Springe nei ynhâld

Merk Fryslân

Ut Wikipedy
Merk Fryslân
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd marketing toerismesektor Fryslân
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 2014
oprjochter Provinsje Fryslân
offisjele webside
www.friesland.nl/nl/merkfryslan

Merk Fryslân is it regionale marketingplatfoarm fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It hat ta doel om it toerisme en de rekreaasje yn Fryslân oan te fiterjen, en dêrmei de provinsjale ekonomy te befoarderjen. Dêrta hat it in protte taken oernommen fan sawol de Provinsje Fryslân as de regionale VVV.

Merk Fryslân waard yn 2014 oprjochte troch de Provinsje Fryslân as regionaal marketingplatfoarm foar de oanfitering fan toerisme en rekreaasje. It is in orgaan dat ûnôfhinklik fan it provinsjebestjoer operearret, mar frijwol folslein troch de provinsje finansierd wurdt. De organisaasje hie in drege oanrin, mei't der de earste jierren fan 'e doelstellings net folle op 'e hispel kaam. Ut in rapport fan 'e Noardlike Rekkenkeamer oer de jierren 2014-2018, dat yn desimber 2020 publisearre waard, kaam nei foarren dat Merk Fryslân it spul pas tsjin 'e ein fan 'e ûndersochte perioade op 'e rit hie.

Merk Fryslân krige yn 'e fjouwer troch de Noardlike Rekkenkeamer yn omtinken nommen jierren elts jier in fêste provinsjale subsydzje fan 650.000, oanfolle mei op jierbasis minimaal €500.000 oan "ynsidintele middels": jild dat útlutsen wie foar de finansiering fan spesifike projekten. Dêrút bliek troch Merk Fryslân lykwols ek struktureel wurk betelle te wêzen. Dêropta ûntfong de organisaasje elts jier ek nochris yn totaal €120.000 út 'e fêste bydrage dy't de Fryske gemeenten op it fêstelân Merk Fryslân skuldich wiene (de fjouwer Waadgemeenten wiene dêrfan frijsteld).

It wie fan begjin ôf oan de bedoeling fan 'e provinsje dat bedriuwen út 'e toerismebrâns meibetelje soene oan Merk Fryslân, mar dy betanken foar de ear. Neffens it ûndersyk fan 'e Noardlike Rekkenkeamer kaam dat om't ûndernimmers mear seagen yn 'e seis regioplatfoarms wêryn't gemeenten gearwurkje mei partikuliere bedriuwen. Dy regioplatfoarms funksjonearje min ofte mear as 'dochterorganen' fan Merk Fryslân foar de fjouwer provinsjedielen, Ljouwert en de Waadeilannen. De Noardlike Rekkenkeamer wie fan miening dat Merk Fryslân en de seis regiopatfoarms better gearwurkje moasten en dat Merk Fryslân syn finansiering troch bedriuwen regelje litte moast troch de seis platfoarms, dy't de direkte kontakten mei dy bedriuwen ûnderholden. Boppedat koe ek de kommunikaasje tusken Merk Fryslân en it provinsjebestjoer stikken better.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Laan, Ton van der, Puntjes moeten op de i by Merk Fryslân, yn: de Ljouwerter Krante, 8 desimber 2020, s. 24.