Tsjerke fan Noardwyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke fan Noardwyk

Kerk van Noordwijk

Noardwyk (Grinslân), Herf. tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Noordwijk (Groningen) wapen.svg Mearum
adres Westerweg 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 28293
oare ynformaasje
webside Side tsjerklike gemeente

De Tsjerke fan Noardwyk (Kerk van Noordwijk) oan de Westerwei yn Noardwyk (Grinslân) is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De earder herfoarme tsjerke wurdt brûkt benammen brûkt foar kulturele aktiviteiten, mar út en troch ek foar fespertsjinsten fan de protestanske gemeente Mearum-Noardwyk.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De op in keunstmjittige ferheging steande tsjerke waard nei alle gedachten yn it begjin fan de 14e iuw fan kleastermoppen boud yn de styl fan de romanogotyk. Oan de noardlike kant fan it koer is noch in tichtsetten yngong foar de preester. Yn 1868 fûn in grutte renovaasje fan de tsjerke plak. Dêrby waard de noardlike muorre wer yn oarder makke en alle finsters oanpast. Ek waard de tsjerke bepleistere mei in patroan yn blokfoarm.

De wynwizer op de dakruter ferwiisd nei it wapen fan Carel Ferdinand von Inn- und Kniphausen, hear fan Nienoard, dy't patroan wie fan de tsjerke. De dakruter is yn 1710 boud en krige fan Von Inn- und Kniphausen in yn 1712 yn Amsterdam getten klok. It oerwurk stamt fan 1866 en is troch de Grinzer ynstrumintmakker H. Deutgen makke.

Van Oeckelenoargel

Yn 1999 waard de tsjerke oernommen troch de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Yn 2004 waard út ein set mei in restauraasje. De earder wite tsjerke krige doe de oarspronklike okergiele kleur werom. Ek waard de ynrjochting werombrocht nei de 19e iuwske sitewaasje. Op 30 septimber 2005 koe de tsjerke wer offisjeel yn gebrûk nommen wurde.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ienskepige tsjerke stiet in preekstoel út 1600. De renêssânse preekstoel is fan ikehout makke mei ebben ynliswurk en stie eartiids yn de tsjerke fan Midwolde. Letter hat de kânsel yn De Like stien en fan dêrwei kaam de preekstoel nei Noardwyk. Oan it begjin fan de 20e iuw fûnen guon it doophek oerstallich. It ferdwûn út de tsjerke en kaam as hikke úteinliks yn de stâl fan in pleats by Drachten telâne. Nei de restauraasje krige ek it doophek wer in plak yn de tsjerke. Fierder binne in 17e iuwsk doopfont en in 18e iuwske kronluchter it neamen wurdich.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De herfoarme gemeente koe yn 1871 troch feanferkeap foar 1.700 gûne in oargel bouwe litte troch Petrus van Oeckelen út Haren Yn 2010 waard it strieminne oargel folslein demontearre en yn Soest troch de oargelboufirma Elbertse restaurearre.[2] Op snein, 22 april 2011 waard it ynstrumint wer op 'e nij yn gebrûk nommen.[3]

It hat ien manuaal en oanhongen pedaal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: