Transfiguraasjekleaster (Moerom)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Transfiguraasjekleaster
Transfiguraasjekatedraal (lofts) en refter mei Foarbeatsjerke (rjochts)
Transfiguraasjekatedraal (lofts) en refter mei Foarbeatsjerke (rjochts)
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Vladimir Oblast.jpg Vladimir
plak Flag of Murom (Vladimirskaya oblast).png Moerom
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1096 (stifting); âldste bouwurken 17e iuw

It Transfiguraasje- of Ferlossserkleaster of it Kleaster fan de Transfiguraasje fan de Ferlosser (Russysk: Спа́со-Преображе́нский монасты́рь; Spaso-Preobrazjenski Monastyr) is in kleaster foar muontsen fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn it bisdom Moerom. It kleaster stiet op de linker kant fan de Oka yn Moerom, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stifting fan it kleaster wurdt ferbûn mei de letter hillich ferklearre prins Gleb Vladimirovitsj. Nei't er fan syn heit it foarstendom Moerom krige, koe de prins him net tusken de heidenen nei wenjen sette en liet er syn hôf boppe in steile, mei bosken oerdutsen, kant fan de Oka bouwe.

It kleaster komt yn de kroniken foar as it earste fan alle kleasters fan Ruslân en waard neamd yn in dokumint út 1096 yn ferbân mei in striid fan de Tsjernigov-prins Oleg Svjatoslavitsj tsjin de soan fan Vladimir Monomach, prins Izjaslav Vladimirovitsj fan Moerom. De troepen fan Izjaslav waarden ferslein en prins Izjaslav sels ferstoar yn de striid.

In twadde kear dat it kleaster neamd wurdt is yn ferbân mei de dea fan prins Joeri Vladimirovitsj († 19 jannewaris 1175) as it plak dêr't de prins begroeven waard.

Tsjin it ein fan de 15e iuw waard it kleaster op 'e nij yndirekt neamd yn in skriuwen fan de aarstbiskop nei oanlieding fan de dea fan in bojaar út Novgorod, Fjodor Boretski, dy't foar syn dea keas foar it monastike libben yn it Transfiguraasjekleaster, yn dy tiid it iennige kleaster foar manlju yn Moerom.

Transfiguraasjekatedraal

Yn it midden fan de 16e iuw, nei in súksesfolle fjildtocht fan Ivan de Ferskriklike tsjin Kazan, bleau de tsaar yn Moerom en joech er opdracht ta de bou fan ferskate stiennen tsjerken, wêrûnder de katedraal fan it Transfiguraasjekleaster. Alhoewol't yn de rin fan de tiid in soad ferbouwings folgen, bleau de katedraal it oarspronklike oansjen hâlden. Dy tiid foarme it begjin fan de ekonomyske heechtiid fan it kleaster. Tsaar Ivan joech it kleaster in soad lân en hy bleau dêr ek sliepen. De ynventarislist fan de stêd Moerom beskreau it kleaster yn 1624 en 1636-1637 as "ide residinsje fan de foarst", in befestiging dat de foarst in aktive rol spile yn it kleasterlibben.

Yn 1616 foelen troepen fan de Poal Aleksander Józef Lisowski it kleaster oan. By it offensyf hie it kleaster slim te lijen fan fernielings.

Doe't patriarch Nikon herfoarmings yn de otterdoksy trochfierde, wegere it kleaster de nije regels te akseptearjen. It kleaster waard in bolwurk fan âldleauwigen en de doedestidske argimandryt Antoni skreau tsaar Aleksej I oer syn beswieren tsjin de herfoarmings en frege oft de tsjerklike feroarings fan Nikon wol mei de segen fan de tsaar plakfûnen. Yn 1662 waard de argimandryt yn opdracht fan de aartsbiskop fan Rjazan en Moerom de lieding fan it kleaster ôfnommen en yn 1666 opdroegen nei Moskou te kommen. Nei't Antoni syn spyt betsjûge hie oer syn ferset waard er net werom stjoerd nei Moerom, mar nei it Kirillo-Belozerski-kleaster.

