Tsjûkemar
De Tsjûkemar is de grutste mar fan Fryslân. It leit yn de Súdwesthoeke, yn de gemeente De Fryske Marren. De mar lei eartiids op de grins fan de gemeenten Lemsterlân en Skarsterlân. It meast westlike diel fan de mar wurdt trochsnien troch de sneldyk A6. De mar hat in oerflak fan 22 km².
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om de mar lizze de doarpen Ychten, Ychtenbrêge, Reahel, Dolsterhuzen en Eastersee. Der lizze ek ferskate kempings oan de mar.
De Tsjûkemar is net oeral like djip. Benammen it noardeastlike part is ûndjip, minder as in meter.
De mienskiplike doarpskearn fan Ychtenbrêge en Dolsterhuzen is de wichtichste kearn oan de mar.
In tredde fan de Tsjûkemar hearde by Skoatterlân.
Eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanâlds leinen yn de Tsjûkemar gjin eilannen. De eilannen dy't dêr no lizze: Tsjûkepôle, Marchjepôle en Guozzetippe binne troch de minsk oanlein. Hja binne oanlein omdat der nea folle rekreaasje op de mar wie.
Skûtsjesilen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IFKS sylt ien kear yn 't jier op de Tsjûkemar. Fierder wurdt syld by Starum, Hylpen, Sleat, Heech, op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge en twa kear op De Lemmer.
Stoarm en lânôfslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarm fan de mar en ek de totale oerflakte derfan is feroare. Dit komt benammen troch stoarmfloeden en troch kruiend iis.
Yn 1164 wie de Julianafloed, yn 1219 de Marcellusfloed, yn 1509 de Kosmusfloed en de Damianusfloed. Ek troch spontane of oanstutsen bosk- en feanbrannen is de mar grutter woarn. Der geane in soad ferhalen oer ferdronken doarpen yn de Tsjûkemar.
Drûchlizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1840 hinne ûntstiene plannen om de mar drûch te lizzen, krektas de drûchlizzing fan de Haarlimmermar. Om 1880 kaam nochris in plan, mar beide plannen binne net útfierd.
Ferhaal oer it ûntstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Tsjûkemar, by it gemaal fan Ychten, stiet it stânbyld fan Tsjûke en March. By dat byld stiet op in tekst de ferklearring fan it ûntstean. Dizze lytse leginde hjit 'De held en de Draak'.
De held en de draek, troch Ype Poortinga
Yn in hiel fier ferline moat de mar gewoan lân west ha, mei hjir en dêr frijwat wat bosk.
Op in dei rûnen der krekt bûten de Lytse Polder twa boerinnen. Se hienen kij en kamen krekt werom fan melken. De iene boerinne droech twa amers molke en de oare net ien.
Ynienen seagen se in brantsje wêrfan it ûntstean nea ferklearre is. De boerinne sûnder molke rôp nei de oare: "Do moatst dyn molke deryn goaie, sadat it fjoer net hurder baarnen giet!". Mar de oere boerinne sei: "Do bist net wiis, dan bin ik myn molke kwyt! Lit mar brâne, it is ommers ús lân net". Omdat dizze boerinne het ferpofte om har molke as dwêstmiddel te brûken,boaze it fjoer hurd oan. De oare boerinne seach eangstich om har hinne mar rôp doe: "O Tsjûke, o Tsjûke, dit sil dy muoie!"
Dêrmei skold se de boerinne bot út, want Tsjûke wie destiids in hûnenamme. Wa’t Tsjûke rôp tsjin in frou, makke har út foar in teef!
Neffens dizze leginde is troch de namme Tsjûke út dit ferhaal de namme fan de mar ûntstien. Oaren hâlde it der op dat it ynstee fan boerinnen oer twa susters gie: Tsjûke en March. Dit ferhaal fertelt dat dizze beide susters inoar troch de reek fan de brân kwyt rekken. Doe’t hja inoar rôpen, is dit de minsken út de omkriten oant hjoed de dei bybleaun. "Dat is Tsjûkemar," sizze se dan.