Colt .45 (westernromansearje)
Colt .45 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | western | |
frekwinsje | 1x wyks | |
bestean | 1964 – no | |
plak haadred. | Temse (Flaanderen) | |
útjouwer | Uitgeverij Distrigo | |
offisjele webside | ||
gjint |
Colt .45 is in Nederlânsktalige (út it Ingelsk oersette) rige pulpromantsjes fan it westernsjenre, wêrfan't alle wiken ien nij nûmer útkomt. Dizze útjefte is te keap by de measte supermerken en kiosken yn Nederlân en Flaanderen. It blêd is ferneamd nei de Colt .45-revolver, it meast ferneamde fjoerwapen út 'e tiid fan it Wylde Westen.
De boekjes wurde útjûn troch Uitgeverij Distrigo, foarhinne in selsstannige útjouwerij, mar sûnt 2000 in ymprint fan Drukkerij V.D. N.V. te Temse, yn East-Flaanderen. Dyselde útjouwer is ek ferantwurdlik foar in stikmannich soartgelikense útjeften op it mêd fan westerns en yn oare sjenres.
It earste nûmer fan Colt .45, mei as titel De Duivelshand (dramatyske ûndertitel: Zijn Colt was Zijn Enige Vriend), fan skriuwer Rex Hayes, ferskynde yn 1964, en koste doe ƒ0,60. Yn 2014 kaam Vlammende Grenzen, nûmer 2.582, út foar de priis fan €1,75.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |