Uitgeverij Distrigo
Uitgeverij Distrigo | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Temse (Flaanderen) | |
oprjochte | <1964 | |
eigner | Drukkerij V.D. N.V. | |
offisjele webside | ||
gjint |
Uitgeverij Distrigo is in Belgyske útjouwerij dy't him benammen taleit op it publisearjen fan goedkeape Nederlânsktalige (út it Ingelsk oersette) pulpromantsjes yn tydskriftfoarm, dy't ferkocht wurde yn 'e measte supermerken en kiosken yn Nederlân en Flaanderen. Ornaris ferskynt fan soksoarte útjeften ienris yn 'e wike in nij nûmer, hoewol't de produksje fan guon titels sûnt de milenniumwiksel werombrocht is ta dy fan moanneblêden. De meast súksesfolle útjefte fan Distrigo is sûnder mis de westernrige Colt .45.
Oarspronklik wie Uitgeverij Distrigo in selsstannich bedriuw, dat earst fêstige wie yn Wilrijk, by Antwerpen,[1] en letter yn Sint-Niklaas.[2] Yn 2000 waard it lykwols oernommen[3] troch Drukkerij V.D. N.V., út Temse (oan 'e Skelde yn East-Flaanderen).[4] Hoewol't Distrigo sûnt dy tiid dus net mear selsstannich operearret, is de namme as ymprint beholden bleaun.
Titels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In (wierskynlik ûnfolslein) oersjoch fan 'e troch Uitgeverij Distrigo publisearre titels:
- Colt .45 (western, sûnt 1964)[5]
- G-Man Jerry Cotton (misdie)
- Hollister (western, sûnt 1972)[6]
- Idylle (romantyske fiksje)
- John Sinclair (horror, sûnt 1973)[7]
- Western-Hit (western)
- Winchester .44 (western)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|