Van Abbemuseum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Van Abbemuseum
Nijbou en âldbou. Op de foargrûn it hûske fan Körmeling

It Van Abbemuseum is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn it sintrum fan Eindhoven oan de Dommel. It museum waard yn 1936 iepene en is neamd nei de oprjochter, sigarefabrikant Henri van Abbe. Van Abbe wie in leafhawwer fan moderne keunst en woe Eindhoven dêrfan ek genietsje litte.

It gebou wie in ûntwerp fan arsjitekt A.J. Kropholler yn tradysjonalistyske styl. Twadde helte 20e ieu groeide it museum flink en oan de ein fan de ieu wie it besteande museum fiersten te lyts wurden foar de kolleksje, de bibleteek en foldie it net mear oan de easken fan eigentiids belied en bedriuwsfiering. Der kaam nijbou, neffens in ûntwerp fan arsjitekt Abel Cahen, dat it museum sa'n fiif kear grutter makke. Sûnt 2003 is it fernijde Van Abbemuseum iepen foar publyk.

De kolleksje fan it museum bestiet anno 2010 út goed 2700 keunstwurken, likernôch 1000 wurken op papier, 700 skilderijen en 1000 skulptueren, ynstallaasjes en fideowurk. It museum hat ien fan de grutste kolleksjes skilderrijen yn de wrâld fan El Lissitzky. Teffens besit it wurk fan Pablo Picasso en Wassily Kandinsky.

De samling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Theo van Doesburg. Compositie XXII. 1922.

De keunstsamling waard mei úteinset yn 1909 troch Van Abbe. Hy kocht privee skilderijen dy't meast foar syn eigen went ornearre wienen. Tegearre mei Carl Alandt, in Amsterdamske freon út de tabakshannel, besocht er útstallingen. Sa rekke er yn de kunde mei it wurk fan skilders sa as Jan Sluyters, Lizzy Ansingh en Carel Willink en kocht er wurk fan harren.[1] Teffeks hie Van Abbe wurk fan Isaac Israëls. Fia it museum waakste syn keunstbesit stadichoan ta de Van Abbe Kolleksje dy't 2008 benei 3000 wurken befette.

De kolleksje hat in grut tal wurken fan El Lissitzky, mar ek fan Pablo Picasso, Georges Braque, Wassily Kandinsky, Marc Chagall, Fernand Léger, Theo van Doesburg en Piet Mondriaan. Nei-oarlochske keunstners sa as Joseph Beuys, Marcel Broodthaers, Anselm Kiefer, Jannis Kounellis, Rebecca Horn en Sigmar Polke binne ek fertsjintwurdige.

Fan West-Europeeske keunstners fan de 1980-1990jierren sit wurk fan Jan Vercruysse, Jean-Marc Bustamante, Thomas Schütte, Juan Muñoz, René Daniëls, Marijke van Warmerdam, Douglas Gordon, Aernout Mik,Danny Matthys en Pierre Huyghe yn de kolleksje. Na 2004 is der mear fokusse op ynternasjonale ûntjouwingen. Keunstwurk fan Dan Perjovschi, Wilhelm Sasnal, Nedko Soleikov, Tintin Wulia, Akram Zaatari, Yael Bartana, Agung Kurniawan, Surasi Kusolwong en oaren binne oankocht foar de kolleksje.

De Amerikaanske keunst nei 1960 is fertsjintwurdige mei Robert Morris, Donald Judd, Carl Andre, Sol LeWitt, Bruce Nauman en Lawrence Weiner en mei west-coast-keunstners as John Baldessari en Ed Ruscha.

Wichtige keunststreamingen yn de kolleksje binne ûnder oaren it Kubisme, De Styl, it Konstruktivisme, Ekspresjonisme, Nederlânske figurative keunst fan it ynterbellum, Cobra, École de Paris, Zero, Neokonstruktivisme, de matearjeskilders, Minimal Art, Conceptual Art, Dútske skilderkunst út de jierren 70 en 80 en in gehiel fan moderne skulptuer, ynstallaasjes en fideokunst dat yn letter jierren gearstald waard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Henri van Abbe (1880-1940), biografy op www. thuisinbrabant.nl, 21 aug 2008.