Tuhuupe Luupe
Tuhuupe Luupe | ||
plak en tiid | ||
lân | Dútslân Nederlân | |
bestj. ienheid | ferskaat | |
plak | Bredstedt (begjin) Ljouwert (ein) | |
datum | 18 o/m 20 maaie 2018 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | LF2018 | |
soarte evenemint | fytstoertocht | |
org. troch | Fryske Ried | |
offisjele webside | ||
www.tuhuupeluupe.org |
De Tuhuupe Luupe (útspr.: "tûhûûpuh lûûpuh"; Noardfrysk foar "mei-inoar-rin") wie in fytstoertocht dy't op 18 maaie 2018 yn it Noardfryske Bredstedt begûn en op 'e middei fan 20 maaie yn Ljouwert einige. De dielnimmers hiene doe yn trije dagen tiid 388 km fytst troch Noard-Fryslân, East-Fryslân en Westerlauwersk Fryslân en tuskenlizzende gebieten lykas Hamburch, Bremen en Grinslân.
It evenemint waard organisearre troch de Fryske Ried, dêr't de trije Fryslannen yn feriene binne. Dy organisaasje woe mei in sportbarren de Noardfriezen en Eastfriezen belûke by it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It inisjatyf foar de Tuhuupe Luupe kaam fan 'e Noardfryske seksje fan 'e Ried, wat de reden wie dat it evenemint ek in Noardfryske namme hie.
Oarspronklik hie it de bedoeling west dat de Tuhuupe Luupe in estafettetocht wurde soe fan kuierders, fytsers en lju dy't har mei oare ferfiermiddels fuortbeweegden, mar úteinlik bleau troch brekme oan animo inkeld de fytstocht oer. Dêroer wie men yn Noard-Fryslân dan wol wer sa entûsjast dat dy mooglik in ferfolch krije soe, sa waard nei ôfrin fan 'e Tuhuupe Luupe sein.
De dielnimmers oan 'e tocht wiene foar de grutte mearderheid Noardfriezen, mar de lêste dei heakken fan Bad Nieuweschans ôf, oan 'e Grinslânsk-Eastfryske grins, in groep Westerlauwerske Friezen oan. Dêrûnder wiene Steatelid Corlienke de Jong fan 'e FNP en de Feanster wethâlder Hans Broekhuizen fan it CDA.
De bedoeling om 'e Noard- en Eastfriezen it LF2018-projekt meibelibje te litten, mislearre hast hielendal. Nei de finish yn Ljouwert, op 'e middei fan Pinkstersnein, waard noch wol it talepaviljoen Obe besocht, op it Aldehoustertsjerkhôf, mar op Pinkstermoandei stapten de Noardfriezen moarns betiid alwer op 'e bus werom nei hûs, wylst harren fytsen mei in frachtwein werombrocht waarden. Se lieten yn Ljouwert in Ynterfryske flagge efter dy't haakt wie troch froulju út Noard-Fryslân en Westerlauwersk Fryslân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|