Ringe
Appearance
Ringe | ||
Tsjerke fan Ringe | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Faaborg-Midtfyn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | plak 6.607 (2023) gemeente: 52.253(2023) | |
Oerflak | gemeente: 637,00 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 5400 Bogense | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 55° 14'N 10° 28'E | |
Offisjele webside | ||
www.fmk.dk | ||
Kaart | ||
Ringe is in stêd en in eardere gemeente op it Deenske eilân Fún.
It plak leit 23 km súdlik fan Odense, 23 km noardlik fan Svendborg, 29 km súdwestlik fan Nyborg en 26 km noardeastlik fan Faaborg. Ringe leit yn 'e regio Súd-Denemark en is it haadplak fan 'e gemeente Faaborg-Midtfyn, mar Faaborg is wat ynwennertal oanbelanget wat grutter.
Eardere gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1970 en 2006 wie Ringe it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. Dy gemeente hie in oerflak fan 153,95 km² en der wennen yn 2012 5.598 minsken.
Sûnt 1 jannewaris 2007 is de hiele gemeente by de nije gemeente Faaborg-Midtfyn yndield.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johannes Gandil (1873-1956), Deensk fuotballer en atleet
- Palle Lykke (1936-2013), Deensk hurdfytser
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Ringe is in tradisjoneel Deensk tsjerkegebou út likernôch 1200 mei in toer dy't opfalt troch syn gevels út 1614.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ringe Museum, Kirkepladsen 6 (streekmuseum yn 'e âlde skoalle fan Ringe).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ringe (Midtfyn) fan Wikimedia Commons. |