Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Critzum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Critzum
Critzumer Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Critzum
koördinaten 53°17' N 7°21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status Kultuermonumint
Webside
www.reformiert.de/gemeinde/critzum.html
Kaart
Tsjerke fan Critzum (East-Fryslân)
Tsjerke fan Critzum

De Tsjerke fan Critzum (Dútsk: Critzumer Kirche) is in protestantsk tsjerkegebou yn Critzum yn 'e gemeente Jemgum yn 'e Eastfryske lânkring Lier. De tsjerke waard yn 'e 13e iuw op in terp boud.

Yn 'e midsiuwen foel Critzum ûnder de proasdij Hatzum fan it bisdom Münster. Mei de reformaasje gyng de gemeente oer op 'e grifformearde lear. Sûnt 1555 binne de nammen fan 'e predikanten byholden.

Oargel.

De sealtsjerke waard yn 'e 13e iuw yn it sintrum fan it doarp op in rûne terp boud en tsjinne foar de lokale haadlingen as wartsjerke. Hjoed-de-dei is de tsjerke noch mei in brede grêft omfieme. It gebou wurdt oan 'e eastlike kant troch trije swiere steunbearen ûnderstipe. De lytse rûnbôgige finsters en portalen yn 'e lingtemuorren binne letter tichtmitsele, mar oan 'e súdlike kant binne de romaanske finsters bewarre bleaun.

Yn 'e 15e iuw fûn in grutte ferbouwing plak. De plompe klokketoer fan it "sletten type" soe eartiids heger west ha en foar de skippen op 'e Iems as fjoertoer tsjinne ha. Sûnt 1917 mist de 13e-iuwske klok, dy't nei alle gedachten doe omraand waard foar wapens.

Yn it ienfâldige ynterieur stiet in wyt-ferve preekstoel mei fergulde aksinten. De preekstoel datearret út de twadde helte fan 'e 17e iuw en is fersierd mei froulike fabelbisten, mooglik sfinksen of sirenen. Nei in renovaasje telt de tsjerke noch mar ien sark, dy't yn it middenpaad leit. Fan it liturgyske reau besit de tsjerke in beker út 1668, in yn 1783 skonken skaal, in tinnen doopskaal (1831) en in nijsulveren kanne (1869).

It oargel waard as skoaloargel yn 1853 troch Christian Heinrich Wolfsteller yn Hamburch boud. It ferhûze yn 1939 nei de tsjerke fan Critzum, dêr't de firma Eberhard Friedrich Walcker it oargel mei behâld fan it neogoatyske front ferboude. De Krummhörner Orgelwerkstatt renovearre it ynstrumint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Side Evangelisch-reformierte Gemeinde Critzum