Springe nei ynhâld

André Aubertin

Ut Wikipedy

André Aubertin, ek Obertin, (Lotaringen) wie in klokkejitter yn it iere 17e-iuwske Nederlân. Yn de jierren 1620-1624 wurke er op mei François Simon.

Yn 1629 wurdt by dat twatal in Nicolas Royeir neamd. De namme Royeir wurdt op de oanbelangjende klokken op ferskate wizen stavere. Nicolas Rogier wurdt ek neamd as er yn 1628 en 1630 allinnich mei André Obertin gearwurket. De belutsen klok ferhellet dat Nicolas Rogier de broer fan André Obertin wie. Twa jier letter wurdt Rogier as Rovier stavere. En as er yn 1629 allinnich jit, hjit er Nicolas Roeieer. Mar net ien fan dy nammen komt yn Lotharingen ûnder de dêr fêstige klokkejitters foar. Mar de efternamme Rosier komt yn de buert. André Obertin hat oars fan 1624 oant 1635 ek allinnich klokken getten.

  • André Lehr, Van paardebel tot speelklok. De geschiedenis van de klokgietkunst in de Lage Landen. Zaltbommel, 1971, 2e printinge 1981, s.167.
  • Henry Ronot, Dictionnaire des fondeurs de cloches du Bassigny. Dijon, 2001

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: