Sint-Niklaas (plak)
Sint-Niklaas | ||
Stedhûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | East-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 80.117 (2021)[1] | |
Oerflak | 84,2 km² | |
Befolkingsticht. | 952,18 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9100, 9111, 9112 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 9' N 4° 8' E | |
Plattegrûn fan Sint-Niklaas | ||
Offisjele webside | ||
sint-niklaas.be | ||
Kaart | ||
Sint-Niklaas is in stêd yn 'e Belgyske provinsje East-Flaanderen. De stêd is de haadstêd fan it bestjoerlike arrondissemint mei deselde namme en wurdt troch in soad as de haadstêd fan it Lân fan Waas beskôge. Sint-Niklaas hat in oerflak fan 84,19 km² en goed 80.000 ynwenners (2022), dy't 'Sint-Niklazenaars' neamd wurde. De bynammen fan de bewenners binne 'oaljemigers', 'raapbrieders' of 'blauselmanlju'. De stêd is ek bekend om syn Grutte Merk, dat it grutste merkplein fan Belgje is.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Sint-Niklaas is ôflaat fan Nikolaas fan Myra, de beskermhillige fan de stêd. Oan it begjin fan de 13e iuw waard in oan him wijde parochy mei in byhearrende tsjerke boud, de Sint-Nikolaastsjerke. Dy namme waard ek de namme foar it omlizzende doarp. Yn de akte fan skinking fan Johanna fan Konstantinopel út 1219 wurdt de delsetting Sancti Nicolae in Bosco (Sint-Nikolaas-yn-it-Bosk) neamd, ferwizend nei it âlde Keningsbosk. Letter waard Sint-Nikolaas wat ferbastere ta de hjoeddeiske namme. Farianten fan de namme dy't ek ea brûkt binne wiene ûnder oare Sinte-Niclaus, Sint-Niclaes, Sint-Nicolaes, Sint-Nikolaas of gewoan de Frânske namme Saint-Nicolas. Eartiids waard der wol '-Waas' of '-Waes'oan taheakke, ferwizend nei de lizzing fan Sint-Niklaas yn it Lân fan Waas, mar dy gewoante is bûten gebrûk rekke. Dat wurdt allinnich noch wol yn it Frânsk dien, om betizing mei Saint-Nicolas, in gemeente yn de provinsje Luik, tefoarren te komme
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't der spoaren fan pre-Romeinske aktiviteiten fûn binne op it grûngebiet fan it hjoeddeiske Sint-Niklaas, lei it regionale sintrum yn de Romeinske tiid by it tichteby lizzende Waasmunster, nei alle gedachten fanwegen de bettere lokaasje oan de rivier de Durme. De skiednis fan Sint-Niklaas begjint pas yn 1217, doe't de biskop fan Doarnik Gozewijn (of Gosuinus), op oantrunen fan de parochypreester fan Waasmunster, de Sint-Nikolaastsjerke fan Sint-Niklaas stifte. Dat plak lei op it krúsing fan diken tusken Gint en Antwerpen oan de iene kant en Brabân en Siuwsk-Flaanderen oan de oare kant en wie dêrom geunstich foar reizgjende keaplju. Yn 1219 skonk grevinne Johanna fan Constantinopel seis bunder ûnlân eastlik fan de tsjerke oan de nije, selsstannige parochy. Oant it midden fan de 16e iuw wie de parochy tsjerklik ôfhinklik fan it bisdom Doarnik. Steatsrjochtelik makke it plak diel út fan it Lân fan Waas, dat ûnder it Greefskip Flaanderen foel.
14e-17e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Niklaas hat nea muorren hân, dus Sint-Niklaas wie altiten maklik te feroverjen. Yn 1381 waard Sint-Niklaas bygelyks ferneatige troch brân en plondering. De lokaasje net fier fan de Skelde, tusken Antwerpen en Gint, soarge lykwols jimmeroan wer foar in gaueftich herstel. Yn 1513 feriende Maksimiliaan I Sint-Niklaas merkrjochten, sadat Sint-Niklaas alle wiken merk hie en ienris yn 't jier in jiermerk. Letter waard de stêd beset troch kalvinisten fan de Republyk Gint. Om 1580 hinne feroarsaken omreizgjende byldestoarmers grutte skea oan de tsjerke.
De 17e iuw wie oer it generaal foar Sint-Niklaas in tiid fan opgong en ekonomyske groei. Benammen flaaks en wol brochten wolstân en it Waaslân krige de bynamme 'de tún fan Flaanderen'. Dat wie ek de tiid dat Sint-Niklaas in soad bestjoerlike gebouwen krige en der trije kleastermienskippen (de oratorianen, de minderbruorren en de swarte susters) stifte waarden. De swarte susters brochten de krite ûnderwiis en medyske soarch.
Op 25 maaie 1690 waard Sint-Niklaas op 'e nij troch in grutte stedsbrân troffen, dy't yn in jeneverstokerij begûn wie. Wol 565 huzen waarden ferneatige en allinnich de stiennen gebouwen bleaunen oer. De skea wie ûnbidich en der waarden spesjale tsienden oplein om de skea oan de tsjerke te herstellen. Fral troch it krewearjen fan de oratorianen koe de stêd wer gaueftich opboud wurde.
18e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de 18e iuw hiene Sint-Niklaas en de omkriten slim te lijen fan de fjildslaggen fan de Spaanske Suksesjeoarloch. Nei de kriich profitearre Sint-Niklaas fan ekonomyske opgong ûnder Eastenryksk bewâld. Yn 1764 waard de earste yndustriële katoenweverij fan Sint-Niklaas stifte. Dat wie it begjin fan de ûntwikkeling fan de tekstylproduksje, dy't fan Sint-Niklaas om 1830 hinne op Gint nei de wichtichste East-Flaamske yndustrystêd makke.
Tsjin it ein fan de 18e iuw brocht de Frânske revolúsje religieuze ûnderdrukking. Dêrnjonken waard it bestjoer troch de Frânsen modernisearre, sa waard de kasselrij Waaslân yn 1795 opheft, wêrmei't Sint-Niklaas de status fan streekhaadstêd ferlear. Tenei wie Sint-Niklaas in gemeente mei in boargemaster oan it haad, dy't diel útmakke fan it arrondissemint Dendermonde en it departemint Skelde. Yn 1798 wie de dielnimmende gemeenten oan de Boereoarloch tsjin de Frânske autoriteiten. Fiif jier letter besocht Napoleon Bonaparte Sint-Niklaas, dy't er it jier dêrop op grûn fan it ynwennertal (likernôch 11.000) de status fan stêd joech.
19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen waarden noch mear bestjoerlike fernijings trochfierd. Grutte dielen fan it departemint Skelde waarden omneamd ta de provinsje East-Flaanderen en yn 1818 waard it arrondissement Sint-Niklaas ôfsplitst fan Dendermonde. Dêrmei krige de stêd wer de status fan in regionale haadstêd.
De Belgyske ûnôfhinklikens yn 1830 betsjutte in tebekslach fan de tekstylyndustry troch it ferlies fan de Nederlânske koloniale merken. De boargerij en de gemeenteried bleaunen dêrom noch lang Oranjesinnich. De oansluting fan de stêd op it lanlike spoar om 1850 hinne brocht lykwols in positive feroaring en wie de motor fan in sterk herstel en grutskalige stedsútwreiding. Yn dat tiidrek binne û.o. in nij gemeentehûs, de Us-Leaffrouwetsjerke (Onze-Lieve-Vrouwekerk) en it Regentieplein boud. Yn 1854 briek der opskuor út troch de hege prizen fan it iten en de grutte earmoede, dy't mei de yndustrialisaasje ûntstien wie. Yn 1896 krige de toer fan de Us-Leaffrouwtsjerke in bekroaning fan in seis meter heech ferguld byld fan de Hillige Jongfaam.
Wrâldkrigen en ynterbellum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Earste Wrâldkriich makke ynearsten in ein oan de opgong fan de stêd. Op 10 oktober 1914 kamen de Dútske troepen fan it 71e en 72e rezjimint fan it Prusyske leger. Dat gie tegearre mei plonderingen, nettsjinsteande de tasizzing fan generaal von Meyer dat soks net barre soe. Twa dagen letter ferlieten hja de stêd wer. Oant healwei 1916 bleau Sint-Niklaas ûnderdiel fan it saneamde 'Etappengebiet', doe diel fan it minder strange Generalgouvernement . Op 15 novimber 1918, fjouwer dagen nei de wapenstilstân, befrijden Belgyske soldaten de stêd wer.
Tusken de wrâldkrigen troch makke de stêd wer in tiid fan opgong mei en benammen de tekstylyndustry profitearre dêr wer fan. De nije rykdom makke de bou fan ferskillende Art Deco-gebouwen mooglik en nije strjitten en wiken waarden oanlein.
Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch waard Sint-Niklaas op 17 maaie 1940 bombardearre troch de Dútsers. By dat bombardemint kamen 87 minsken om, benammen flechtlingen út Breda, dy't doe yn in skoalle yn de Gasmeterstraat sieten. Trije dagen letter besetten Dútske troepen de stêd. De measte wethâlders, wêrûnder de boargemaster, flechten de stêd út en de ienniche oerbleaune wethâlder, Emiel Van Haver, waard beneamd ta boargemaster.
