Svendborg
Svendborg | ||
Haven | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Svendborg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | plak: 27.594 (2023) gemeente: 59,735 (2023) | |
Oerflak | gemeente: 417.00 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 5700 Svendborg | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 55° 3'N 10° 36'E | |
Offisjele webside | ||
www.svendborg.dk | ||
Kaart | ||
Svendborg (Dútsk: Schwenburg) is in Deenske havenstêd en nei Odense de op ien nei grutste stêd op it eilân Fún. It is it haadplak fan 'e gemeente Svendborg en it plak heart by de regio Súd-Denemark.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fermelding fan Svendborg datearret út 1229, doe't kening Valdemar II de stêd oan syn skoansuster joech. De namme Svendborg komt fan 'e Dútske wurden Schweine (bargen) en Burg (kastiel) en der wurdt tocht dat de namme ferwiist nei de brúnfisken (dy't yn it Dútsk Schweinswale neamd wurde).
Yn 'e midsiuwen waard de stêd fersterke en mei bolwurken omfieme. Resten fan 'e bolwurken binne by de Skt. Nicolai Gade en de Krøyer's Have te sjen. Op 'e súdwestlike grins fan 'e stêd stie oan it ein fan 'e Skattergade de Skattertårnet, dy't in grutte rol spile yn 'e tiid fan it Deenske greveskeel. De toer waard yn 'e jierren 1658-1659 ferneatige troch Sweedske troepen.
Yn 1236 stiften Fransiskanen in kleaster yn Svendborg. De oan Sint-Katarina wijde kleastertsjerke waard yn 1828 ôfbrutsen. Ek de oare kleastergebouwen, dy't nei de reformaasje in oare funksje hiene, waarden yn 'e 19e iuw ôfbrutsen.
Eastlik fan it sintrum stie eartiids it Kastiel fan Ørkild, dat yn 'e 13e iuw mooglik troch Valdemar de Grutte boud waard. Oarspronklik wie dat in houten kastiel, dat letter ferfongen waard troch in gebou fan kleastermoppen. It kastiel wie oant 1534 fan it bisdom Odense, doe't it troch de ynwenners fan Svendborg yn 'e brân stutsen waard. Yn 'e tiid fan it greveskeel stipen de ynwenners Kristiaan II en nei't hja it kastiel yn 'e brân stutsen hiene teagen hja nei Odense om dêr it paleis fan 'e biskop te plonderjen. De rebellen waarden yn 1535 ferslein by de Slach op 'e Øksnebjerg troch it leger fan Johan von Rantzau, mei as gefolch dat Svendborg plondere waard troch oanhingers fan Rantzau. It gebiet dêr't it kastiel stien hat is hjoeddedei in park.
Nei it greveskeel makke de stêd stadichoan wer opgong en yn 'e 16e iuw en de earste helte fan 'e 17e iuw wie Svendborg sels de belangrykste havenstêd op Fún. Nei de plonderingen troch Sweden sochten in soad ynwenners fan 'e stêd earne oars in wenstee en yn 1672 hie de stêd noch mar goed 1000 ynwenners.
Yn 'e 18e iuw gie it wer wat better, alhoewol't de stêd te lijen hie fan grutte brannen yn 1749. Yn 1769 telde de stêd 1714 ynwenners. Nei't de stêd foar in hiel skoft gjin lêst mear hie fan oarloch, makke de skipfeart en de hannel yn nôt yn 'e 19e iuw wer in grutte bloei mei. Troch de oarloch mei Ingelân wiene de earste twa desinnia lestich, mar fral yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw woeks it ynwennertal foars.
Yn 'e 20e iuw ûntwikkele Svendborg him ek ta in wichtich yndustriëel sintrum, mar tagelyk hold it syn bining mei de see. De stêd hie fral yn 'e fiedsel, izer- en metaalsektor belangrike bedriuwen en Svendborg hie ferskillende maritime opliedingen. Ek de befolking groeide fierder, al gie it relatyf net sa hurd mear as yn 'e 19e iuw. Stagnaasje wie der yn 'e Earste Wrâldkriich, de krisis fan 'e jierren 1930 en de Twadde Wrâldkriich. Om 't it gebiet yn 'e besettingstiid as militêr gebiet net in soad betsjutting hie, wiene der net in soad Dútsers. It wie de besetter der fral om te dwaan dat it de haven foar de fiedselfoarsjenning feilichsteld waard, fral nei de earste klappen oan it Eastfront.
Yn 1953 fierde de stêd syn 700-jierrich bestean.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1672 | 1769 | 1801 | 1845 | 1890 | 1901 | 1925 | 1940 | 1950 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1009 | 1815 | 1942 | 3858 | 8755 | 11.543 | 18.589 | 20.139 | 23.216 |
Jier | 1960 | 1970 | 1981 | 1990 | 2000 | 2010 | 2013 | ||
Ynwenners | 24.240 | 24.203 | 23.847 | 26.248 | 27.499 | 32.785 | 35.788 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it sintrum fan Svendborg steane twa midsiuwske tsjerken: de sûnt 1180 boude Nikolaastsjerke en de sûnt 1250 boude Us-Leaffrouwetsjerke. West fan 'e stêd lei it leproazenhospitaal Sankt Jørgensgård. By it hospitaal hearde ek in oan Sint Joris wijd tsjerkegebou. Tsjintwurdich is dat it iennige noch besteande leproazekompleks fan Denemark.
Yn de histoaryske binnenstêd binne noch in tal fakwurkhuzen.
Om de stêd hinne binne boppedat noch in tal kastielen en lânhûzen, lykas yn Broholm, Hvidkilde, kastiel Valdemars en it kastiel Egeskov. Egeskov is ien fan 'e moaiste wetterkastielen fan Europa dat troch in soad toeristen besocht wurdt.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Forsorgsmuseum, Grubbemøllevej 13 (museum oer de skiednis fan it Deenske wolwêzen)
- Naturama, Dronningemaen 30 (Natoerhistoarysk museum)
- Valdemars Slot, Slotsalleen 100
- Lystsejladsmuseet, Frederiksø 16F (Sylboatemuseum)
- Taasinge Museum, Kirkebakken 1A (Histoarysk streekmuseum)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside, foar boarnen en literatuer sjoch: da:Svendborg.
|