Springe nei ynhâld

Dadaïsme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dada)
Letterklankbylden troch I.K. Bonset út it tydskrift De Stijl yn 1921, in foarbyld fan Nederlânsk Dadaïsme
Marcel Duchamp, Urinôr, 1917. Foto fan Alfred Stieglitz
Rrose Sélavy, it alter ego fan ferneamd Dadaist Marcel Duchamp.
It Cabaret Voltaire yn Zürich
Oankûndiging fan in Dada-jûn yn Rotterdam

Dada of it Dadaïsme wie in kulturele beweging dy't yn de Earste Wrâldkriich yn Zürich yn it neutrale Switserlân útein sette.

De beweging hat mar koart bestien en hie syn hichtepunt tusken 1916 en 1920, dochs hat har ynfloed grut west. De keunstners fan Dada wienen foaral dwaande mei byldzjende keunst, poëzij, teater en grafysk ûntwerp. De beweging is besibbe oan it nihilisme: it mei sin yrrasjoneel wêze en algemien oanfurdige standerts yn de keunst ôfwize. Neist dat hja tsjin oarloch wiene, wie it ek in anti-boargerlike en anargistyske beweging.

De keunstners wiene tige teloarsteld oer it debakle fan de kriich, dy't al rillegau fêstrûn wie yn in útsjochleaze rinfuorgekriich. Der ûntstie in tendins ûnder literêre- en byldzjende keunstners om besteande (keunst)wearden de gek oan te jeien op bretale wize. Dit wie foar harren in menier om de skynhilligens fan de doetiidske 'beskaafde' wrâld oan de kaak te stellen. Richard Hülsenbeck sei it sa: "De dadaïst achtet it nedich om him tsjin de keunst út te sprekken, om't er troch de oplichterij fan keunst as morele feilichheidsklep hinne sjocht.";[1] en: "Abstrakte keunst betsjut absolute earlikens foar ús". It dadaïsme soe waakse ta in ynternasjonale beweging.

De oantrún ta de beweging waard jûn troch de Frânske futuristyske skilder Marcel Duchamp, te Puteaux yn 1913, doe't hy it Fytstsjil op in Taboeret as keunstwurk foarstelde, mei de fraach: Kin immen wurk meitsje, dat gjin keunstwurken binne?

De beweging waard oprjochte yn 1916 yn Kafee Voltaire yn Zürich, troch de keunstnersrûnte om de Roemeenske dichter Tristan Tzara. Dit wiene de Elzasser Hans Arp, de Dútsers Hugo Ball en Richard Hülsenbeck, de Switserske Sophie Taüber, de Nederlanner Otto van Rees en de Roemeen Marcel Janco. Hja fersprieden dêrwei harren manifesten ûnder samar in namme, Dada (it Frânske wurd foar boartersguodhynderke), mei sin gekjeiend en bernich. Oaren bestride dizze ferklearring; nei alle gedachten is it gewoan in ûnsinwurd.

Marcel Janco brocht him letter te binnen

Wy wiene alle betrouwen yn ús kultuer kwyt rekke. Alles moast ferneatige wurde. Wy woene opnij begjinne nei de "tabula rasa". By it Cabaret Voltaire setten wy útein mei it sjokkearjen en húnjen fan it sûne ferstân, de publike opiny, it ûnderwiis, de ynstituten, museums, goede smaak, yn 't koart, de hiele oerhearskjende oarder.

Yn deselde snuorje gienen yn New York Francis Picabia, Marcel Duchamp mei syn readymades en mei syn Fountain-urinoir, Man Ray, Walter Arensberg en Marius de Zayas ek dy kant op, fanút de galery fan fotograaf Alfred Stieglitz en mei harren tydskrift 291. Yn 1917 waard er kontakt socht mei de groep yn Zürich.

Fan Zürich nei oare Europeeske stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch 1914-1918 wreide de beweging him út oer West-Europa en waarden Berlyn, Keulen en Parys nije sintrums. Hülsenbeck wie warber yn Berlyn, dêr't George Grosz, Johannes Baader, Hannah Höch, Raoul Hausmann en John Heartfield (Helmut Herzfeld) harren by him oansletten.

Yn Keulen hie de Zürichske groep in sterk dadaïst yn de persoan fan Max Ernst, dy't dêr befreone wie mei Arp en Johannes Baargeld.

Yn Parys begûn it yn de literatuer mei André Breton, dy't letter in wichtige rol spylje soe yn it Surrealisme. Philippe Soupault, Paul Eluard en Louis Aragon dienen ek mei. Earst tusken 1920 en 1922 kamen de dada-eksposyjes oan bar. Yn Parys kaam doe ek it skeel tusken Breton en Tzara oan it ljocht. Doe't Breton, yn 1924, syn Premier manifeste du Surréalisme útbrocht, wie it ek fuort dien mei it dadaïstyske anargisme.

Sa sydlings wurke Kurt Schwitters yn Hannover syn Merz(ôffal)-kollaazjes út. Hy hie kontakt mei Theo van Doesburg, dy't yn Nederlân de dada-flagge heech hâlde en Wat is Dada? útjoech. Yn 1923 giene sy in oantal plakken yn Nederlân bydel yn de saneamde 'Dada-toernee of -fjildtocht'.

Yn Barselona wie it nochris Picabia, dy't mei syn tydskrift 391 in ferfolch joech op syn eardere New Yorkse 291. Ut New York kaam yn 1921 noch ienris it nûmer New York Dada fan Marcel Duchamp en Man Ray.

Dadaco fan Tzara en Hülsenbeck en Dadaglobe, literêre dadaïstyske projekten, kamen net fan de grûn troch jildkrapte.

Yn Belgje liet de dichter Paul van Ostaijen yn syn grotesken en yn de bondel Bezette stad dadaïstyske trekken sjen, wylst Paul Joostens it plastyske paad bewurke.

Tsjintwurdich binne der net folle keunstners dy't harren dadaïst neame kinne. Danny Drenth (Amsterdam, 1963) wurdt noch wol sa betitele troch de kritisy. Hy organisearre yn 2003 in nije dada-fjildtocht yn Haarlim.

Dada yn Dr88888888

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thijs Rinsema, Kurt Schwitters en Theo van Doesburg fertsjintwurdigen Dada (en De Styl) yn Drachten. Op freed 13 april 1923 hâlden hja in Dada-jûn yn de boppeseal fan Hotel 'De Phoenix' yn Drachten. Dat wie efkes nei de grutte Dada-fjildtocht fan 1923 en it wie de allerlêste Dada-performance yn de wrâld. (It begûn 8 oere, yntree 1 gûne). Nei't sein waard wiene de Drachtsters tige nijsgjirrich, mar optein rekke men der net fan.[2]

Kurt Switters hat sels wolris gebrûk makke fan it Frysk:

Die zute tute

En as hja yn de poede seach
Dan wieren d’r reade kjessen yn.
Und als sie in die Tüte sah,
Da waren rote Kirschen drin.
Dan makke hja de poede ticht,
Dan wier de poede ticht,
Da war die zute zu.

Dadaïstysk klank-byldgedicht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wij w88888888
Wij w88888888
W88888888
Wij tr88888888
Wij tr88888888
Te blijven w88888888!!!
Stelt men ons opnieuw teleur
Dan hebben we nog een 8erdeur
Wij w88888888
W8888888
tot?

Kurt Schwitters (1923)

Nettsjinsteande de negative úteringsfoarmen en it systematysk ôfwizen fan hokker positive estetyk dan ek, hâlde de dadaïsyske beweging harren ynfloed op it ûntjaan fan de byldzjende keunst. Sa libbe yn it Surrealisme en Fluxus it idee fan de absolute artistike frijheid en de herwurdearing fan it yrrasjonele troch, yn de Happenings de anargistyske geast fan it Cabaret Voltaire, yn Pop art, it wurkje mei banale motiven en sljochtwei materialen yn de konseptuele keunst it ferfrjemdzjende gearkommen fan wurd en byld.

Keunstfoarmen dy't de dadaïsten in protte brûkten wiene de kollaazje, de assemblaazje en yn de dichtkeunst de nonsensgedichten dy't inkeld en allinne rjochte wiene op klankutering, benammen it simultane gedicht en it bruïtistyske gedicht.

List fan dadaïsten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Janco Dada Museum, neamd nei Marcel Janco, yn Ein Hod, Israel

Der is in Keunsttydskrift DADA ornearre foar bern fan 6 oant 106 jaar.

  • H.R. Heite (red.), 'Dada in Drachten', Literêr tydskrift, nûmer 9/10 (novimber 1971): s. 25-26.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sitearre yn: Gay, Peter, Het modernisme. De schok der vernieuwing (Amsterdam 2007) s. 142
  2. Trouw, 2 augustus 2005. Drachten, ergens tussen Zurich en Parijs