Tsjerke fan Ringe
Tsjerke fan Ringe | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
plak | Ringe | |
adres | Kirkepladsen 4, 5750 Ringe | |
koördinaten | 55° 14' N 10° 28' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Fún | |
Kaart | ||
De Tsjerke fan Ringe (Deensk: Ringe Kirke) is in tsjerkegebou fan 'e Deenske Folkstsjerke út likernôch 1200.
Boubeskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opfallend is de toer, dy't yn Ringe op de súdlike kant fan it koer set is en net lykas wenst oan 'e westlike kant fan it skip. Dêrnjonken hat de toer ek in pear opfallende renêssânse gevels út 1614. Dat jiertal stiet ek op de súdlike gevel fan 'e toer.
It koer en de trije meast eastlike traveeën binne de oarspronklike tsjerke. Al ier wie der in útwreiding fan it skip nei it westen ta. Letter waard in skip oan 'e noardlike kant oanboud. Ek de toer en it portaal binne lettere útwreidings.
Preekstoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel yn 'e tsjerke waard oan it begjin fan 'e 19e iuw oernommen fan de kapel fan Fjellebro. De kûp is fersierd mei fjouwer fjilden oer it lijen fan Jezus. Oarspronklik stie de preekstoel oan 'e súdlike muorre by it raam, mar yn 1914 ferhûze de preekstoel nei de hjoeddeiske lokaasje. De kûp rêste op it stiennen fûnemint fan de stiennen foargonger; by it weibrekken fan dat fûnemint yn it ramt fan 'e ferhûzing waard de bysûndere foet ûntdutsen dêr't de preekstoel tsjintwurdich op stiet. De foet stelt in figuer foar dy't in tsjelk omheech hâldt, mooglik de âldtestamintyske preester-kening Melchisédek.
It hjoeddeiske alter is 17e iuwsk. It hie oarpronklik barokke fleugels fan ingels. Mooglik fûnen de minsken dy barok te útwrydsk, om't de fleugels op in beskaat stuit ferwidere binne. It hjoeddeiske alterskilderij is ferskillende kearen ferfongen en dus net oarspronklik. Ien fan 'e eardere alterskilderijen fan Jezus yn 'e hôf hinget no yn it tsjerkeskip.
De tsjerke besit in doopfont dat nei alle gedachten like âld is as de tsjerke sels. De koperen skaal wurdt op 1400 rûsd.
Hans Gregersen skonk yn 1887 it fotyfskip fan in fjouwermester.
It noardlike skip tsjinne eartiids as kapel foar ferskate famyljes. De sarkofagen dêr ferhûzen yn it earste fearn fan 'e 20e iuw ûnder de flier fan de kapel, sadat de eardere kapel wer troch de gemeente brûkt wurde koe. Under de toer en súdlik fan 'e tsjerke is noch wol in echte kapel, de moarmeren Eichstedtkapel, dy't yn 1776 yn opdracht fan de ofsier Hans Henrich von Eickstedt ynrjochte waard. Yn 'e moarmeren sarkofaach ûnder it rút rêst de ofsier, yn de eastlike sarkofaach syn soan, dy't al yn 1770 op jonge leeftyd ferstoarn wie. Yn it portaal is in sânstiennen grêfplaat út 1560 ta neitins fan Lammehave Jørgen Skinckel en Margaretha Valkendorph. Oan 'e oare kant fan 'e yngong is in plakette mei de nammen fan 'e preesters en dûmny's sûnt 1437..
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske oargel waard yn 1963 troch Marcussen & Søn boud en hat nei in útwreiding yn 1989 no 15 stimmen. De oargelas waard yn it ramt fan de restauraasje yn 1998 yn 'e hjoeddeiske kleur skildere. Oarspronklik wie dat ljochtiken fan kleur.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|