Springe nei ynhâld

Tom van Mourik

Ut Wikipedy
Tom van Mourik
politikus
Tom van Mourik (2019)
Tom van Mourik (2019)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum7 maart 1957
berteplakSnits
partijVVD
Wethâlder fan Flylân
amtsperioade2007-2012
Waarnimmend boargemaster Memameradiel
amtsperioade2012-2017
Waarnimmend boargemaster Smellingerlân
amtsperioade2017-2019

Tom van Mourik (Snits, 7 maart 1957) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Hy waard grutbrocht yn Ferwert as soan fan boargemaster W. van Mourik (1919-1980) en gie nei de Kristlike skoallemienskip 'Oostergo' yn Dokkum.
Hy wurke by de gemeente Dokkum (1977) en sûnt 1980 lange tiid by Tytsjerksteradiel. Dêrnjonken wie er aktyf yn lokale polityk. Van Mourik wie fan 1998 ôf VVD-fraksjefoarsitter by de gemeenteried fan Ljouwert. Begjin 2003 waard er wethâder yn Ljouwert en soe dat trije jier bliuwe. Maart 2007 waard er yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân keazen en ek dêr waard er fraksjefoarsitter. Teffens waard er yn dat jier wethâlder yn Flylân. Yn 2011 waard Van Mourik troch de oare steateleden keazen ta bêste steatelid mei de measte kennis fan saken [1] .
Ier yn 2012 folge syn beneaming ta waarnimmend boargemaster fan Menameradiel; hy wie dêr de opfolger fan Gerrie van Delft-Jaasma.
Fan 15 july 2017 oant 6 maart 2019 wie er waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân. Op 26 maart 2019 waard er yn dy gemeente opfolge troch Jan Rijpstra (* 1955)[2].

Tom van Mourik waard yn april 2025 foardroegen as nije wethâlder fan de gemeente Flylân. Hy ferfangt Roel de Jong, dy't yn april fan dat jier opstapte. Van Mourik sil de funksje ferfolje foar de oerbliuwende riedsperioade fan likernôch in jier. [3]

Van Mourik is troud mei sjoernaliste Irene Overduin.

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tom van Mourik VVD lost Johannes Kramer FNP af als beste statenlid. Friesch Dagblad, 16 febrewaris 2011
  2. Breeduit, ynformaasjekrante gemeente Smellingerlân, 14 maart 2019
  3. Tom van Mourik voorgedragen als wethouder op Vlieland: "Met plezier aan de slag". Omrop Fryslân, 11 april
  4. Breeduit 26 july 2018, s. 6