Stéphane Mallarmé

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mallarmé, foto Félix Nadar, 1896

Stéphane Mallarmé (18 maart 1842, Parys9 septimber 1898, Valvins (gemeente Vulaines-sur-Seine, Seine-et-Marne), wiere namme, Étienne Mallarmé, wie in Frânsk dichter en kritikus.

Hy is bekend as in streekrjochte forrinner fan de symboalistyske beweging, dy't yn de jierren 1880-90 yn Frankryk ûntstie. Fan de jierren '60 ôf ûntwikkele er in hermetyske styl dy't skaaimerke wurdt troch intellektualisme en fan de abstraksje fan it Dútske idealisme.
Neffens Mallarmé moat dichtkeunst suggerearje en ûnbewitten op de lêzer ynwurkje. De dichter kin de werklikheid omfoarmje troch it minslik intellekt konsekwint te brûken en troch gebrûk te meitsjen fan alle muzikale en magyske krêften fan de taal.
Yn syn literêr-estetyske essays ûnderskiedet Mallarmé it deistige, kommunikative taalgebrûk (la parole immédiate) fan it poëtyske brûken fan taal (la parole essentielle). Dat lêste wurket op de lêzer yn middels klanken, agrammatikale assosjaasjes en (magyske) symboalen, sadat de ynderlike werklikheid it bêst benei kaam wurde soe.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Édouard Manet, Portret van Stéphane Mallarmé, 1876

Mallarmé waard berne yn Parys. Nei de militêre tsjinst en in skoft yn Londen dêr't er ek boaske, wurke er in grut part fan syn libbeb as learaar Ingelsk yn Parys. Dêrtroch wie betreklik earm, mar dat hold syn ûntjouwing ta wichtich Frânsk dichter en kritikus net tsjin.

Hy hie kunde oan Manet en Zola en hat yn 1873 sels Hugo moete. Hy organisearre by him thús syn foaroprinnende Salon (gearkomst fan intellektuelen, dêr't praat waard oer poëzy, keunst en filosofy). Fral troch dy gearkomsten hie Mallarmé bot ynfloed op in hiele generaasje fan Frânske skriuwers.

Oan de ein fan syn libben wie er ien fan de meast fierde dichters fan syn tiid. Dichters as Verlaine skreaune lofsangen oer him en Edgar Allan Poe en Paul Valéry besochten rgeregeldwei syn salon op tiisdeijûn. Oan de ein fan syn libben keas er ek de kant fan Émile Zola yn de Dreyfusaffêre, doe't dy syn iepen brief oan de presidint J'accuse...! publisearre.

Nei syn pinsjoen koe er noch by de begraffenis fan Paul Verlaine wêze, eardat er sels op 9 septimber 1898 stoar.

Betsjutting fan syn wurk[bewurkje seksje | edit source]

Mallarmé stie op in krúspunt fan stilen oan de ein fan de 19e ieu yn Frankryk. Syn betide wurk slút deun oan op de styl sa't dy festige wie troch Charles Baudelaire. Teffens waard er bot beynfloede troch romantyske skriuwers as Victor Hugo.

Syn fin-de-sièclestyl rint lykwols al foarút op 20e ieuske keunstfoarmen as it dadaïsme en it surrealisme. Ien fan de skaaimerken fan Mallarmé syn poëzy is it ferranen fan de dichtkeunst mei oare keunstfoarmen. Dat soe in oanset wêze foar it opgong meitsjen fan it dadaïsme, it surrealisme en it futurisme begjin 20e ieu. Dy streamings ûndersykje de spanning tusken de wurden sels en de wize wêrop der mei kommunisearre wurdt.

Yn syn lettere wurk wie er fral dwaande mei de foarm, mar dochs is it sa dat it wurk fan Mallarmé yn it generaal skaaimerke wurdt fan wederzijdse beïnvloeding van stijl en inhoud. Dat is benammen dúdlik yn it fernijende Un coup de dés jamais n'abolira le hasard ('In goai mei in dobbelstien makket gjin ein oan it risiko') út 1897, syn lêste wichtige gedicht.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • L'après-midi d'un faune (1876), fan Claude Debussy op muzyk set (1894)
  • Pages (1891)
  • La Musique et les lettres (1894)
  • Divagations (1897)