VVV Ljouwert
VVV Ljouwert | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Ljouwerter Feriening foar Frjemdlingeferkear | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | ferskaffing ynformaasje oan toeristen | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1893 | |
opdoekt | 2021 | |
offisjele webside | ||
www.visitleeuwarden.com/vvv-leeuwarden |
VVV Ljouwert wie in feriening yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert, dy't oansletten wie by de lanlike VVV.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]VVV Ljouwert waard yn 1893 oprjochte as de Ljouwerter Feriening foar Frjemdlingeferkear (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarder Vereeniging voor Vreemdelingenverkeer). De feriening hie troch de jierren hinne in behoarlike ynfloed op it oansjen fan Ljouwert. Sa waarden it stânbyld fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburch ('Us Heit'), de Merkueriusfontein, de Pier Pandertimpel yn 'e Prinsetún en de fazen yn it Rengerspark allegear finansierd troch VVV Ljouwert.
Oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren fusearre de feriening mei de Stifting Promoasje Ljouwert (SPL). De lêste jierren hie VVV Ljouwert in ynformaasjepunt anneks winkeltsje op 'e grûnferdjipping fan 'e Achmeatoer. Yn 'e ienentweintichste iuw fermindere it ferlet fan toeristen oan fysike ynformaasje troch de opkomst digitale media. Ferskate taken fan VVV Ljouwert waarden yn deselde perioade oernommen troch û.o. Merk Fryslân en de Gemeente Ljouwert. Ek it boeken fan reizen en oernachtings yn hotels en oare gelegenheden fia de VVV waard minder.
It gefolch fan al dy feroarings wie dat VVV Ljouwert finansjele problemen krige. Nettsjinsteande yngeande besunigings rûnen dy op ta €60.000 yn it jier. Sadwaande besleat de feriening yn novimber 2020 om himsels mei yngong fan 31 maart 2021 op te heffen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|