Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Westerwijtwerd

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Westerwijtwerd
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Westerwijtwerd
koördinaten 53° 20' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 29908
Webside
PKN Middelstum
Kaart
Tsjerke fan Westerwijtwerd (Grinslân)
Tsjerke fan Westerwijtwerd

De tsjerke fan Westerwijtwerd is in romanogoatyske sealtsjerke út de 13e iuw.

Muorreskildering mei Fryske kampfjochters.

De tsjerke waard oarspronklik wijd oan Marije. It skip hie oarspronklik twa traveeën, mar waard yn 'e 16e iuw langer makke, sadat de ynearsten lossteande toer oan 'e tsjerke fêst kaam te sitten.

De noardmuorre yn de tsjerke hat in opmerklike muorreskildering fan twa Fryske kampfjochters út de 13e of 14e iuw.

Yn 1971 waard de tsjerke oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Yn 'e tsjerke is in skynfront fan in oargel yn 'e styl fan Van Oeckelen. It is yn 1902 yn 'e tsjerke set, mar it hat nea in ynstrumint hân.

Ofbylden ynterieur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tsjerke fan Westerwijtwerd fan Wikimedia Commons.