Skulptuer

Ut Wikipedy
"Stein 2000" fan de Dútske byldhouwer Ralf Krämer yn Heilbronn, yn Jurakalkstien útfierd

In skulptuer is in romtlik byldhouwurk dat foarmjûn is troch materiaal wei te heljen (de subtraktive metoade), yn tsjinstelling mei in plastyk, dat in romtlik keunstwurk is dat modellearre is troch tafoeging út in beweechlike, plastyske massa as klaai of was, of ek jitten (de additive of opbouwende metoade). It gearfoegjen fan besteande materialen wurdt assemblaazje neamd.

Materialen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skulptueren wurde fanâlds makke út starre materialen as natuerstien en hout, mar fierdere materialen kinne bygelyks wêze gips, keunststof, beton, bakstien of polyuretaanskom (PUR).

Houwen en snijen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De technykfn it foarmjaan yn dizze materialen wurdt tradisjoneel 'houwe' (hakke) neamd, fandêr de term byldhouwer foar in romtlik wurkjend keunstner. Dizze term is úteinlik de algemiene beneaming wurden foar romtlik wurkjend keunstners, ek as hja net op de subtraktive metoade wurkje.

Keunstners dy't materialen as hout, ivoar, bien en sêfte stiensoarten bewurkje (snije mei beitel en guts) wurde fanâlds ek wol byldsnijer neamd. Foar oare subtraktive techniken as skave, raspe en seagje bestiet gjin ôfsûnderlike term om de keunstner mei oan te tsjutten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]