Tsjerkefersiering
Tsjerkefersiering is it fersieren fan tsjerken mei religieuze bylden en skilderingen. Yn âlde tsjerken dy't protestantsk waarden, binne de bylden nei de reformaasje, út freze foar oanbidding en ferearing, út 'e tsjerke helle. Muorreskilderingen bleaune wol, mar binne nei de earste tiid net fernijd of waarden oerkalke. Yn it strakke kalvinisme wie earetsjinst in tsjinst fan It Wurd. De earste echt protestantske fersiering (neist Midsiuwske resten as koarbanken Boalsert, kreake Easterein, muorreskilderingen Frjentsjer, Boazum) komt dan ek oan 17e-iuwske, soms mei snijwurk oerladen preekstuollen. Dan: fraaie oargelfronten, rouboerden fol symboalen. Yn Jelsum en Huzum rozetten út de earste herfoarmingstiid. Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstiet nije oandacht foar sierende eleminten, bygelyks kânselkleed (Lippenhuzen), jûnsmieltafel (Oerterp) en doopfet; ek soms in kleurich raam of muorreskildering (Nyegea, Smellingerlân).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|