Op sneon 9 septimber 1944 waard de stêd troch de Britske 4e Pantserbrigade tegearre mei it 44e Royal Tank Regiment en de B-kompanjy fan it 2nd King's Royal Rifle befrijd. Om healwei alven kamen hja Sint-Niklaas yn. Hja waarden folge troch de ynfantery fan it 1/7th Queen's Royal Regiment. Boargemaster Hendrik Heyman ûntfong de kommandant luitenant-kolonel WD Griffiths yn it gemeentehûs. Dy middeis besochten Dútske troepen de stêd nochris yn te nimmen, mar nei in gefjocht setten dy wer ôf. Op 12 septimber naam de Poalske 1e Pantserdifyzje, ûnder lieding fan Stanisław Maczek, Sint-Niklaas fan de Britten oer; hja hiene de opdracht om de Dútske efterhoede yn it Waaslân út te skeakeljen.
Jierrren 1950-2000
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de stêd sûnder al tefolle skea troch de oarloch kaam, rekke de de tekstylyndustry de jierren nei 1945 swier yn it neigean, wêrtroch't dy oan it begjin fan de 21e iuw hast hielendal ferdwûn is. De útwreiding fan de stêd gie nei de oarloch fierder mei de bou fan nije wiken. Oan it begjin fan de jierren 1970 waard it spoar 59 op in fiadukt lein om sa ferskillende oergongen ôfskaffe te kinnen. It wurk wie klear yn 1973 en sûnt snijt it betonnen fiadukt it sintrum midstwa.
Op 1 jannewaris 1977 waarden de gemeenten Belsele, Nieuwkerken-Waas en Sinaai by de stêd foege. It doarp Klein-Sinaai, dat diel útmakke fan Sinaai, waard net by Sint-Niklaas mar by de gemeente Stekene foege.
2000-no
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei is it histoaryske sintrum útgroeid ta in winkel- en fersoargingssintrum. De iepening fan in winkelsintrum oan 'e râne fan 'e stêd betjutte lykwols in swiere klap foar de middenstân fan 'e stêd mei as gefolch in soad leechstân, dy't jierren lang duorre. Sûnt de 21e iuw besiket de gemeente it sintrum wer oantrekliker te meitsjen mei projekten as de renovaasje fan de Grutte Markt en it Stasjonsplein en de werynrjochting fan de Stasjonsstrjitte as fuotgongersgebiet.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Niklaas leit yn it Waaslân, dat wer ûnderdiel fan 'Zandig Vlaanderen' útmakket. De stêd leit 30 km fan Gint en 20 km fan Antwerpen ôf. Oare stêden yn 'e omkriten binne Dendermonde, Hulst, Lokeren en Mechelen. It is de tredde stêd fan East-Flaanderen en dêrmei ien fan de trettjin sintrale Flaamske stêden.
Njonken Sint-Niklaas sels hearre ek de dielgemeenten Belsele, Nieuwkerken-Waas en Sinaai by de gemeente. De buorskip Puivelde leit yn it noarden fan de dielgemeente Belsele.
Nû. | Plaknamme | Oerflak | Ynwenners (2017) [2] | ynw./km² | Kaart |
---|---|---|---|---|---|
I | Sint-Niklaas | 31,74 | 53.517 | 1.686 | |
II | Nieuwkerken-Waas | 9,86 | 5.921 | 601 | |
III | Belsele | 20,26 | 10.383 | 512 | |
IV | Sinaai | 21,94 | 6.161 | 281 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Religieuze gebouwen (kar-út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Nikolaastsjerke is yn de 13e iuw stifte en joech de namme oan de stêd. Yn de 17e iuw waard de tsjerke troffen troch in slimme brân en op 'e nij ynrjochte yn barokke styl. Fral de tsjerkeskat makket fan de Sint-Nikolaastsjerke ien fan de rykste tsjerken fan de krite.
- De Us-Leaffrouwetsjerke-Help-fan-Kristenen-tsjerke is in neobyzantynske tsjerke út de jierren 1841-1844. De tsjerke waard bou neffens in ûntwerp fan L. Roelandt. Op de toer stiet in 6 meter heech ferguld byld fan Marije. It ynterieur fan de tsjerke telt 83 skildere muorrepanelen.
- De Sint-Antoniustsjerke is in sealtsjerke út de jierren 1689-1696 en in eardere kleastertsjerke. De tsjerke hat in ryk ynterieur mei in barok heechalter, rokoko koerbanken en tolve grutte skilderijen..
- De Hillich-Herttsjerke waard yn 1924 boud foar de minderbruorren, yn de jierren 1960 waard it in parochytsjerke en sûnt 2014 folge ûntwijing en ferbouwing ta mienskipssintrum.
- De Sint-Joazeftsjerke yn de wyk Tereken is in grutte neogoatyske tsjerke.
