykwols net it súkses dêr't er op hope hie en yn 1907 ferfarde Derkinderen nei Amsterdam, dêr't er direkteur fan de Ryksakademy waard, in funksje dy't er oant 1925 hâlde soe. Yn 1914 krige er in earedoktoraat fan de Universiteit Grins.

Wurk fan Derkinderen is ûnder oaren te finen yn de kolleksje fan it Gemeentemuseum De Haach (twa bern, 1880 deade trompetter), Sintraal Museum Utert, Kröller-Müller Museum yn Otterlo (portret fan Mallarmé), Museum foar Kommunikaasje De Haach (ûntwerpen foar Nederlânske postsegels), it Noardbrabânsk Museum te De Bosk (ûntwerp foar wandskildering yn it stêdhûs te De Bosk) en it Van Abbemuseum te Eindhoven (man mei stêf).

Antoon Derkinderen waard ek frege om in ûntwerp te meitsjen foar in Nederlânske postsegel. It gie om de útjefte fan de earste taslachsearje, foar de tuberkuloazebestriding yn 1906.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Pieter Scheen, Lexicon Nederlandse beeldende kunstenaars 1750-1950, Den Haag, 1969-1970