Hûs foar de kleasteroerste (1687)

Yn de jierren 1680 makke in grutte jefte fan de metropolyt Varsonofi, dy't ôfkomstich wie út in keapluskaai út Moerom, oan it kleaster ferbouwings mooglik. Njonken de bou fan in twa ferdjippings tellend gebou foar de kleasteroerste waard it fertutearzge efektoarium op 'e nij boud. Yn de jierren 1720 waard in lyts seminaarje op it kleasterterrein boud, ornearre foar de bern fan de geastlikheid.

Klassisistyske Poartetsjerke (1805)

Yn 1765 namen de tsjerklike autoriteiten it beslút om it Borissoglebski-kleaster yn Moerom te feroarjen yn in parochytsjerke. De muontsen waarden oerbrocht nei it Transfiguraasjetsjerke.

center>It tsjin it ein fan de 19e iuw tafoege gebou foar de muontsen (1891)

Fan 1866 oant 1868 wie it de argimandryt Gavriil (1795-1868), earder in heechleraar tsjerklik rjocht en dêrnei filosofy oan de Universiteit fan Kazan, dy't it kleaster liede en wie de earste histoarikus fan de filosofy. Tsjin 1877 wie ûnder argimandryt Antoni (Iljenov) de steat fan ûnderhâld fan it kleaster striemin. Jild om it op te knappen wie der net. Nei in reis nei Atos yn 1878 brocht Antoni in kopy mei fan de ikoan fan de Mem Gods Skoroposlûsjnitsa, wêrfan't it orizjineel troch it Dochiariou-kleaster bewarre waard. De ikoan brocht troch in grutte oanrin fan nije pylgers genôch jild yn it laadsje om it kleaster yn de jierren 1880 te restaurearjen en in nij gebou fan trije ferdjippings foar de bruorren te bouwen.

Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oktoberrevolúsje waard biskop Mitrofan fan Moerom beskuldige fan stipe oan de opskuor fan 8 en 9 july 1918 tsjin de bolsjewiken ûnder lieding fan kolonel Nikolai Pavlovich Sakharov, dy't kommandant wie fan it eastlike détasjemint fan it Noardlike Frijwilligersleger. Dêrom lieten de bolsjewiken it kleaster slute. Yn 1918 en 1919 bleau de Transfiguraasjekatedraal noch iepen as parochytsjerke, mar yn de jierren 1920 waarden de tsjerken ynsprektearre troch fertsjintwurdigers fan it Museum fan Moerom. Yn 1929 waarden de gebouwen beset troch militêren en diels de NKVD. Tagelyk waard it begraafplak, dêr't tsien jier earder noch boargers waarden begroeven, fan it kleaster ferneatige. It wie gewoane minsken net mear tastien op it kleasterterrein te kommen.

Nei de fal fan de Sovjet-uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 1990 stjoerden boargers fan de stêd Moerom in iepen brief, meiûndertekene troch it stedsbestjoer, oan it bisdom Vladimir om dêrmei de oerdracht fan it kleaster oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke te stypjen. Ek de akademikus Dmitri Sergejevitsj Lichatsjov ûnderstipe dat fersyk mei in brief op 8 oktober 1990 oan de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, Aleksi II.

Yn de maaitiid fan 1995 ferliet de militêre ienheid it Ferlosserkleaster om it oer te dragen oan de Tsjerke. Neffens de earste abt fan it kleaster wie it in deprimearjende ûnderfining te sjen hoe slim oft de gebouwen der oan ta wiene. Mar al gau slagge it om fan de boufallen wer in bewenber kleaster te meitsjen en yn de jierren 2000-2009 folge in deeglike restauraasje.

Op 8 july 2011 brocht Dmitri Medvedev in besite oan it restaurearre kleaster.

Monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster telt fiif monuminten dy't beskôge wurde as monuminten fan nasjonaal belang:

  • De fiifkoepelige Transfiguraasjekatedraal út 1552;
  • De refter fan twa ferdjippings mei Foarbeatsjerke (1691);
  • Gebou foar de abt (1687) mei de Tsjerke fan de sân hillige martlers fan Chersonesos (1911);
  • Poartetsjerke fan Syril Belozerski 1807-1810;
  • Kleastersellen (1890)

Oare gebouwen:

  • Sergius fan Radonezjtsjerke (2005)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский монастырь (Муром)