- De Kristus-Keningtsjerke is in tsjerke út de jierren 1930 yn modernistyske styl.
- It Sint-Joazef-Lyts-Seminaarje wie lang it biskoplike kolleezje fan it bisdom Gint. De 17e-iuwske kapel is ien fan de âldste kapellen fan Sint-Niklaas.
- Belsele: de Sint-Andréas- en Ghislenustsjerke fan de dielgemeente Belsele is ien fan de âldste tsjerken yn de krite. De tsjerke giet werom op de 10e iuw, mar waard neitiid in soad ferboud.
- Sinaai: De Sint-Katarinatsjerke fan Sinaai is in oarspronklik 13e-iuwsk gebou is oarspronklik in 18e-iuwsk rêsthûs foar preesters.
Oare gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It neogoatyske stedhûs is 19e iuwsk en stiet oan de Grutte Merk.
- De Grutte Merk mei in grut tal monumintale hûzen is in merkplein yn it sintrum. Mei in oerflak fan 3,19 hektare is it it grutste merkplein fan Belgje.
- It wetterkastiel Walburg leit tichteby it sintrum yn it Romain de Vidtspark.
- It Moelandkastiel is in stedsslot oan de Hospitaalstraat 19.
- De Wite Mûne is in achthoekige nôtmûne út 1696.
- Belsele: it eardere Hôf fan Belsele oan de Kasteeldreef 13-17.
Sint-Niklaas is ryk oan arsjitektuer yn de Art Deco-styl. Ein 19e iuw hie Sint-Niklaas in bloeiendw tekstylyndustry, dy troch it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch stûke mar neitiid wer gau opbloeide. Dat soarge foar in soad wurkgelegenheid en der ûnstie in rike boppelaach, dy't yn de nije wiken om it âlde sintrum hinne grutte huzen bouwe liet yn de styl fan de doetiidske moade.
De huzen oan de Monseigneur Stillemansstraat jouwe moaie foarbylden fan Art Deco en Nije Saaklikheid en tsjûgje fan de nije wolstân yn dy tiid. Sûnt 2002 foarmet de strjitte in beskerme stedsbyld. Ek yn de Stasjonswyk en Elisabethwyk is Art Deco-arsjitektuer te sjen. Njonken hûzen binne der ek in pear tsjerken (Kristus Keningtsjerke, Heistraat) en skoallen (Broederskoalle yn de Nieuwstraat, Normaalskoalle yn de Kasteelstraat) yn dy styl boud.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nieuwkerken-Waas: Heemkundig Museum Nieuwkerken-Waas 200/700 (https://www.ontdeksintniklaas.be/nl/zien-en-doen/musea/heemkundig-museum Museum op webstee Sint-Niklaas)]
- Pijp- en tabakmuseum (webstee)
- Huis Janssens (Museum op webstee Sint-Niklaas)
- Mercatormuseum (Museum op webstee Sint-Niklaas)
- Salons voor Schone Kunsten (Museum op webstee Sint-Niklaas)
- SteM Zwijgershoek (Museum op webstee Sint-Niklaas)
- Sinaai: Edgar Tinelmuseum (webstee)
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Nikolaas is patroanhillige fan de stêd en it is logysk dat der om dy hillige ek tradysjes ûnstiene. Fan de sân stedsreuzen fan Sint-Nikolaas binne Sinterklaas en Swarte Pyt der twa fan. It gewicht fan de Sinterklaasreus is 100 kilogram en de pop is likernôch 5 meter heech. Swarte Piet is lytser. Begjin desimber promoot de stêd him as 'Stêd fan Sinterklaas'; dan wurde der aktiviteiten organisearre lykas de oankomst fan Sinterklaas, it 'Hûs fan Sinteklaas' yn de Stasjonsstrjitte en in sirkusshow om de figuer fan Sinterklaas hinne.
In oare tradysje ûnstie om Rein de Foks hinne. Ferspraat yn de stêd en omkriten binne der ferwizings nei it ferhaal, ferskillende fytsrûtes troch it Lân fan Waas, in soad bylden en de Reynaertgalerij, in ferbining tusken de Stasjonsstrjitte en de Grutte Merk.
Sint-Niklaas hat histoarysk in bân mei loftballonnen. Op 15 april 1784 waard foar it earst in troch Joannes van Goethem sels makke loftballon omheech litten, doe noch net mei bemanning. Op 3 maart 1845 waard der yn Sint-Niklaas wer in ballon oplitten en no mei bemanning. Sûnt 1873 waarden loftballonnen ûnderdiel fan de simmermerke. Hjoed-de-dei wurde yn it ramt fan de saneamde freedesfeesten (earder de befrijingsfeesten) yn it earste wykein fan septimber ballonfeesten organisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Tielt
|