Springe nei ynhâld

Tromp’s Huys

Ut Wikipedy
Tromp's Huys

It Tromp’s Huys is in museum op Flylân. It sit sûnt 1956 yn it âldste hûs fan it eilân, oan de Doarpsstrjitte, dat de status fan ryksmonumint hat.

It pân waard yn 1575 boud en hat it wenhûs fan in tal kommissarissen fan de Admiraliteit west. Nei 1896 waard it bewenne troch in famylje Akersloot dy't it gebou syn namme joech. Cornelis Tromp spile in grutte rol as admiraal op de doe Deensk-Noarske float. Keunstneresse en seeskilder Betzy Akersloot-Berg (Aurskog (Noarwegen), 1850 - Flylân, 1922) hie hjir letter har atelier dat útseach op de eardere Sudersee.

It museum jout in byld fan it maritime ferline, sa is der in samling (see)kaarten en skipsmodellen. Ek oer Flylân is der in soad te finen, sa wurdt omtinken jûn oan it ûntstean fan it eilân, wêrûnder ferdwûne gebouwen en it yn 1736 ferdwûne doarp West-Flylân. Der is ek oandacht foar goudskip La Lutine en de bekende Flylanners Willem de Vlamingh (ûntdekkingsreizger) en Jan Jacob Slauerhoff (dichter/skriuwer en skipsdokter)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: